
De twa advizen kamen tagelyk. “Wat no selssensuer,” sei myn buorfrou. “Gewoan mei dyn fingers djip yn dyn earen it boadskip fersprieden bliuwe.” Myn klacht gie oer de meilydsume op my rjochte blikken sadree’t ik oer de klimaatferoaring begjin, want wa leaut dêr no yn. It is myte, paranoïde fiksje, the dogma of the doomsters. Op itselde stuit krige ik in sms-ke oer it klimaat: “Langst en leafde binne altyd sterker.” Mei de fingers yn de earen, fette ik foar de buorfrou gear, it boadskip fan leafde ferspriede om de wrâld te rêden -wêr ha wy dat earder heard? De útlis dat de wrâld fleurich ôfwachtet om’t it de lêste dei ferwachtet net as ûndergong mar as rêding en dat de wrâld te rêden fan dy rêding absurd is, is wilens in klisjee. As ik de profeet tsjinoer my fyn, liket selssenseur my in útkomst.
“Skriuwe is oars in klimaatfreonlike aktiviteit,” sei de buorfrou. Nee hear, ek net mei enerzjysunige kompjûterynstellings. Prate is noch minder klimaatneutraal. In Amerikaansk rapport oer klimaatferoaring sei dat minsken – de soarte dy’t har fan de rêst fan de libbene skepping ûnderskiedt troch spraak – mei grutte wierskynlikheid de planeet opwaarmje. En dêrop hat Hillary Clinton andere: ‘Hee, dêr kinst my de skuld net fan jaan.’ It probleem mei grappen lykas dizze fan skriuwer-akteur Jay Leno en fan alle uterings fan soarch oer de klimaatferoaring is dat se inkeld de minsken berikke dy’t dochs al oertsjûge binne. Non-fiksje liedt net ta breder bewustwêzen fan it opwaarmjen fan de ierde. Ek is der oanhâldende diskusje oer oft jo de klimaatferoaring wol yn fiksje besprekke kinne. Dat bart wol; der is in mannichte fan apokalyptyske en postapokalyptyske wurken oer net te kontrolearjen klimaatomslaggen, lykas de film Snowpiercer. Wa’t geregeld mei de NS reizget en net sa tefreden is, sjoch nei Snowpiercer! In besykjen om de klimaatferoaring tsjin te hâlden liedt ta in wrâld dêr’t de trein as in perpetuum mobile trochdinderje moat, mar dy trein ferfiert sinjifikant mear lilke manlju dy’t swaaie mei bilen as ús NS, sadat dêrnjonken de ivige fertraging as in ferromming fielt. Mar wêr’t it om giet is oft politike romans wol binnen it sjenre fan de hege literatuer falle.
De koryfee fan de politike roman, George Orwell, leaut dat politisy en keunstners net lykop gean. “It doel fan politisy is altyd beheind, kleure, koarte-termyn, te ienfâldich foarsteld. As in prinsipe fan aksje (…) stiet it it net frij om yn te gean op de patos en de trageedzje fan elk minsklik stribjen. Koartsein, it moat krekt dy dingen útslute dy’t weardefol binne foar keunst.” Milan Kundera, waans boeken yn it kommunistyske Tsjechoslowakije ferbean wiene om har eksplisite politike krityk, wiist it idee fan politike ferantwurdlikens fan de skriuwers fan de hân; neffens him hat de romanskriuwer de estetyske ferantwurdlikens om in literêre tradysje te folgjen en oer te dragen. Politikus en skriuwer Gore Vidal syn provokative romans gean stik foar stik oer de Amerikaanske nasjonale polityk. Mar doe’t in ynterviewer ris frege: “Tinke jo oer jo romans as politike romans?” andere Vidal: “Fansels net.” It probleem is dat in roman nea echt polityk wurde kin om’t it dan inkeld in ynstrumint fan in ideology en dus formalistysk of programmatysk wurdt, ynstee fan in oerjefte oan it proses fan artistike frijheid. De ‘politykheid’ fan in roman kin inkeld beoardiele wurde fan de needsaaklikens en it ferranen út fan it proses nei it produkt ta. Dat artistike proses lit him net troch ideology fêstlizze.
Dochs is yn de lêste tsien jier in nij literêr sjenre ûntstien: cli-fi, koart foar climate fiction. Science fiction oer miljeukwestjes bestie al sûnt de jierren sechstich, lykas J.G. Ballard syn The drowned world fan 1962. Mar wylst sci-fi gewoanlik spilet yn in distopyske takomst bart cli-fi yn in distopysk hjoed en hannelet spesifyk oer klimaatferoaring en it opwaarmjen fan de ierde. It cli-fi-sjenre is gjin niche foar aktivisten en amateurs. Ien fan de grutte nammen ûnder de cli-fi-skriuwers is Margaret Atwood. Yn har The year of the flood hat minsklike begearigens de ierde yn in ferwezen steat brocht. It religieuze aspekt fan de klimaatkwestje komt nei foaren fia de haadpersoanen Ren en Toby dy’t ûnder ynfloed steane fan de sekte fan God’s Gardeners en net leauwe dat yn materieel opsicht oerlibjen genôch is foar oerlibjen fan de minske; dat kin net sûnder de ûnstjerlikheid fan de siel. Jeanette Winterson trochbrekt har gebrûklike magysk-realisme mei cli-fi yn The stone gods. Dy titel ferwiist eksplisyt nei religy en is in reisgids, fûn yn de metro, foar de takomst fan de ierde, dus om de lêzer-op-wrâldreis te ynformearjen en te programmearjen om in ferstannige kar te meitsjen; de roman is iepenlik didaktysk. Fierwei it nijsgjirrichst – en it meast artistyk-literêr – is Ballards The drowned world, dat net sasear giet oer hoe’t minsken har steande hâlde nei of just ûntsnappe oan de Apokalyps, mar oer hoe’t de fysike gefolgen fan in ‘natuerlike’ omslach yn it waar folge wurde troch in psychyske feroaring yn de minsken. Harren ynderlike wrâld mingt him geandewei mei de bûtenwrâld, fan liifmoerlike fantasyen en it kollektyf ûnbewuste út. Dat foarmet in faaie dreamwrâld dêr’t de haadpersoanen mear en mear yn werom glide.
Helpe de cli-fi-romans no om it bewustwêzen fan de miljeukwesje te fergrutsjen? Yn Nathaniel Rich syn Odds agains tomorrow makket in mesk yn de wet it bedriuwen mooglik om har ferantwurdlikens by skea as gefolch ‘acts of god’, oftewol natuerrampen, ôf te keapjen. De futurist Mitchell blykt sa suksesfol yn it foarsizzen fan risiko’s dat er al gau smoarryk is en ‘de profeet’ neamd wurdt. Mar wat begjint as in satire op de risiko-yndustry dêr’t kapitalistyske bedriuwen lykas fersekeringsmakelders flink fan profitearje en dêr’t de risiko’s ek werklik tanimme troch it kapitalistysk systeem sels, slacht al gau om yn ûntwyk fan konklúzjes. Oan de ein fan Odds against tomorrow binne de risiko’s gelyk en noch altyd kommersjalisearre en rampen bliuwe kommen en libbens nimmen. It cli-fi-boek lost de tsjinstelling tusken engaazjemint mei reaksje op miljeurisiko net op krityske wize op om’t dy just in symptoom binne fan it tinken oer it klimaat yn in kapitalistyske wrâld.