Beart Oosterhaven

Under de stôk opgroeid: Frysktalige popmuzyk anno 2014

logo.ensafh

Yn ’e hjerstfakânsje fan dit jier (13 o/m18 oktober) fierde Omrop Fryslân it earste lustrum fan ’e Fryske Muzykwike. It is fan ’t hjerst krekt twa kear sa ‘lang’ lyn, nammentlik tsien jier, dat ik de kopij ôfsleat foar myn boek De fûgel yn dy. 35 jier Fryske folk- en poplietteksten 1969-2004, dat yn 2005 ferskynde. It earste feit kin net los sjoen wurde fan it twadde.Yn dit artikel lis ik it ferbân út en jou ik de stân fan saken wer oangeande de Frysktalige popmuzyk anno 2014.

Minder PVV
Op moandei 30 augustus 2010, de middeis om 12.45 oere, skreau ik yn in e-mail oan Geert van Tuinen, Jan Ottevanger en Wim Brons fan Omrop Fryslân it folgjende: ‘Nei oanlieding fan ’e reaksjes dy’t ik hân haw op myn meidwaan oan it Sweedske radioprogramma oer Muzyk yn/út Fryslân dat op 25 july l.l. útstjoerd is, freegje ik my ôf oft de kommende kampanje foar (it ynleverjen fan top 5-kes foar) de Fryske Top 100 ek wat djipgeander en ynformativer kinne soe. Wat minder PVV en wat mear deeglike sjoernalistyk. […] My tinkt, soe it net mooglik wêze om as startskot fan ’e kampanje foar de Fryske Top 100 2010 te begjinnen, yn ’e earste wike fan oktober bygelyks, mei in WIKE FAN ’E FRYSKTALIGE MUZYK? Yn dy wike soe dan yn alle reguliere radioprogramma’s dy’t Omrop Fryslân útstjoert ekstra omtinken wêze moatte foar (de) Frysktalige muzyk. As legitimaasje fan dy wike soe tsjinje kinne it omtinken fan ’e Sweedske nasjonale radio foar muzyk út Fryslân en it grutte sukses, ek bûten Fryslân, fan ’e jongste cd’s fan Die Twa en Piter Wilkens.’
Op freed 10 septimber 2010, de middeis om 13.10 oere, krige ik, wer oer de e-mail, fan ‘presintator & muzykredakteur’ Wim Brons fan Omrop Fryslân dít antwurd:
‘Hoi Beert (sic!, B.O.), Tank foar dyn heldere ferhaal. Ik haw goed nijs foar dy: dy “Wike fan de Fryske muzyk” komt der! It sil wêze de lêste wike fan oktober, yn de hjerstfekânsje. Op de sneons 30 oktober is dan de start foar de Top 100. […] Yn dyn mail steane in grut tal brûkbere tips. Tank derfoar!’

Fluitsje fan in sint
Mei dy earste edysje yn 2010 fan wat úteinlik de ‘Fryske Muzykwike’ hjitte soe, waard de ôftraap jûn foar in grutter plak foar de Frysktalige muzyk op Omrop Fryslân. In saak dy’t ik yn 2005 al bepleite hie yn myn hjirboppe neamde boek De fûgel yn dy, dêr’t ik op side 58 yn skreau: ‘dat 27 jier Frysktalige popmuzyk (1977-2004) safolle oan lûddragers en dus lietsjes oplevere hat, dat der wol in radiostjoerder mei te “foljen” wêze soe. As dêr de produksje fan 35 jier Frysktalige folkmuzyk (1969-2004) noch oan tafoege wurdt, is it programmearjen fan sa’n radiostasjon mei allinne Frysktalige folk en pop/rock alhielendal in fluitsje fan in sint.’ Omrop Fryslân liet it lykwols net by de Fryske Muzykwike. Letter waarden op ’en nij prikken yn ’t wurk steld om ’e Frysktalige muzyk mear romte yn ’e programmearring te jaan. Ik kom dêr aanst noch op. Lit ús earst ris sjen hoefolle folk- en pop/rock-acts fan belang – dat wol sizze, dat se geregeldwei op ’e poadia stiene, cd’s makken en harren op radio en tv fertoanden – der yn ’e hjerst fan 2004 sa likernôch wiene; hoefolle fan dyen oft no noch warber binne en hoefolle nije nammen oft der sûnt 2004 by kommen binne.

Oanwaaks fan 18 acts
Yn ’e hjerst fan 2004 haw ik besletten om fan 45 acts dy’t min ofte mear oan ’e krektneamde ‘fan belang-kritearia’ foldiene, 100 lietteksten op te nimmen. Dêr wiene ek guon by fan groepen dy’t doe al net mear bestiene, lykas Irolt, Okke Hel, Reboelje en Swiet & Bjuster. Ear’t ik dy seleksje makke, hie ’k lykwols yn kaart brocht hoefolle bands en solisten oft doe (sa likernôch) yn it Frysk warber wiene. Dat wiene der, fan Adri de Boer oant en mei Xigatze: 48. Fan dyen, mei dêrby noch altiten Adri de Boer en Xigatze, binne anno 2014 noch 21 yn it iepenbier aktyf. De lêste tsien jier binne dus 27 acts ôfheakke. Sjocht men no nei it tal groepen en artysten dat hjoed de dei serieus mei Frysktalich repertoire de streek op is, dan sit dat op, as ik goed teld haw, 45. Ik haw it dan oer nammen dy’t rinne fan Babalive, Jack Bottleneck en Grytz & Grize, fia De Hûnekop, Wiebe Kaspers en NNB, oant Tet Rozendal, Marcel Smit en Gezina van der Zwaag. Wurde by dy 45 ‘nije nammen’ de 21 fan ’e selden dy’t noch jimmer warber binne opteld, dan hâlde anno de hjerst fan 2014 sa’n 66 groepen en solo-artysten harren dwaande mei it (re)produsearjen fan Frysktalige folk- en pop/rockmuzyk. In oanwaaks sûnt 2004 fan (66 min 48) 18 acts. Dat is net iens sa’n gekke útkomst, want as men as solo-artyst of as band Frysktalich repertoire oer de fuotljochten bringe wol, moat ommers rekken hâlden wurde mei de folgjende

Tûkelteammen

-Fryslân is in yn ferhâlding lyts taalgebiet;
-Fryslân is dêrby in tinbefolke rurale krite, sûnder grutte stêdlike kearnen, dy’t boppedat ek noch net allegear like Frysk-minded binne; de stêden Harns en Ljouwert binne dêr foarbylden fan. Om dy reden is it hast net te dwaan om profesjoneel fan allinne Frysktalige muzyk te bestean. Solo-artysten en groepen kinne gewoan net fakernôch spylje, om in ridlik stik brea te fertsjinjen;
-it ûnderwiis yn ’e eigen taal fan Fryslân is in marzjinale oangelegenheid neffens dat yn it Hollânsk en oare ‘frjemde’ talen. Artysten dy’t Fryske teksten brûke wolle, moatte dêrom ekstra motivearre wêze om harren dy taal goed eigen te meitsjen; se komme út in (permaninte) efterstânssitewaasje wei, en
-der is alle dagen sá’n grut bombardemint fan oare talen as it Frysk yn ’e ûnderskate media (radio, televyzje, ynternet, kranten), dat it lang net fanselssprekkend is, dat it publyk kiest foar Frysktaligens, ek wat de muzyk oanbelanget.

Sjenres en nije oanwaaks
De krektneamde fjouwer ‘tûkelteammen’ foar eagen hâldend, is it hast in wûnder, dat de Frysktalige muzyk sûnt 2004 dochs noch mei sa’n 18 acts oanwoeksen is. Der kin wol sein wurde, dat dy muzyk ‘ûnder de stôk’ (yn it Hollânsk: ‘onder de verdrukking’) opgroeid is.
As men sjocht nei de ûnderskate sjenres yn sawol de folk as de pop/rock, dan docht bliken dat fan suver alle sjenres wol fertsjintwurdigers mei it Frysk as fiertaal te finen binne. Ik neam in stikmannich, mei dêrnei de nammen fan fertsjintwurdigjende artysten of bands: singer-songwriter/americana/frisikana: Gerbrich van Dekken, Gurbe Douwstra, Marcel Smit; folkrock: Ernst Langhout, Grytz & Grize, Reizger, Mannemoed; harklietsjes: Gerrit Breteler, Wiebe Kaspers, Grytsje Kingma, Ljoubjr, Bauke van der Woude; sjenremuzyk: Nynke Laverman, Tet Rozendal; wrâldmuzyk: RemoliNo, Souldada; blues: Jack Bottleneck, Chickens Go Mad, Healers, Skraal; pop: De Kast, Mariusz & De Muzikanten, Weima & vd Werf; rock: Babalive, Nicsz, NNB; retrorock: Sipke de Boer, Johannes Rypma, d’Roels; metal: Jitiizer; rap/hiphop: Mc Remon; happy hardcore: De Doelleazen; mainstream: Die Twa, Rob du Jardin.
Sjocht men nei de kwalitative kant fan ’e nije oanwaaks, dan docht bliken dat dêr gâns grutte talinten ûnder sitte. Ik neamde hjirboppe al de nammen fan Gerbrich van Dekken, Jack Bottleneck, Wiebe Kaspers en ’e jonge band NNB. Mar dêr kinne sá noch dy fan Janneke Brakels en Bruno Rummler, de winner fan it festival Liet 2014, oan tafoege wurde.

Ynternasjonaal repertoire yn it Frysk
Wat in goede saak west hat, is dat nei dat fan Jacques Brel (troch Douwe Heeringa yn 1989) de lêste tsien jier fannijs repertoire fan grutte ynternasjonale artysten en bands yn it Frysk beskikber kommen is. Ernst Langhout makke nammentlik yn 2004 respektivelik 2005 de albums Dylan yn it Frysk en Dylan yn it Frysk 2. En neitiid folgen Dylan syn konfraters Cornelis Vreeswijk (troch Piter Wilkens yn 2006 en 2010), Leonard Cohen (troch ûnderskate artysten yn 2008) en Johnny Cash (idem yn 2011). Wurk fan ’e ferneamde boogierock spyljende band Status Quo waard yn 2012, ûnder de besieljende lieding fan Wiebe van der Mei, yn it Frysk op cd fêstlein troch in poerbêste gelegenheidsformaasje mei de namme Stiet as Quo. En tolve nûmers fan ’e Rolling Stones krigen yn 2013, yn ’e fakkundige oersetting fan Hein Jaap Hilarides, in Fryske fertolking troch de Ljouwerter groep The Hangouts op dy harren cd Stones yn it Frysk. Der binne lju dy’t it oersetten fan oarmans lieten nei de eigen taal in teken fan artistike bloedearmoede achtsje. Dat moat ik bestride! Sok oerset wurk heart der gewoan by. It is in teken dat de (muzyk)kultuer fan in gebiet folwoeksen wurden is. Njonken Sophokles, de bibel, Dante, Thomas à Kempis, T.S. Eliot, Shakespeare en Nietzsche moatte ek grutte bûtenlânske muzykkeunstners yn it Frysk, sa’t ik hjirboppe al skeau, ‘beskikber’ wêze. En dat binne se no.

Winst te boeken
Snijt it dan allegear roazen en anjelieren wat de stân fan saken oangeande de Frysktalige lichte muzyk anno 2014 oanbelanget? No nee! Op it stik fan ’e lietteksten bygelyks, is noch in soad winst te boeken. Dat jildt foar de kwaliteit fan ’e taal, mar ek foar de ynhâld. Sa soe ik wol wolle, dat Frysktalige artysten harren yn harren teksten wat mear ‘engazjearren’. De wrâld stiet op ’t stuit op ’e kop, mei konflikten en oarloggen rûnom, streamen flechtlingen (dy’t ek nei Fryslân takomme), rare syktes (ebola) en oerheden dy’t gjin antwurd hawwe op bygelyks de al mar oanboazjende (jongerein)wurkleazens en dy’t de moaiste lânskippen ferrinnewearje wolle mei jildslinende wynmûnen. Sokke saken is lykwols yn ’e lietteksten fan Frysktalige artysten en bands amper wat oer te finen. Positive útsûnderings binne golden oldie Doede Veeman en ’e jonge hearen en dame fan NNB. Dy dogge wól oan maatskippijkrityk yn harren teksten. Mar fierder tilt it op fan ’e leaflike leafdeslietsjes en partikuliere nâlestoareagerij.
En dan is it fansels sa, dat op ’e lanlike suksessen fan De Kast en Twarres mei Frysktalige nûmers fan sa’n fyftjin jier ferlyn, amper in ferfolch kommen is. Allinne teaterdier Nynke Laverman timmeret mei Frysktalich lietmateriaal bûten Fryslân oan ’e wei en Piter Wilkens hie yn Hollân en Sweden sukses nei oanlieding fan syn twa Cornelis Vreeswijk-yn-it-Frysk-albums.
Opmerklik yn boppeneamd ferbân is, dat de earste folslein Frysktalige cd fan De Kast, Dreamflecht yn de tiid (2012), dat werklik in pracht fan in popalbum is, yn ‘Hollân’ mar sa’n bytsje dien hat. Soe soks te krijen hawwe mei it feit, dat de lju bûten Fryslân harren niget wat fan it Frysk ôf hawwe? Dat wol my net oan! My tinkt, it moat earder skreaun wurde op it konto fan in minder adekwate marketing. De suksessen fan ’e Drachtster Iris Kroes yn 2012 en ’e Âldegeaster (Sw-F) Johannes Rypma yn 2013 yn it lanlike RTL tv-programma The Voice of Holland, wize ommers út, dat ‘Fryslân’ noch jimmer in izersterk ‘merk’ is!

Posysje sterker as ea
Mar faaks hoecht it sukses en it hjoeddeiske belang fan ’e Frysktalige muzyk ek alhielendal net ôfmetten te wurden oan eventueel sukses bûten de provinsjegrins. Yn Fryslân sels liket de posysje fan ’e Frysktalige muzyk op dit stuit sterker te wêzen as ea yn ’t foar. De 27ste edysje fan it Aaipopfestival te Nijlân, op 21 april fan dit jier, waard (wer) drok besocht en itselde jilde foar it festival Liet 2014, op 5 maaie yn ’e Prinsetún te Ljouwert. By ‘merklieder’ Omrop Fryslân wurdt mear tiid oan it eigentalige muzykprodukt bestege as ea earder. Yn it begjin fan dit artikel skreau ik al wiidweidich oer (it earste lustrum fan) de Fryske Muzykwike, mar sûnt 1 jannewaris 2011 draait op ynternet ek fjouwerentweintich oeren deis de live stream omropnonstop.nl en yn ’e selde snuorje waard it tal oeren fan Gurbe Douwstra syn ‘Radio Froskepôle’, mei allyksa allinne mar Frysktalige en streektaalmuzyk, útwreide fan ien nei fiif oeren yn ’e wike. Dêroerhinne krije yn Willem de Vries syn radioprogramma ‘Noardewyn’ ek gâns Frysktalige artysten de romte om live fan har hearre te litten.
Al dy Omrop Fryslânaktiviteiten bringe de Frysktalige muzyk neier ta it Fryske publyk. Mar ek lytsere (lokale en kommersjele) omroppen jouwe hjoed de dei in soad omtinken oan Frysktalige lichte muzyk.
Fierder is it moai om te sjen, dat frijwat oarspronklike Frysktalige lieten, lykas fan Gurbe Douwstra (‘Cliffs of Moher’), Strawelte (‘Mem fan Doutzen’) en Bricquebec (‘Strjitlizzer’), covere wurde troch oare Fryske artysten (yn ’e neamde foarbylden troch respektivelik Grytz & Grize/NNB, Eddy Dykstra en De Doelleazen). Dat betsjut, dat der njonkelytsen in muzyktradysje oan ’t ûntstean is, dy’t wolris útrinne kinne soe op in nije ‘kanon’ fan Fryske lieten. Nijere Fryske lieten dus, dy’t (suver) elkenien ken en meisjonge kin. Dêr hat ‘oertrûbadoer’ Roel Slofstra grif allinne mar fan dreame kinnen, doe’t yn 1969 fan syn gitaristyske hân en sjongende mûle de earste ‘serieuze’ Frysktalige folk-lp In spyltuech bin ik ferskynde!

www.frysketop100.nl , www.aaipop.nl , www.omropnonstop.nl , www.liet.nl , www.fryskemuzyk.nl

7 reaksjes op “Under de stôk opgroeid: Frysktalige popmuzyk anno 2014

  1. Lit it fuortdaliks dúdlik weze, de folgjende reaksje is op persoanlike titel, net mei de pet fan redakteur op.

    Oersjoggen binne altiten aardich om in byld te foarmjen en om te sjen wêr’t men op in beskaat stuit stiet. Oersjoggen binne ek gefaarlik, want hoe folslein kin men wêze? Lykwols neamt Oosterhaven dat ‘de Frysktalige muzyk sûnt 2004 dochs noch mei sa’n 18 acts oanwoeksen is’. As er sa krekt (want wêrom ‘sa’n’ en dan sa’n presys getal neame) wit hoefolle oft it binne, hie ik leaver sjoen dat er dy 18 ôfsûnderlik neamt ynstee fan ‘in stikmannich’ en dy te ‘miksen’ mei al besteande acts yn in beskaat sjenre. No is it suver wat PVV-eftich dat er júst dingen achter hâldt en him by de muzyk foar it grutte publyk hâldt. Oosterhaven mei him dan (foar it gemak) beheine ta ‘folk- en pop/rock-acts fan belang’. It hurdere sjenre falt dêr hast by definysje net ûnder mei’t dy net gau op tv en radio komme. Der binne nettsjinsteande genôch dy’t al in nustje cd’s op harren namme hawwe en gauris op poadia steane. Hjirby dus in lytse oanfolling en in pleit foar it hurdere sjenre.
    Jitiizer wurdt karakterisearre as metal (oer dy klassifikaasje falt te tsieren), mar der binne folle mear bands dy’t (ek) yn dy kategory falle en dus net neamd wurde. Dan skriuwt Oosterhaven dat NNB Strawelte covered. Bands as Ald Sear – dy’t dat nota bene mei Jeroen Baba docht – en Jarretank foar harren al (allegearre opnommen op cd’s) wurde net neamd.
    Jarretank mei dan opdoekt wêze, Ald Sear libbet as in tierelier. De klip ‘Se komme foar my’ fan Kramtried komt sa út en troch op Omrop Fryslân, in band dy’t boppedat frijwat engazjearre yn harren teksten is, haw ik my fertelle litten… Dan hawwe wy Kjeld, Houtroth, Redbad (bestiet lykwols net mear), Baldrs Draumar (de sjonger hat trouwens ek Frysktalich solo-wurk), REKKER. Tink ek oan Van Wieren (mear mainstream), Bagger (punk, soe ik sizze, mar besteane dy noch?), Rûs, Spoar 5. En as coverbands neamd wurde, moatte wy Frysellica net ferjitte.
    Ik pretindearje net dat ik folslein bin (in oar mei my fan herten oanfolje), mar fyn dizze tafoeging wol fanneden.

  2. Ik fûn Reina Rodina har plaat hiel opfallend. Esotearyske elektronika en in poging om it gefoel fan de taal ek yn de muzyk te wjerspegeljen. Waard gauris mei Björk ferlike, mar ik fyn har wol filmysker. Hawar, in moai projekt mei groeipotinsje, en faaks in oanset ta muzyk dy’t net allinne yn syn taal Frysk is.

  3. Ferrek ja, Halbe, Rauzer fansels.
    Piiptsjilling is nei foar my, sil ris nei sjen, Arjan.

  4. Bêste Fryske muzykkenners Geart, Kjeld, Halbe en Arjan,

    Hartstikke betanke foar jimme opmerkings en oanfollings.

    Yn in syntetisearjend en tagelyk opiniearjend artikel lykas mines fan 4 desimber 2014 op dizze site, kin men no ienkear net alles neame.

    Ik winskje jimme in soad wille en sukses ta mei wêr’t jimme ek mar mei dwaande binne ‘yn’ ‘e Frysktalige muzyk.

    Mei freonlike groetnisse,
    Beart Oosterhaven
    (Wjelsryp)

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *