André Looijenga

Taalweb: de Fryske taalmienskip wachtet op ferstannige amendeminten

logo.ensafh

De spesjalisten en deistige brûkers fan de Fryske taal binne noch hieltyd bot ferdield oer de útstelde staveringsferoaring en de Fryske wurdlist. Dat blykte ek út de presintaasjes en de diskusje op de jûn dy’t de Fryske Akademy op moandei 1 desimber dêroer belein hie. Yn de taalmienskip is der gjin ienriedigens oer it nut fan in feroare skriuwwize fan guon Fryske wurden. Likegoed sil Provinsjale Steaten op woansdei 10 desimber in beslút nimme oer Taalweb, dêr’t op dit stuit de staveringsferoaring noch diel fan útmakket.

De diskusjejûn yn Tresoar wie troch de Fryske Akademy ynearsten tocht as in besletten gearkomste mei Steatenleden. Uteinlik waarden oare belanghawwenden dochs talitten. Der wiene in lytse fjirtich oanwêzigen – net in bytsje foar in sa let iepenbier makke jûn –, mar net alle Steatenfraksjes hienen fertsjintwurdigers stjoerd. Sa grut is by Fryslâns folksfertsjintwurdigers de ynhâldlike belangstelling foar de Fryske taal dêr’t hjá it foech oer hawwe dus ek wer net.

Hindrik Sijens (Fryske Akademy) joech in ynlieding oer de ferskate ûnderdielen fan Taalweb. Dit bestiet út trije digitale ynstruminten dêr’t de skriuwers en lêzers fan it Frysk yndie in protte profyt fan ha sille. It Wurdboekportaal makket de besteande wurdboeken online trochsykber, de Oersetter is in automatyske oersethelp (ferlykber mei GoogleTranslate) op basis fan in sij it noch frij lyts twatalich korpus, en de Staveringshifker kin brûkt wurde om teksten te kontrolearjen op staveringsflaters, op hollannismen en op standertfoarmen. De Staveringshifker is lykwols net it soarte fan direkte spellingcheck (fuortdaalks reade weachjes ûnder fout skreaune wurden) dat mannichien yn it Nederlânsk typen wend is.

Oan de Staveringshifker te’n grûnslach leit de nije Wurdlist. (Yn eardere stikken ek offisjeel oantsjutte as Standertwurdlist.) Dizze list jout ynformaasje oer stavering, bûging en ôfbrekking. Der hat in seleksje plakfûn: de Wurdlist is op grûn fan frekwinsje yn it skreaune Frysk, fan distânsje ta it Hollânsk en fan lykfoarmigens, gearstald út in folle gruttere list fan besteande Fryske wurdfarianten. Dizze ʽnet-standert’ foarmen fan wurden jilde net as min Frysk, mar sille troch de Staveringshifker markeard wurde as ʽnjonkenfoarmen’.

Oan de Wurdlist giet in beskriuwing fan de, op 10 desimber o.s. nij fêst te lizzen, stavering foarôf. Dêryn stiet ek de nije regel foar û/oe (dat ʽdroech’ ʽdrûch’ wurdt, en ʽútnoeging’ ʽútnûging’), de regel foar f/v yn lienwurden (ʽtelevyzje’ wurdt ʽtelefyzje’ ensfh.), en it ôfskaffen fan de letterkombinaasje ʽieu’ (in perioade fan 100 jier wurdt tenei dus ʽiuw’).

Fan de troch de Fryske Akademy útnoege seis folgjende sprekkers, leinen Jelle Bangma (Cedin) en Peter van den Bergh (riedshear-plakferfanger gerjochtshôf Ljouwert-Arnhim) foaral de klam op it praktyske nut fan Taalweb foar it deistich wurk oan Frysktalich lesmateriaal en yn de rjochtbank. Tanneke Schoonheim (û.o. Spellingscommissie Nederlandse Taalunie) fertelde in pear algemienheden oer staveringsferoaring. Koen Eekma (Afûk) wie tefreden oer de Wurdlist, mar spruts syn soarch út oer de staveringswiziging: de nije û/oe-regel neamde er arbitrêr. Eekma murk letter yn de diskusje ek op dat, as de oanpassing sa lyts is, dizze likegoed nét as wól trochfierd wurde kin.

Jan Schotanus (tekstfersoarger) gie benammen yn op de technyske en praktyske kant fan de Taalweb-applikaasjes. De Staveringshifker dy’t der no leit, fynt er te omslachtich. Ek sit er deroer yn noed oft de Staveringshifker up-to-date bliuwe sil, at der yn de takomst hieltyd wer nije ûntwikkelings binne. Hy stelde út dat der in amendemint komt foar in jierliks bedrach om Taalweb technologysk by de tiid te hâlden.

Henk Wolf (ien fan de tsjinstanners; NHL) wiisde op de tûkelteammen dy’t de nije staveringsregels opsmite: dat se like ûndúdlik binne as de âlde, en dat in feroare stavering de kommende desennia krekt foar ekstra ûnwissigens soarget trochdat fierwei de measte beskikbere teksten ynearsten fan fóár de wiziging wêze sille. Fierders hie Wolf frijwat krityk op de manier wêrop’t it proses ferrûn wie: neffens him hat der gjin frije diskusje west. – Berjochten mochten net nei bûten komme. Meiwurkers fan de Fryske Akademy waarden ferhindere om har út te litten oer de plannen. It protestbrief mei 104 ûndertekeners, wêrûnder 4 heechleararen Frysk, waard yn de media delset as ʽin pear minsken dy’t seure’. Op fûnemintiele fragen hat Wolf gjin antwurd krigen: Wat is no echt it draachflak foar staveringsferoaring en standerdisearring? Wat is de didaktyske ûnderbouwing om sa yn te gripen yn de taal?

Ut de diskusje nei it skoft binne foaral fan de fragen, opmerkingen en reaksjes fan de oanwêzige Steatenleden fan belang. Jouke van der Zee (PvdA) liet merken dat hy syn stânpunt al klear hie. ʽDy’ staveringsferoaring sil wol ta falle, it is ʽde muoite skyt net wurdich’, sa’t er letterlik sei. Van der Zee kundige oan: ʽwy jouwe der in klap op’. Mei oare wurden: foar de PvdA-fraksje is it ynfieren fan de nije stavering in hammerstik. Nettsjinsteande alle opskuor dus dy’t it plan feroarsake hat, en alle wjerstân dy’t der noch hieltyd is.

Annigje Toering (FNP) liet yn it foarste plak bliken dat se gjin tsjinstanner fan standerdisearring is. Oer de stavering die se gjin dúdlike útspraak. Toering melde dat se mei ʽin stik as trije’ amendeminten komme wolle, nei oanlieding fan wat dizze jûn oan ’e oarder wie. Want ʽwy moatte ergens útkomme’. Ynze de Boer (ChristenUnie) slute him yn dizzen oan by Toering: ek syn fraksje like foarstanner fan it Taalweb-gehiel te wêzen sa’t it troch de Fryske Akademy presintearre wie.

Nei ôfrin frege ik De Boer nei de amendeminten: dêr waard noch oan wurke. Hy liet lykwols witte: ʽWy geane net oer wurden prate.’ Oanpassingen oan yndividuële staveringsregels binnen it útstel skynde er net oan te wollen.

It wie in jûn fan mingde gefoelens. Der komt yndie in moai nij ʽprodukt’ oan. It animo út de provinsjale polityk wei om yngeand mei it Frysk dwaande, seker fan de opposysjepartijen, stelt teloar. De koälysje liket leaver te harkjen nei de ynstitúsjonele spilers yn it fjild as nei boargerinisjativen. It is te hoopjen dat ik my fersin yn dizze yndruk.

Taalweb is in ferbettering. Mar it komplete pakket hat driuwend in pear ferbetteringen nedich. Goede amendeminten kinne helpe om de wjerstân en de reserve wei te nimmen, dy’t der rûnom bestiet tsjin it útstel dêr’t PS op 10 desimber oer stimt. Mei in lytse oanpassing oan it útstel soe bygelyks de stavering fan ʽieu’ en in hânfol ʽû/oe’-wurden* sa oanpast wurde kinne, dat der yn de deistige skriuwpraktyk noch minder as 0,00safolle % feroaret. Soksoarte ferstannige konsesjes soene helpe om de Fryske taalmienskip echt gerêst te stellen. De ferantwurdlikens leit no by de Steaten.

André Looijenga skreau dizze bydrage op eigen titel, net as redaksjelid

*) It giet dan om ʽieu’ (100 jier), ʽboek’ (beam), ʽdroech’, ʽnoegje’, ʽspoek’ en de ôfliedings dêrfan (bgl. ʽ21e-ieusk’, ʽDroegeham’, ʽútnoeging’): wurden dy’t ienfâldich ûnder in útsûnderingsregel of in ʽis ek goed’-regel te beflappen wêze soene.

4 reaksjes op “Taalweb: de Fryske taalmienskip wachtet op ferstannige amendeminten

  1. TAAL FOAR OERSETMASINES of
    OERSETMASINES FOAR TAAL?

    It Nederlânsk brûkt farianten dy’t yn Flaanderen gongber binne. Skriuwers fan fiksje betinke elke dei nije wurden dy’t soms yn it taalsysteem opnommen wurde – in libbene taal ferriket harsels.

    Yn Baskenlân (France, España) dêr’t ik wenje kinst prate oer in trijetal haaddialekten, dêr’t fariaasjes fan yn it ABB (Algemien Beskaafd Baskysk) opnommen binne. It Baskysk libbet hjoed de dei mear as ea, en ferriket harsels dêrtroch elke dei.

    De Fryske Akadeemje wurdt lieden troch in histoarikus. Sokke lju binne ornaris net mei de takomst dwaande, mar hâlde fan oersicht, sammeljen en it yn kaart bringen – foar oersetmasines bygelyks.
    Op de FA spilet de Fryske Literatuer al jierren gjin rol mear, wylst dy literatuer no krekt de taal yn al har fasetten brûkt en beskriuwt, ek bewarret, foaral ek op ‘e nij foarm jout. Yn al har fasetten.

    As de technokraten miene dat it foar de oersetmasines makliker is om sa min mooglik farianten te hawwen, dan slane se mei de ferkearde hammer op de ferkearde spiker.

    As de technokraten foar de OERSETMASINES alles wat oars is – in fariant, in oare kleur, in ferkearde noas, in oare rook, in oare eachopslach – likwidearje wolle, dan deadzje se de alternativen, de rykdom fan in taal, en taaste se dyselde taal oan. Ik neam dat in foarm fan taalgenoside.

    In taal dy’t reept wurdt moat har yndied yn de rjochtseal ferdigenje (Friduwih Riemersma). Meidat de taal nettsjinsteande se taal is net foar harsels opkomme kin, sille de lju dy’t har brûke dat dwaan moatte.

    Taal koartwykje = minsken koartwykje. Bûge foar oersetmasines is bûge foar foarsisbere taal, in foarsisbere wrâld.

    Opgroeid yn sprutsen Frysk libje ik no yn in seistal talen – oraal, skriftlik en lâns it www. It rike Frysk fan myn memmetaal mei al har fariaasjes hat my dy mooglikheden jûn. Ek as literêr skriuwer.

    BÛGE FOAR OERSETMASINES?
    NEVER EN NOAITNEA…………….

  2. SY IS ALTYD Elske Kampen

    Grutte soargen meitsje ik my om de plannen ta mooglike staveringswizigingen en de standertwurdlist. It rekket my en ik wol besykje út te lizzen wêrom.

    Ferline wike haw ik yn Tresoar in jûn fersoarge foar begjinnende dichters. Ik hie dêrta in opset makke mei skriuwopdrachten, op grûn fan myn eigen ûntwikkeling as dichter. De earste opdracht gie lykwols oer de taal sels, in machtich en kostber ynstrumint dat wy as dichters brûke meie.
    Ik fûn it wichtich dêr oan it begjin fan de jûn by stil te stean en die dat oan ‘e hân fan de lêste strofe fan myn gedicht Sy is altyd út myn earste bondel. Yn dat gedicht is de taal persoanifisearre ta in ‘sy’. In sy dy’t ‘neaken opteard op myn skjinne wyt leit, in leech lichem dat ik oanklaai, in sirkusfaam yn stoffich ljocht’. Yn de lêste strofe is sy lykwols ‘grutsk en keninklik’.
    Foarôfgeand oan dy strofe, spilet him in boartlike striid ôf tusken de ik (de dichter) en de sy (de taal). De ik dy’t earst mient stjoerend te wêzen, mar skriuwendewei sels hieltyd mear it ynstrumint fan de sy wurdt, lytser en lytser wurdt. Sa lyts dat de ‘ik’ optild wurdt troch de ‘sy’ en dan pas werklik sjen kin:

    Dan sy, grutsk glimket se harsels oerein en brekt keninklik
    út myn wynsels wei; myld spegelet har each it famke dat
    harsels sakrekt ferlear. Sy tilt my op en hâldt my heech en
    oer har ljochte râne sjoch ik mysels, inkeld omdat sy der is.
    Omdat sy wurd nei wurd en sûnder ein der altyd is.

    Ik frege de kursisten om, krekt as ik yn myn gedicht dien hie, in byld te betinken mei eigenskippen, dy’t de relaasje tusken de taal en harren as dichters útdrukt. Dêr kamen tige ferrassende, komplekse en omfiemjende bylden út, mei eigenskippen lykas beskermjend, waarm en leaf.

    As ik skriuw, fernim ik altyd hiel sterk de wikselwurking tusken de taal en mysels. It is net inkeld in kwestje fan in knop yndrukke, brûke en wer útdwaan. It is krekt in kwestje fan iepenstelle en fan oerjefte, oant yn de lytste nuânses ta. In proses dêr’t ik my bytiden werklik lyts by fiel, want ik bin mar even mar sy is altyd.

    Wêrom skriuw ik hjir op dit plak oer myn persoanifikaasje fan de taal? Dat doch ik om ‘har’ in sprekbuis te jaan by wat der oer har hinne driget te kommen oan wizigingen.

    Want wa binne wy, dat wy altyd alles dat groeid is mar beknippe en besnoeie wolle, inkeld foar ús eigen gemak, oant der gjin tûkje mear dwersleit, oant alle bledsjes kreas deselde kant útwize? Wat ferniele wy dêrmei foar de generaasjes dy’t nei ús komme? Hokker spoaren wiskje wy sa foargoed út? Wat litte wy sa moedwillich ferdwine? Is de taal ús eigendom omdat wy no tafallich op dit stuit libje en meie wy dêrom mar dwaan wat we wolle? Dwaan wat ús it bêste útkomt? Wat foar ús it maklikst liket? En fan wa is de taal einliks? Wa hat dêr werklik wat oer te sizzen en op grûn wêrfan? Mei oare wurden: hokker rjocht ha wy om ús sa grut te tinken?

    Fansels, taal is net in sy. In persoanifikaasje is inkeld mar in keunstgreep. En myn lûd is inkeld mar it lûd fan in dichter, earne út de marzje wei. Dat mei sa wêze, mar wylst ik dit skriuw, fernim ik hoe’t de taal myn tinken stjoert. Hoe’t myn tinzen fanút it brûken fan dy taal wei ûntsteane. Krekt as myn gedichten. Hoe kin ik noch ryk tinke en skriuwe oant yn de lytste nuânses ta, as it middel dêrta alwer earmer makke wurdt?

    Lit ús de taal bewarje en brûke sa’t dy der no is. Net fanút konservatisme, mar fanwege de oarsprong, it ferskaat en de rykdom: komplekse begrippen, dy’t folle fierder rikke as de doelmjittige eigenskippen fan in handich ynstrumint mei ien gebrûksoanwizing.

    As dichter kin en wol ik fan myn taal gjin inkele nuânse, gjin inkeld trijelûd mear misse en haw dêrom de petysje tekene dy’t de Provinsjale Steaten fan Fryslân opropt om it útstel foar staveringswizigingen en in foarkarslist foar skriftlik brûken fan it Frysk, net oan te nimmen.

  3. Prachtich stik, Elske.
    Net de leksikografen fan de Fryske Akademy meitsje de taal, mar de taalbrûkers sels, dy ferrykje de taal, dy drage by ta de standert (dêr wurdt, oars as guon ús foarspegelje wolle, al ieuwenlang oan boud) en dat allegearre yn in organysk ferrinnend proses. En skriuwers spylje dêryn in grutte rol (yn it Frysk yn ferhâlding noch mear as bygelyks yn it Nederlânsk). En no sil in hantsjefol burokraten ús eefkes de (lês: har) taal foarskriuwe, of better har idee oer de ‘ideale’ taal? Hoe heechmoedich, hoe dom ek. Yn myn bekroande ferhaal foar de KFFB-wedstriid út 2013 foar koarte ferhalen brûkte ik it wurd ‘tsjoenselje’ (sokssawat as ‘omgûchelje’, mei in net te kontrolearjen kant). De redaksje fan de bondel koe it wurd net en it wie ek net yn de wurdboeken te finen, mar dyselde redaksje stie wol iepen foar myn argumintaasje dat skriuwers in fernijende bydrage oan de taal leverje. Hulde!
    De FA-wurdboeken en wurdlisten moatte net lytser, mar just grutter wurde. Dat jout oan dat in taal libbet.

    Pieter Breuker

  4. It primaat fan de masine

    Tankewol Josse. Ek hjir yn Amsterdam late de befêstiging fan FA-direkteur Brand dat it primaat leit by de masinale staveringshifker en de oersetmasine, dy’t mei syn beiden ‘needsaakje’ ta it snijen en knetjsen yn in libbene, natuerlike taal, ta in skok.

    Wat moat men dêr no op anderje? Fansels liede masinale reade weachlyntsjes ûnder de Fryske wurden dy’t net de foarkar fan de FA ha net ta better taalgebrûk. Hoe soe dat ommers kinne? Moaie geve taal leart men troch dy taal yn al syn rykdom te brûken yn in betsjuttingsfolle kontekst.

    It iennichste dat oersetmasines no noch oersette kinne binne juridyske en beliedsteksten, de meast beheinde en ûnnatuerlike sjenres fan al it taalgebrûk. Minsklike, dat wol sizze fernimstige, konversaasje en kreative kommunikaasje kin gjin oersetmasine oan. Dêrfoar is altyd minsklike tuskenkomst nedich. Gelokkich mar.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *