
Feuilleton
24
Nei it kontakt mei Pedro Vidal hiene se besletten om net de weromflecht te nimmen dy’t se boekt hiene, mar in pear dagen letter te gean en dan net nei Santiago, mar nei Papeete op Tahiti en dêrwei fia Sydney yn Australië nei Europa werom te fleanen. Alexander Boban rekke troch dat foarútsjoch suver yn in eufoaryske stimming, wylst Seleina der feninich ûnder wie en sei: ‘Troch dit akkefytsje bliuwt der fan ús fakânsje hjir neat oer en is it ek krekt as ha de foargeande dagen gjin betsjutting mear. En it slimste is dat it neat foar my is om my sa te fielen.’
Yn fermomming en ûnder in nij ynkognito wiene se ferhuze nei wer in oar pensjon. Mar foar de moetings mei Paul Mols soene se hieltyd yn it geheim nei wer in oare lokaasje ta gean. Paul soe him dan ek fermomme.
‘It fielt as binne wy ynsletten troch in legermacht,’ sei Alexander.
Om harren sels hielendal op te sluten gong harren by einsluten te fier, mar se hiene wol besletten om der net mear tegearre op út te gean. Se soene ek net mear nei de Mahler-konserten gean, op de útfieringen fan Das Lied von der Erde en de achtste symfony nei, want dy woe Seleina net misse. En eins woe se ek wol by de útfiering fan de njoggende wêze. Se soene der apart fan inoar hinne, mar miskien gong Alexander hielendal net. De oare konserten soene se fan Paul Mols hieltyd de oare moarns ferslach fan krije.
Seleina woe de kommende dagen trochbringe op hieltyd in oar plak oan see en Alexander woe fiskje en boattochtsjes om it eilân hinne meitsje. Oant dan ta hiene se oerdeis it eilân ferkend en op terraskes sitten.
De earste dei bleauwen se op ’e ferhuzing nei binnen. De oare moarns hiene se mei Paul Mols ôfpraat by de Ahu Tahai, de ahu dêr’t se op harren earste dei op Peaske-eilân út harren hotel wei hinne rûn wiene. Seleina en Alexander gongen der apart fan inoar hinne en joegen har oan ’e seekant fan de Ahu del. In kertier letter wie der Paul der ek. Hy wie der net streekrjocht út it hotel wei hinne rûn mar mei in omwei.
It fyfde konsert hie plakfûn by Ahu Nau Nau.
‘Wy sieten dêr ûnder de palmen,’ sei Paul, ‘mei útsjoch op ’e sân bylden en op it Anakena-strân. No ja, sân bylden, eins fiif want twa wiene net mear as stompkes. Fan ’e fiif hiele bylden hiene fjouwer in hoed op, prachtich.’
It moaiste fan it konsert hie er it fjirde diel fan de symfony fûn, dat ynlike stik foar harp en strikers.
‘Wat in frede,’ sei er, ‘mar ynienen moast ik doe ek oan jim tinke.’
Doe’t Seleina de middeis op it strân fan Anakena ûnder de palmbeammen lei, kaam it by har op dat it fansels it bêste wie dat se Alexander wer út har libben ferdwine liet. Mar syn fijannen soene har yn ’e gaten hâlde salang’t se him net hiene. Se soene har pas mei rêst litte as Alexander dea wie.
Fan wat Paul Mols de oare moarns oer it sechsde konsert fertelde, fûn Seleina it meast nijgjirrige dat it orkest net foar mar nêst Ahu Akivi opsteld wie en dan net nei de lânkant rjochte mar nei de see en dat fansels om’t dat it iennichste plak op it eilân wie dêr’t de bylden ek mei it gesicht nei de see ta stiene.
‘Hasto ûnder it konsert ek de kant fan de see út sjoen?’ frege Seleina.
‘Nee,’ sei Paul, ‘hoesa?’
‘Dan hiest deselde kant út sjoen as de bylden en it orkest.’
‘De taskôgers sjogge dochs altyd nei it orkest.’
‘Mar hjir oant no ta ek hieltyd de kant fan de see út.’
‘Op ’e kear yn de krater fan de Rano Raraku nei,’ sei Alexander.
‘It wie foar my gjin punt,’ sei Paul.
‘Dat hie it foar my wol west,’ sei Seleina, ‘ik hie my omdraaid nei de see ta.’
‘Hoesa?’
‘Nee, neat.’
