Blog Friduwih Riemersma: Leave frou Brand,

logo.ensafh

Ja it is in bytsje dom en ik begryp hielendal hoe’t jo jo fiele. Jo hiene Hanno ommers noch sa warskôge want de Fryske Akademy hat de lêste moanne al genôch gesichtsferlies lijd. Jo man, de direkteur ommers, waard útgniisd, benammen nei dy life radioútsjoering dêr’t jo man syn sizzen dat de staveringshifker inkeld frijbliuwend advys jout oer in foarkarswurd ûnderboude mei: “En als zo’n woord nu fout, eh eh tegen de voorkeur is…”

Lês fierder by Friduwih Riemersma

1 reaksjes op “Blog Friduwih Riemersma: Leave frou Brand,

  1. Brand Transparant

    Brand syn stik yn de LC fan juster sil ik koart oer wêze. Hy fielt him tekoart dien, yn syn ear oantaaste, misbegrepen, ensafh. Mar feitlke argumintaasje? Ho mar. Ik ha wat dat oangiet in rêstich gefoel: de stikken lizze der en wa’t werklik witte wol hoe’t it sit, moat dy mar lêze.
    Mar ik ha noch ál twa opmerkingen.
    1. Brand wol de mienskip leauwe litte dat de Fryske Akademy sa transparant is, sa iepen stiet foar krityk. Wêrom is dan oant de dei fan hjoed ta by net in minske – bûten de steateleden, dy’t aanst in beslút oer de “stavering” nimme moatte – by net in minske dus fan dyselde mienskip bekend hoe’t de Wurdlist derút sjocht, de list mei foarkarsfoarmen? Mei troch myn tadwaan is de Akademy it ôfrûne jier úteinlings mei sa’n 50 foarbylden foar it ljocht kommen dêr’t de kwestje fan foarkarsfarianten yn spilet.
    Ut in opmerking op 1 desimber l.l. fan ien fan de betinkers fan dy Wurdlist witte wy dan noch wol dat dêr 83.000 wurden yn steane en dat it by ‘bergen gefallen’ om farianten gong. Ik ha hieltiten wer frege om dy list iepenbier te meitsjen, dan wit elk wêr’t it om giet, wêr’t en hoe’t de Fryske Akademy seleksje tapast hat. Soenen de steaten aanst werklik witte wêr’t se oer beslute?
    2. Brand is de wittenskiplik direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy. Ferline jier hawwe 104 en dizze wike 179 minsken fan kwizekwânsje har tsjin de plannen fan de Fryske Akademy ferset (dy’t betocht binne troch in hansjewol meiwurkers fan dyselde Fryske Akademy en dêr’t noch minder belutsenen op it provinsjehûs in klap op jûn hawwe, om marris ien fan ús folsk’fertsjinwurdigers’ te sitearjen). Dêr heart men Brand net oer, hy wit it better en dêrom kin er de miening fan al dy heechleararen, taalkundigen skriuwers, sjoernalisten, ûnderwizers ensfh. neist him dellizze. Iepen stean foar krityk?

    Ik soe der aanst mar net ien op nimme as ik Brand wie.

    Pieter Breuker

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *