
Iepen brief oan de hear Speerstra,
It is moai dat jo alwer in pakkend boek skreaun hawwe oer minsken dy’t in bak ellinde oer harren hinne krigen. Oft it no giet oer emigranten, Nederlânske soldaten yn Ynje, jo litte op oangripende wize sjen fan hokker gefolgen sokke saken binne. Faak binne sokke minsken – oft se no yn Austraalje harren plakje net fine koenen of fjochtsje moasten yn Bosnië – swier skansearre, foar jierren, as it net foar harren fierdere libben is.
Jo ûnderwerpen lizze noch ticht tsjin ús wrâld oan. Mei in bytsje empaty kinne wy wol in aardich begryp fan harren mankeminten en problemen krije. Wy moatte hjir sawol nei ‘de dieders’, as nei de ‘slachtoffers’ sjen. Soms binne de dieders sels ek slachtoffer! Of in slachtoffer wurdt dieder, sa as Grutte Pier. In yngewikkelde matearje!
Mar witte jo hoe lang’t soks trochgean kin? Hoe faak de problemen, de skamte, de útstjittingsprosessen har yn in folgjende generaasje en de dêrop folgjende op ’e nij, wer en wer opponearje. Fan útdôving is sa goed as gjin sprake. Dêrom soe ik wolris witte wolle yn hoefier de 80-jierrige oarloch noch hjoed de dei slachtoffers makket.
Wiene jo foarfaars 100% Oranjeklant? Wiene se lid fan anty-Alva groepen? Stelden se harren boaten ta beskikking fan de Wettergeuzen?
En Leidens boargemaster Van der Werf, moat dy net in offisjele heldestatus krije? No wurdt syn sizzen: ‘At jimme honger hawwe yt my dan mar op,’ sjoen as in healwiis praatsje.
De list fan grouwélichheden útfierd troch spanjoalen is lang en ferskuorrend en guon minsken – dy’t fia stambeamûndersyk op de wierheid fan ’e 80-jierrige oarloch stjitten – fertelle hoe’t der yn dy famyljes noch altyd pasjinten fûn wurde mei ûnferklearbere pinekop, magesoer, hertklachten ensfh. Tige fergelyber mei jo minsken. Ik doar wol te stellen dat de hjoeddeistige Van Oldebarnevelders, de Egmonden en Hoornes en minder bekende figueren in syklik geslacht útmeitsje.
No haw ik it noch mar oer ien [80-jierrige] oarloch, lit stean dat wy alle oarloggen dy’t dêrnei noch oer ús hinne kamen of dy’t op ús inisjatyf útbrutsen yn ús skôging behelje soenen. De tocht nei Chatham, de slach yn ’e Sont en dy by Kijkduin, allegear sitewaasjes en ‘avontoeren’ dêr’t minsken geastlik blessearre fan werom komme, at se al werom komme.
Jo hawwe gelyk, de skriuwer moat fierder sjen as ’40-’45!
ôfgeunst? Of mis ik no wat? Wat is der dochs mis mei immen dy ‘t blykber skriuwt wat minsken graach lêze?
Of is it dan gjin goed boek mear?
Hoefolle hat Verf verkocht?