Friduwih Riemersma

Shaken: de Fryske Akademy en de statistyk

logo.ensafh

Shaken: de Fryske Akademy en de statistyk

De Fryske Akademy hat op har Taalweb Frysk en de staveringsoanpassing (http://www.fryske-akademy.nl/nl/taalwebfrysk-faq/), ûnder it kopke: ‘Hoefolle feroaret it wurdbyld troch de staveringsoanpassing?’ in opmerklike útlitting dien. “De wurden (ynklusyf gearstallingen en ôfliedingen) dy’t wizigje, meitsje wat frekwinsje oanbelanget mei-inoar 0,07% út fan [it totaal fan] 8 miljoen wurden.” Ik haw dêr hurd om lake, hoewol’t gûle miskien mear op syn plak west hie: it wie in tige kontraproduktive foarm fan gerêststellende retoryk.

Pieter Breuker hat yn syn artikel “Trije jier ‘stúdzje’, € 378.000 subsydzje en dan dit (IV). Sitaat foar de sneintejûn: Lies, damned lies, and statistics” al it ien en oar opmurken oer it polityk tapassen fan statistyk. Hy hat der ek op wiisd dat se by de Fryske Akademy bêst benul hawwe fan it beheinde nut fan statistyk─fan hokker kwantifikaasjes dan ek─foar it taalbelied. Ommers taal is in sosjaal ferskynsel en net in natuerferskynsel dat men op natuerwittenskiplike wize bestudearje kin. Mar de Fryske Akademy wol blykber op alle wizen, de statistyske ynbegrepen, bewize dat se har hast fjouwer ton subsydzje oan mienskipsjild oan it fergriemen binne, mei in feroaring fan noch gjin ien persint.

Mar ik bin net wis fan it benul fan de Fryske Akademy. It ferkeard tapassen fan statistyk komt tink ik ek om’t de Fryske Akademy gjin wittenskippers yn tsjinst hat. Dat wol sizze, út It Beaken, tydskrift fan de Fryske Akademy, blykt kear op kear in ûntbrekken fan akademysk tinken. Der wurdt HBO-ûndersyk dien, mei ‘akseptearre’ metodiken, lykas de fiif kritearia ‘dy’t gongber binne yn ‘e wittenskip’. It nivo om kritysk oer dy útspraak nei te tinken is der net. Mar ‘gongber’ is echt wat oars as ‘effektyf’ of ‘geskikt’ en hielendal wat oars as ‘it meast geskikt fan alle oare mooglike kritearia, omdat…’. ‘De’ wittenskip bestiet dêrneist net want wittenskip is altyd dynamysk, dialogysk, dialektysk en net-dogmatysk.

​It sifer 0,07 is ek misliedend om’t it persintaazje feroare wurden hielendal neat útmakket foar de kosten dy’t makke wurde moatte by it ynfieren fan dy nije stavering. Hiele lesmetoaden en boeken moatte ommers omstavere wurde en net inkeld 0,07 persint fan in boek of 0,07 persint fan alle boeken, hiele websiden allyksa, alle stiennen moatte út de Ljouwerter winkelstrjitten om de gedichten om te staverjen en net inkeld 0,07 persint fan de stiennen. In útjouwer sei tsjin my dat it útjaan fan in nije printinge fan in Fryske roman, as it net in klassiker of in Durk van der Ploeg is, sa goed as ûnmooglik wurdt troch de omstaveringskosten. Want de omstaverder is net tefreden mei in salaris fan 0,07 persint.

En witte wy wol seker dat it getal 0,07 net hielendal optocht is? It is sa’n moai magysk getal. Unopsetlik tink ik hieltyd: Shaken, not stirred.

Friduwih Riemersma, 11 nov 2014

2 reaksjes op “Shaken: de Fryske Akademy en de statistyk

  1. As in fiksjeskriuwer lykas ik 0,07 persint feroarje moat fan in metafoar dan is de metafoar nei de kloaten. Mei oare wurden, Guon farianten kinne net skrast wurde, omdat dan de nuânse fan de literêre ekspresje gjin literatuer mear is. Doe’t ik it hie oer kommaneukers wie ik ynienen te âld om dêroer mei te praten – neffens de wurdfierder fan de FA.

  2. eins is dy wiziging al goed foar de ekonomy, want dy stiennen moatte oanpast wurde, de boeken opnij besjoen en witnetwat, in bulte wurk. datoangeande is der neat op tsjin, mar sil dat ek dien wurde? fierders hie ik wol benijd west nei it wurdbyld fan de kollum yn de litigieuze stavering om te sjen hoe’t de tekst der dan útsjocht. sa haw ik yn in tekst fan mysels konsekwint it wurd boek (de beam) as bûken skreaun sûnder der oer te stroffeljen. it wie de útspraak dy’t my wekker makke.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *