Yn Nes wenje gjin Marokkanen

logo.ensafh

Wy binne wer thús. Fryslân, lân fan Friezen, of sjoch en harkje nei de fize, ynsinewearjende mar krekt net planút stellende ynternettekstkes fan Eeltsje Hettinga en Elske Schotanus, de Jut & Jul dy’t inoar neipratend ivich en altyd en oeral it brune gefaar sjogge, it nasjonalisme dat út ’e bocht fljocht, it rassisme dat om ’e hoeke klear stiet. Mar gelokkich is it FAFK alive & kicking.

It nijste slachtoffer fan dit duo – dat syn praktiken mar gewoan útoefenje kin op it worldwideweb, sûnder replyk te krijen, sûnder in wjerwurd, sûnder in spoar fan in troch har ferûnderstelde ‘Fryske Mienskip’ dy’t der wat tsjin yn bringe kinne soe – is de alsidige keunstner Gerrit Breteler út Nes. De clip by syn nijste nûmer Simmertreast (yn ’e mande mei Syb van der Ploeg) doocht net, want der komme allinnich mar blonde famkes yn foar.

De earste dy’t har bittere galle kwyt moast, wie Elske op www.go-gol.nl (16-10): “Nearne yn it noarden fan Fryslân falt in Sjinees, in Iraniër of in Marokkaan te bekennen; de froulju ha omtrint stik foar stik wyt hier en de manlju ride as hearskers op harren hynders yn in lânskip dat net bedoarn is troch grize skimmel en grutte diken. It jeit troch de fjilden en jachtet ûnder de kust troch, wêrachter men, noch krekt net, de blanke top der duinen sjocht. De byldtaal is dy fan ’e jierren tritich (..).”

Mear op it weblog fan Abe de Vries

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *