
Feuilleton
23
De taksysjauffeur seach in bytsje fersteurd doe’t Seleina him oanspruts, krekt as helle se him earne út wei. Hy hie him deljûn op ’e Ahu oan ’e foet fan de iennichste mo-ai yn de rige mei in pukao op. Se komplimintearre him mei it trommeljen en begûn doe oer de fûgelmankultus. Se sei, dat se it spitich fûn dat dy net mear bestie, want dan hie se sjen kinnen hoe’t er as earste mei in fûgel yn ’e hân boppeoan de klif by Orongo ferskynde.
De taksysjauffeur seach har wantrouwich oan.
‘Ik ha dy in pear dagen lyn út dyn taksy stappen sjoen,’ sei se.
Se hie besletten om har oan him op te kringen en no soe se trochsette ek, hoewol’t se har beskamme fielde.
‘Ik ha hjir gjin nocht oan,’ sei de taksysjauffeur.
Se frege him nei syn namme.
‘Dy sis ik fansels net.’
‘Lit ús dan by it trommeljen bliuwe,’ sei se.
‘Der falt fierders neat oer te sizzen. Do hast it ommers begrepen.’
‘Dyn slaggen kamen oan, ja. Hiel djip.’
Syn eagen gongen yn in flits oer har hinne.
‘Dat is moai,’ sei er, ‘ik gean. Ik ha myn fingers no noch.’
‘Wy kinne it beskôgje as in hillige died,’ sei se.
Mar hy rûn by har wei.
Seleina rûn by de Ahu wei nei de see ta.
Sa as hast alle dagen tocht se der oan hoe’t se troch it doarp nei it iennichste hûs rûn wie. Se hie har fûl konsintrearre op ’e gedachte dat se troch gjinien sjoen wurde soe en dy gedachte waard oanfitere troch de oare, dat dy man syn hân ek by har ûnder de rok stutsen hie. Se hie yn ’e greep west fan in deadlike lilkens en nei de moard yn dy fan grutskens en panyk en dy hiene har nea wer loslitten, mar se hie se omklamme mei in izeren behearsking. Se frege har ôf wat ekstaze by har foarstelde. Net echt in soad, oars hie se taksysjauffeur net gean litten.
Seleina hearde wat achter har en draaide har om. It wie Alexander.
‘Ik seach de taksysjauffeur allinne fuortgean.’
‘Ja, wy gean ek,’ sei se.
Se fielde dat se by Alexander harsels wêze koe om’t se har oan him bleatjûn hie. En hy him oan har, alteast sa kaam it har oan. Ja, Alexander en sy hiene in ferbûn sletten.
By it konsert de oare jûns by Ahu Te Pito Kura op ’e noardkant fan it eilân oan ’e râne fan ’e rotskust sieten se hân yn hân. De Ahu hie ien mo-aibyld mar dat wie noch net wer oereinset, it lei foaroer mei de hoed in pear meter fierder. De mo-ai wie bekend om’t er mei syn hast tsien meter de grutste fan it eilân wie. Flakby wie in seremoniële sirkel fan losse stiennen, sa’t der withoefolle op it eilân wiene, mar yn dizze lei in rûne, moai grutte, magnetyske monolyt. Krekt as Paul, Günther en Li Juyi wiene se der omhinne rûn.
‘Men wit nea wêr’t it goed foar is,’ hie Paul sein, ‘mar ik ha neat mei algemy.’
Li Juyi hie der op reagearre mei te sizzen, dat men mei sokke dingen net spotte moast.
En Günther Vogel hie sein: ‘Hoe bestiet it dan datst Mahleriaan bist!’
Paul Mols hie lake.
Nêst de fjirde symfony stiene der fiif lieten út Des Knaben Wunderhorn op it programma. Se soene fertolke wurde troch de pianist Igor Somov en de bariton Dean Armstrong.
‘It wurdt foar my as Belch oars in bysûndere jûn,’ sei Paul Mols, ‘sopraan Marloes Boonen, dy’t jûn ‘Das himmlische Leben’ sjonge sil, is in lângenoate fan my.’
‘Kinst har persoanlik,’ sei Seleina.
‘Ja, ja, ik sil moarn mei har lunsje.’
‘Das himmlische Leben?’ sei Alexander.
‘Ja, it fjirde diel is in symfoanysk liet, ek ien út ’e rige Des Knaben Wunderhorn,’ sei Paul.
Krekt as op ’e eardere jûnen bestie it publyk út sa’n fiifhûndert minsken, foar it grutste part hieltyd deselden. Mar Seleina en Alexander seagen no pas foar it earst Pablo Ramirez, de pakesizzer fan in freon fan Pablo Neruda, dy’t harren op it fleanfjild fan Santiago in gedicht fan Neruda foardroegen hie. Hy siet in pear rigen foar har en se seagen him om’t er him even nei har omdraaide.
It skoft foel nei it earste diel fan de symfony.
‘Dat duorre net lang,’ sei Günther.
‘No kinst fuort mar sizze hokker tekstrigels ast keazen hast,’ sei Seleina.
‘Ja, die lieten út Des Knaben Wunderhorn. De teksten ha har útfallen, de fouwer dy’t wy jûn heard ha, binne my al te nayf en simpel, mar sa’t Mahler se op muzyk set hat, dat is treflik. Mar ik moat wat kieze en dat kom ik út by de earste en twadde strofe fan ‘Selbstgefühl’. It wurdt simpel sein, mar eins, hoe moat men it oars sizze as men it hiel direkt sizze wol:
“Ich weiss nicht, wie mir’s ist!
Ich bin nicht krank und nicht gesund,
Ich bin blessirt und hab’ kein’ Wund’,
Ich weiss nicht, wie mir ist!
Ich tät gern essen und schmeckt mir nichts;
Ich hab’ Geld und gilt mir nichts,
Ich weiss nicht, wie mir ist!”
Ja, Li Juyi, skodholje mar, dit is neat foar dy, dit is te dizich foar in Sinees.’
Li Juyi lake.
Pablo Ramirez rûn nei harren ta. Hy fûstke mei Seleina en Alexander en Seleina brocht him mei de trije oaren yn ’e kunde.
‘Dat wy dy net earder sjoen ha,’ sei Alexander.
‘Ik ha oan it djipseedûken west en oan it fiskjen. Jimme ha fansels de mo-ai’s al by del west. Ik ha der net mear as in skean each op smiten. Ik bin net sa’n man fan it ferline, fan de fergonklikheid. It is moai dat Neruda oer Rapa Nui dichte hat. Dêrmei hat er wat ûnfergonkliks makke. Orongo, de lokaasje fan it fûgelman-ritueel hoech ik eins ek net hinne. Ik moast hjir in kear hinne, mar dat it sa lang duorre hat, seit oer my alles. Ja, en no bin ik hjir jûn. Eins foaral om jim tsjin te kommen.’
‘Bist teloarsteld yn it eilân?’ sei Seleina.
‘De rampsillige skiednis fan dit eilân,’ sei Pablo, ‘ik ha my der in bytsje yn ferdjippe. It minskdom bout en fernielt tagelyk. Neruda, ús dichter, is de man fan ’e oanklacht en fan de fiergesichten. Dy woe him net op ’e kop sitte litte. Yn it lêste gedicht fan syn Canto General stean dizze rigels: “mar fûnst net allinne lilkens / yn syn tûken; syn woartels sochten net allinne it leed, earder de krêft.”. En oer syn besite oan dit eilân skriuwt er: “fan dy, seeroas, absolute rots, / jou ik my suver ôf, dyn heldere wyn ferstowend; / ik libje blau, mealich, ûndûbelsinnich op.” Ik bin sinysker, mankeliker, dat konstatearje ik by mysels. En dêr wurd ik net bliid fan.’
Seleina seach Pablo Ramirez oan en tocht: ik moat my wol lichter fiele as him, dat is myn iennichste wapen.
‘Wat tinkst?’ sei er.
‘Dat Mahler dy te lichtsinnich is.’
‘Fansels net. Yn Mahler sit alles, mar syn ultime klanken binne etearysk, op ’t lêst dan mar fuortsweve, dat is syn boadskip, hoe lûd syn apoteoazes bytiden ek mei in klap einigje. Miskien is dat it bêste en iennichste wat der by einsluten op sit, mar it befrediget my net. Ik tink dat it earliker is om de gewelddiedichheid as lêste blink nei foaren te heljen.’
‘Dy rigels fan Neruda by syn ôfskied fan Peaske-eilân, dy’tsto niis oanhellest en de fjirde fan Mahler dy’t wy jun hearre passe eins goed byinoar. De harmony oerhearsket,’ sei Paul Mols.
‘Sjoch,’ sei Günther Vogel, ‘ik ferkear yn it libben yn in komfortabele posysje, en jim liket my ta ek, dan is alles maklik sein.’
‘Mienst dat?’ sei Paul, ‘gjin mins ferkeart yn in komfortabele posysje.’
‘Der binne ferskillen,’ sei Li Juyi.
Alexander sei doe, dat er as soldaat yn ’e Balkanoarloch bygelyks in skoft kampoppasser west hie.
‘Miskien noch krekt gjin kampbeul,’ sei Paul.
‘Dat bedoel ik,’ sei Alexander Boban.
‘Jimme kinne wol fan alles sizze en de saak besykje te nuansearjen,’ sei Günther Vogel, ‘mar wy hearre ta in befoardielde kategory.’
‘Seleina en ik ha justerjûn noch in skoftke op ’e kompjûter nei Kokoschka syn ‘Windbraut’ sitten te sjen,’ sei Alexander, ‘sa’n skilderij fielst yn dyn liif.’
‘Ja, dy Alma Mahler,’ sei Paul, ‘Kokoschka hat by einsluten like mâl om him hinne stien te sjen as Mahler.’
‘Wat in frou!’ sei Seleina.
It wie oan de twadde helte fan it konsert ta.
‘It petear dat wy hiene,’ sei Seleina, ‘hat my hielendal út ’e sfear fan ’e muzyk helle.’
‘Moatst even werom nei de lêste klanken fan it earste diel fan de symfony,’ sei Paul, ‘nei it weistjerren of leaver weisweven mei hoarnklanken, it mei sêfte fioelen weromkommen fan de muzyk en dan de krêftige mar leaflike en ynhâlden oplibbing yn noch in pear maten.’
‘Ja, ik ha se,’ sei Seleina.
‘Watfoar ferskining wurde wy jûn op traktearre?’ sei Alexander tsjin Günther Vogel, ‘dêr ha wy it noch net oer hân.’
‘Sjoch ûnder it lêste diel nei de magnetyske stien, nei de monolyt,’ sei Günther.
Under it twadde en tredde diel fan de symfony blonken de eagen fan Günther Vogel en Li Juyi. Seleina hie hieltyd de gewaarwurding dat se hearlik swiet iten yn ’e mûle hie en dat de muzyk har widze. Paul Mols hie meastentiids de eagen ticht, dêr’t syn gesicht de yndruk by joech as hie er in fisioen en hearde er yntins nei wat yn ’e fierte. As er de eagen iepen hie lutsen se ûnwillekeurich nei syn lângenoate, sopraan en ljochthierrige goadin Marloes Boonen, dy’t al heal foaroan op it poadium klear siet foar har partij yn it fjirde diel. Alexander lei hieltyd de hân op Seleina harres om’t er om it hurtsje it gefoel hie dat er net mear wie dêr’t er wie.
It tredde diel wie ôfrûn, Marloes Boonen kaam oerein en naam har plak foaroan op it poadium yn. Doe’t se har yn postuer sette, skodde se even mei har gesicht, sadat har lokken even beweegden. It like even as woe Paul Mols stean gean, mar hy hâlde him yn. Nei de ynliedende maten sette Marloes Boonen fleurich útein:
‘Wir genießen die himmlischen Freuden,
Drum tun wir das Irdische meiden,
Kein weltlich Getümmel
Hört man nicht im Himmel!
Lebt alles in sanftester Ruh’!
Wir führen ein englisches Leben!
Sind dennoch ganz lustig daneben!
Wir tanzen und springen,
Wir hüpfen und singen!
Sankt Peter im Himmel sieht zu!’
Nei dizze earste strofe joech Günther Vogel de oaren oan om links fan it poadium te sjen nei wat him dêr boppe de sirkel mei de kûgelrûne monolyt ôfspile: Gustav Mahler beweegde him dêr swevend en dûnsjend troch in bosk, wylst er in hân oan it ear hâlde om te harkjen. Doe fleagen der fûgeltsjes om syn holle hinne en even letter ek de monolyt út de sirkel. Seleina seach even oft Paul Mols, dy’t rjochts fan har siet, wol each foar it tafriel hie. Dat wie fansels net sa, hy hie allinne each foar Marloes Boonen. Se stjitte him oan. Doe’t er Seleina har finger folge foel syn mûle iepen.
Kein’ Musik ist ja nicht auf Erden,
Die uns’rer verglichen kann werden.
Elftausend Jungfrauen
Zu tanzen sich trauen!
Sankt Ursula selbst dazu lacht!
Cäcilia mit ihren Verwandten
Sind treffliche Hofmusikanten!
Die englischen Stimmen
Ermuntern die Sinnen,
Daß alles für Freuden erwacht.
Li Juyi mocht nei ôfrin sizze hokker part fan de symfony him it bêste foldien hie.
‘Fansels,’ sei er, ‘it lêste diel is ûnfoarstelber moai, mar dochs befalt my as Sinees it twadde better. Ik hâld it leaver by it ierdske fan de Ländler.’
Alexander Boban seach Mahler-biograaf Henri-Louis de la Grange even allinne stean en rûn nei him ta.
‘Nim my net kwea,’ sei er, om’t ik wit wa’t jo binne, bin ik nei jo ta kommen.’
‘Sis it mar,’ sei De la Grange.
‘Ik kaam yn jo boekje ‘Op syk nei Gustav Mahler’ in opmerking fan jo oer it lêste diel fan de fjirde symfony tsjin. Ik ha it fan ’e middei noch in kear opsocht. Jo sizze dat de ‘Finale’ neat parodistysk hat en dat foar Mahler de ideale bernewrâld dy’t er skept in ûntwyk en in treast is.’
‘Ja, en hoe is dy ‘Finale’ jûn op jo oerkommen?’
‘Gewoanwei sein: as wat moais. Ik bin gjin kenner, ik wit neat fan muzyk, dizze dagen hear ik Mahler foar it earst. Mar út jo boekje begryp ik dat der wit wat oer te sizzen falt. Jo grutte biografy, soe ik dy lêze moatte?’
‘Jo falle mei de doar yn hûs. It is mar krekt wat jo wolle. Jo kinne ek gewoan op jo eigen wize harkje.’
‘Ja, mar ik ha jo boekje lêzen. Ik bin al fierder as jo doe yn New York, doe’t jo Mahler foar it earst hearden. Mar jo earen ha de hiele Mahler meimakke, jo witte alles oer him en jo in hiel libben achter jo.’
‘Wat is jo achtergrûn?’ sei De la Grange.
‘In bernetiid yn in boeredoarp yn Kosovo en it oarlochsgeweld fan de Balkan-oarloch. Twa utersten. Troch myn Servyske ôfkomst en om’t ik yn it Servyske leger tsjinne ha, sil ik nea nei myn berneplak werom kinne.’
Paul Mols kaam by harren te stean en doe Günther Vogel, Li Juyi, Seleina en Pablo Ramirez ek.
‘Ik hearde niis wat nuvers,’ sei Pablo, ‘in pear lângenoaten fan my hiene it deroer. Der moat hjir in lid fan it orkest ûntfierd wêze, in Serviër.’
Doe’t Seleina en Alexander wer tegearre wiene, sei Seleina: ‘It is tink dat it it bêste is dat wy yn alle gefallen net weromgean mei de flecht dêr’t wy foar boekt ha. It kin bêst wêze dat de polysje ús yn Santiago opwachtet.’
‘Wy moatte sjen dat wy hjir weikomme,’ sei Alexander.
Se besleaten om harren yn alle gefallen net wer sjen te litten en Paul Mols yn fertrouwen te nimmen. Mar as earste soe se fansels de oare deis kontakt opnimme mei Pedro Vidal.
‘Wêr bin ik mei dy oan begûn?’ sei se tsjin Alexander.
Dy krige har fêst en tilde har op it bêd.
(wurdt fuortset)