
Yn Den Haach lûke se rûnom de stekker út ûnder it motto dat it folk him mar rêde moat. Se ha it dan oer partisipaasje. Steatssekretaris Van Rijn tilt minder swier oan dat wurd want hy fynt dat ik net nei ús omke hoech of yn alle gefallen net moat. Dêr tinkt ús mem hiel oars oer. No koe se dêr mooglik wol op ’e bus hinne mar dan binne jo al mei al twa oeren deis ekstra kwyt en dat hat dat minske hielendal net oan tiid. En sels ride yn de stêd doart se net. Dus.
Lês fierder by Daam