
Nije wike woansdei, dat is 3 desimber, is der in gearkomste fan it Skriuwerboun belein. Plak fan hanneling is kafee Wouters yn Ljouwert, sa as meastal it gefal by fergaderingen fan it Boun. Ien fan de wurklistpunten sil de wûndere wrâld fan Stifting Tsjil wêze. In pear bestjoersleden fan dizze nije stifting, yn it libben roppen mei as wichtichste punt yn de statuten: befoardering fan de ferkeap fan Fryske boeken en boeken oer Fryslân, binne dy jûns oanwêzich en sille troch immen yn ynterviewfoarm befrege wurde.
Yn dat ramt soe it moai wêze as der in soad kollega’s oanwêzich binne. De Stifting Tsjil wol graach Fryske boeken ferkeapje en besiket dêrmei de slim ynsakke sifers wer wat yn de goede rjochting by te stjoeren. Omheech. Nochris, it soe aardich wêze as der woansdei in protte skriuwers nei Wouters komme. Dan kinne der ideeën útwiksele wurde oer hoe’t ien en oar trochgean moat en hoe’t dat yn de eagen fan de skriuwers moatte soe. Of yn guon harren eagen miskien wol net trochgean moat, wa sil it sizze.
Stifting Tsjil, dat doe noch net bestie, hat nei in pilotaksje yn 2013 yn Bitgum, Bitgummole en Ingelum yn 2014 op mear plakken mei boeken by de doar del west. Wat earst tsien doarpen wurde soe, kaam troch spontane oanmeldings boppe de tweintich út. Wat hat it bestjoer meimakke yn de tariedings, hoe is ien en oar ferrûn, wat hat it opsmiten en is dat neffens de gedachten dy’t we dêr yn it foar oer hienen? Allegearre fragen dy’t grif oan de oarder komme.
It hat de Ljouwerter krante en de Omrop net helle, mar der wie op 15 novimber yn Hoogeveen in konferinsje oer streektalen. Oft it yn it FD stien hat wit ik net. Dat de Fryske krante en de Omrop der net wienen sil der grif mei te krijen ha dat it Frysk in Rykstaal is en gjin streektaal. Foar it oare liket it my sa ta dat de problemen dy’t oare minderheidstalen ha, net folle ferskille mei de swierrichheden dêr’t it Frysk foar stiet, dus wat dat oanbelanget hienen de Fryske sjoernalisten wol efkes út it stee komme kinnen, mar it mocht net sa wêze. In miste kâns.
It Dagblad van het Noorden, Kruispunt Radio en RTV Drenthe wienen der wol om ferslach te dwaan. Sa wie der dy jûns op de lanlike radio te hearren dat se yn Fryslân ‘met kruiwagens vol boeken bij de deuren langs gaan.’
Yn it DvhN wie yn in artikel te lêzen dat de Drinten nei oanlieding fan in ferhaaltsje fan de foarsitter fan Stifting Tsjil oer hoe’t it format fan dy sutelboel no krekt yninoar sit, oerwagen om mei in Drintske fariant fan de alâlde Fryske sutelaksje te kommen. Omdat it oant no ta de meast effektive wize fan ferkeapjen fan Fryske boeken blykt te wêzen en de Drinten ek mei delgong yn boekwinkels en dêrmei ferkeap fan Drintske literatuer te krijen ha.
Om yn in fluch feroarjende wrâld de mooglikheden en ûnmooglikheden fan it yn stân hâlden fan skreaun, sprutsen en lêzen minderheidstalen ris oer te eidzjen soe it Fryske skriuwende folk nije wike woansdei dus ta de doarren útstean moatte. It rint tsjin tolven.