‘As Seleina by de see is, wol se oer de see útsjen,’ sei Alexander, ‘elk hat syn obsesjes.’
‘Ik ha hûnderten foto’s fan mysels dêr’t ik op stean mei it gesicht nei de see ta. Ik ha hast oer alle seeën útsjoen.’
‘Wêr hast yn België op it strân stien?’
‘Yn Knokke. Mei achter my dat heech oprinnende strân en oan ’e ein dêr boppeút dy grize muorre fan hotels. Witst dat ik my neat sa goed yn ’t sin bringe kin as de plakken dêr’t ik oer see útsjoen ha. Ik soe se dy allegear beskriuwe kinne. Al dy foto’s dy’t ik ha falle yn it neat by de bylden dy’t ik yn ’e holle ha.’
De middeis naam Seleina kontakt op mei Pedro Vidal. Se frege him oft er achter nammen komme koe fan kriminelen op it eilân dy’t faaks wol in moard útfiere woene.
‘Moat dat no?’ sei er, ‘wat in panyk.’
‘Myn fakânsje is foar in part bedoarn, dêr komt it fan.’
Pedro lake en ferbruts de ferbining.
Seleina glimke. Pedro hie gelyk, it koe wachtsje.
De jûns sei Alexander: ‘It hat him no hjir foardien. Mar it wie der ier of let dochs fan kommen.’
‘Miskien net,’ sei Seleina, ‘hy hat oant no ta ek net om dy socht.’
‘Om’t er der noch gjin tiid foar nommen hat.’
‘In wraaknimming bliuwt ek wolris út.’
‘Mar no net mear. Yn Servië bin ik yn alle gefallen net mear feilich.’
It sânde konsert wie hâlden by Ahu Tahai. Nêst de sande symfony hiene de Rückert-lieten op it programma stien. Fan wat Paul Mols der de oare deis oer fertelde kaam sawol by Alexander en Seleina foaral oan dat Li Juyi twa utersten út de lieten fan Rückert as hichtepunten neamd hie en dat er Paul frege hie om beide teksten oan harren foar te lêzen. Ut dwaasheid, hie Li Juyi der by sein, om de absurde situaasje dêr’t Alexander en Seleina yn telâne kommen wiene. Paul lies de fragminten foar. Earst:
‘Ich atmet’ einen linden Duft!
Im Zimmer stand
Ein Zweig der Linde,
Ein Angebinde
Von lieber Hand.
Wie lieblich war der Lindenduft!
Wie lieblich ist der Lindenduft!
Das Lindenreis
Brachst du gelinde!
Ich atme leis
Im Duft der Linde
Der Liebe linden Duft.’
En doe:
‘Ich bin der Welt abhanden gekommen,
Mit der ich sonst viele Zeit verdorben,
Sie hat so lange nichts von mir vernommen,
Sie mag wohl glauben, ich sei gestorben!
Es ist mir auch gar nichts daran gelegen,
Ob sie mich für gestorben hält,
Ich kann auch gar nichts sagen dagegen,
Denn wirklich bin ich gestorben der Welt.
Ich bin gestorben dem Weltgetümmel,
Und ruh’ in einem stillen Gebiet!
Ich leb’ allein in meinem Himmel,
In meinem Lieben, in meinem Lied!’
Wylst Seleina har op it bêd mei de ien hân lei te befredigjen en yn de oare in boek omheech hâlde dêr’t se yn lies siet Alexander mismoedich foar him út te sjen.
‘Miskien moat ik nei in oar pensjon ta,’ sei er, ‘ik wol dy net yn gefaar bringe.’
‘Ik sil der oer neitinke,’ sei Seleina, ‘mar kom hjir no earst mar. Ik wit it, ik bin wat hinne en wer.’
‘Ik ha dy noch net swak meimakke.’
Se reagearre net.
Wylst er him oer har hinne bûgde, sei Alexander: ‘Hiest my mar noait meinommen. Ik tink, datst dat tinkst.’
‘Dat tink ik, ja. Mar dy gedachte leveret neat op.’
‘Dat wit ik noch al net,’ sei Alexander, ‘de folgjende gedachte kin wêze: ik moat sjen dat ik him kwytreitsje.’
‘Sjoch my oan,’ sei se, ‘wy sille miskien net byinoar bliuwe kinne, mar dêr prate wy pas oer as wy hjir wer wei binne.’
Sa as se yn ’e holle hie, gong Seleina de jûns al nei it achtste konsert ta en Alexander by einsluten ek, mar sa’t se ôfpraat hiene, los fan inoar.
Seleina hie tsjin Alexander sein: ‘Moatst net hielendal achteroan of oan ’e sydkant sitten gean, mar yn ’e midden en dan wat foaroan. En yn it skoft moatst tusken de minsken bliuwe.’
It konsert soe plakfine by it fûgelkultusplak Orongo by de fulkaan Rano Kau en it plak fan it orkest wie foar de platte seremoniële stienhuzen.
Seleina woe der graach hinne om it eksepsjonele karakter fan de achtste symfony en om’t ek de Kindertotenlieder op it programma stiene en noch trije Wûnderhorn-lieten. De basis fan de symfony wiene de sjongstimmen, om’t se de hiele symfony troch oanwêzich wiene. Trije alten, twa sopranen, in tenor, in bariton en in bas songen as solisten mei en dêrnêst trije mingde koaren en twa jongeskoaren en it orkest hie in folsleine besetting mei ekstra koperblazers en slachwurk en der die in oargel mei. It hiele stik wie in klanklawine. Wat foar Seleina ek meispile wie dat Mahler de symfony skreaun hie doe’t Alma in ferhâlding hie mei de arsjitekt Walter Gropius en dat er besocht hie om har mei it skriuwen fan de symfony werom te winnen. Se hope dat se net waansinnich wurde soe ûnder de Totenlieder, mar it barde hast ûnder it twadde fan de fiif lieten doe’t mezzosopraan Klara Wunderlich song:
‘Ihr wolltet mir mit eurem Leuchten sagen:
Wir möchten nah dir bleiben gerne!
Doch ist uns das vom Schicksal abgeschlagen.
Sieh’ uns nur an, denn bald sind wir dir ferne!
Was dir nur Augen sind in diesen Tagen:
In künft’gen Nächten sind es dir nur Sterne.’
Om’t se gjin kontakt mei harren freonen Paul Mols, Günther Vogel en Li Juyi hiene, wisten se net wêr’t him dizze kear in ferskining foardwaan soe. Mar Seleina hold it der op dat dat wêze soe boppe de rots mei de tekeningen oangeande it fûgelmanritueel. En dêr krige se gelyk yn. Under it earste útskroevene en dan wer ynlike earste diel, mei it ‘Veni Creator Spritus’, de gregoriaanske pinksterhymne, ‘de springboarne fan it libben / it libbensfjoer dat yn ús brânt’ en ‘ferlos ús fan de fijân / jou ús no frede foargoed’, barde der yn ’e loft noch neat, mar it wie safier daliks nei it ynstrumintele begjin fan it twadde diel en it úteinsetten fan de earste strofe út de slotsêne fan Goethe syn Faust:
‘Waldung, sie schwankt heran,
Felsen, sie lasten dran,
Wurzeln, sie klammern an,
Stamm dicht an Stamm hinan.
Woge nach Woge spritzt,
Höhle, die tiefste, schützt.
Löwen, sie schleichen stumm,
Freundlich um uns herum,
Ehren geweihten Ort,
Heiligen Liebeshort.’
Wat boppe de achter it orkest en de stienhuzen útstekkende rots ferskynde wiene de lizzende yninoar ferstringele lichems fan Alma Mahler en har minner Adolf Loos, dêr’t in bosk op ôfbylde wie. Se wiene werkenber om’t harren gesichten, dy’t ekstaze útdrukten, ûnbedutsen wiene. Yn it bosk ûntstie djipte en út ’e fierte wei kaam Gustav Mahler oan rinnen. Ynienen wie der doe ek it fleurige komponearhúske dat er yn Maiernigg yn de bosk by syn filla bouwe litten hie en dêr gong er nei binnen. De ferskining gong oer yn Mahler foar it rút, bûgd oer it manuskript fan it muzykstik dêr’t de oanlûkingskrêft fan Adolf Loos op Alma mei ferneatige wurde moast. Mahler wie net dwaande om syn wanhope te uterjen mar syn krêft, syn skeppingskrêft, syn libbensdrift. Seleina fielde it oant yn har murch. Alle spieren yn har lichem stiene spand oant en mei de lêste machtige klanken fan de ûnfoarstelbere symfony. By it fuortgean seach se Henri-Louis de la Grange. Hy hie de triennen yn ’e eagen. Se rûn ûnneitinkend nei him ta en sei: ‘En wat seit de biograaf? Ik sjoch dat er gûlt.’
‘De biograaf seit, dat er it better beskriuwe moatten hie,’ sei De la Grange.
Paul Mols fertelde Seleina en Alexander de oare deis wat Li Juyi oangeande de teksten sein hie en yn it bysûnder oer de earste strofe fan de Goethetekst: ‘Ik bin in Sinees dy’t sawol it taoïsme as it boeddhisme absorbearre hat. Sa’n yn it kristendom woarteljende tekst ynterpretearje ik op myn wize. It is foar my noait fan belang út hokker hoeke de wyn yn in tekst waait. De earste rigels fan de tekst fan Goethe hâlde foar my in konfrontaasje yn mei de poëzy fan Hanshan.Wit jim, as it oer liuwen giet moat ik fuort tinke oan de earste strofe út syn gedicht “De Kâlde Berch”:
“Libje op ’e Kâlde Berch is myn nju.
Ik sjoch dêr wite wolken foar en nei,
De apen boartsje kritend by de wei
En tigers komme âljend by de lju.
In koeltsje giet troch de dinnetoppen,
Kuierjend binne rotsen in stipe,
Sjongend kin ik nei lianen gripe
En fûgels kwinkelearje yn troppen.”’
Alexander sei: ‘De kâlde Berch, ik moat sjen dat ik dêr kom.’
Seleina har mobyltsje gong. It wie Pedro Vidal. Se rûn by Alexander en Paul wei.
‘Ik ha hjir en dêr noch ris fernommen,’ sei er, ‘út Servië wei is opdracht jûn om dy en Alexander beide te likwidearjen. It hat noch tiid. Op Peaske-eilân binne se jim no even út it each ferlern en der sil jim dêr ek gjin hier krinkt wurde. Pas as jim dêr wei binne.’
‘Dat wy in pear dagen letter fuort gean en dan net nei Santiago mar nei Tahiti fleane, sa’t wy bepraat ha, kin ús dochs rêde.’
‘Ik ha it oars regele. Alexander moat hjoed noch fuort. Hy moat fan ’e middei klear stean. Dan wurdt er yn it geheim op it fleantúch nei Santiago set. Ik sil dy net lestich falle mei de details. Der sil him neat oerkomme. En wêr moat er dêrnei hinne?’
‘Nei Parys. En hoe komt it mei my?’
‘Do giest, sa’t it no stiet, wol oer fiif dagen op it fleantúch nei Tahiti.’
Foar’t Alexander ophelle waard bepraten se dat er him melde soe by de lju dy’t foar harren falske paspoart soarge hiene. Dy soene him dan earne ûnderbringe. Se soe it mei harren regelje.
Seleina har each foel op syn brede boarstkas en syn stevich kin. Se hie begrutsjen mei him. It soe him ier of let dochs oerkommen wêze.
Doe’t er fuort wie, joech se har op it terras del en besocht se fan de sinne te genietsjen. Mar se moast earst noch in mich fan har ôfslaan. It wie eins rûtine om in man út har libben ferdwine te litten, wat lykwols net betsjutte dat se fan binnen net even skodde as it wer safier wie. Se glimke. It duorre soms mar in oere foar’t de loft boppe har wer skjin wie en de see foar har leech. Dat soe fêst no ek wer sa wêze. Se seach omheech. De sinne skynde út in blauwe loft mei inkelde wite wolkefegen. Se hie it mei Alexander wol langer úthâlde wollen en faaks koe dat ek noch as se it plan trochsette om Alexander de Bosniër fermoardzje te litten dy’t se op fersyk fan Boris Janković yn Auvergne finzen hâlde. Nei’t se it in kear tsjin him neamd hie hiene Alexander en sy it der oars net wer oer hân. As hiene se it foar har útskood. Se moast tinke oan dy kear dat se mei har Sineeske sakepartner Wang Wu by Taizhou útseach oer de Eastsineeske See. Se hie har troch him op sleeptou nimme litten nei de omkriten fan de Tiantai bergen, in hillich oarde, om dêr ûnder pynbeammen en tusken bamboestrûken seks meiinoar te hawwen. Yn it geheim hong Wu de taoïstyske lear oan, dêr’t er neffens syn sizzen mei it each op syn wapenhannel en rykdom in soad baat by fûn en dêrnêst hie it belang dat it taoïsme oan seks taskreau him ôfgryslik holpen om him frij te fielen. Se hie der om lake mar Wang Mu tagelyk ek earnstich oansjoen. Doe’t se nei in wike fan fûl frijen dêr oan ’e see stiene, wie er begûn oer de driuwende eilannen fier de oseaan op, ien fan ’e wensteeën fan ’e ûnstjerliken, goaden en feeën, dêr’t se tegearre hinne fleane soene om’t se ûnstjerliken wurden wiene. Werom yn Shanghai hie Wang Mu har in foto sjen litten fan in fusillade en sein: ‘De gewearen dêr’t mei sketten wurdt, ha ik fan dy kocht.’
Seleina fielde har suver frij en ek oerallich doe’t se de jûns ûnderweis wie nei it konsert by de Ahu Vinapu dêr’t Das Lied von der Erde útfierd wurde soe. Dêr kaam it fan dat se – hoewol sa ûngemurken mooglik – Li Juyi even groete. Günther Vogel, dy’t nêst him stie, sei doe: ‘Moatst by it begjin fan “Der Abschied” earst links boppe it orkest sjen.’
Se sei: ‘Ik gean hjoed net op ’e banken sitten, mar op ’e grûn.’
‘Dat sprekt,’ sei Günther.
Se hie sjoen wêr’t de taksjesjauffeur him mei syn trommel opsteld hie. Hy siet in ein rjochts fan it poadium mei de rêch tsjin in brokstik fan in mo-ai oan. Seleina rûn nei him ta en sei: ‘Kinst my werom?’
‘Oan dyn stim,’ sei er, ‘ik sil neat freegje.’
‘Ik mei, tink, net nêst dy sitte?’
‘Fannacht sykje ik dy op,’ sei er, ‘ik wit dat dyn freon fuort is. Ik ha him fan ’e middei nei it fleanfjild brocht en hy hat my frege om it each op dy te hâlden. Hy sei, dat er twongen wie om fuort te gean en miskien soene jimme inoar net wer sjen.’
‘Ik hie net tocht dat ik sa’n loslippige freon hie. Mar dan fertroude er dy.’
‘Foar’t er wat tsjin my sei, seach er my oan en doe ha ik sein: “Ik bin sa ticht as in pot.”’
‘Wat witsto?’
‘Neat, mar datst ynkognito bist, seit genôch. En de geroften.’
‘Ik gean dêr sitten,’ sei se en wiisde nei in rotsblok tichteby.
‘Mar ik kom net hear,’ sei de sjauffeur, ‘myn broer komt fannacht nei dy ta. Mar ek dat is net wier.’
‘Ik sjoch it wol,’ sei se.
Fanôf it begjin fan Das Lied von der Erde waard se troch de yntime klank en sang meinommen. De muzyk widze har en dûnse har, sa as yn it tredde diel ‘Von der Jugend’, soms even yn ’t rûn: ‘Das Trinklied vom Jammer der Erde’, ‘Der Einsame im Herbst’, ‘Von der Jugend’, ‘Von der Schönheit’, ‘Der Trunkene im Frühling’, ‘Der Abschied’. Seleina besocht harsels in byld foar eagen te tsjoenen. Se koe neat oars betinke as Kokoschka syn skilderij ‘Der Windsbraut’, dêr’t er him en Alma Mahler yn ôfbylde hie lizzend yn in iepen boatsje dat dobbere op wylde weagen. Kokoschka lei op ’e rêch mei wiidiepen eagen yn in bang gesicht, wylst Alma yn folle frede op him lei, de holle op syn boarst en de eagen ticht. Seleina konsintrearre har op de tsjinstelde gesichtsútdrukkings dêr’t yn har ferbylding de muzyk om hinne spile. Wat by it begjin fan it lêste diel, ‘Das Abschied’, links boppe it orkest ferskynde en it tafriel fan de ‘Windsbraut’ ferdreau, ûntjoech him dêrtsjinoer ta in byld sûnder tsjinstelling: it troch it liet beskreaune ferstille en fredige berchlânskip. In liet, dat as slútstik fan de syklus fan seis lieten einige yn in fermoedsoening mei de gong fan it libben:
‘Mir war auf dieser Welt das Glück nicht hold!
Wohin ich geh? Ich geh, ich wandre in die Berge.
Ich suche Ruhe für mein einsam Herz.
Ich wandle nach der Heimat, meiner Stätte.
Ich werde niemals in die Ferne schweifen.
Still ist mein Herz und harret seiner Stunde!
Die liebe Erde allüberall
Blüht auf im Lenz und grünt
Aufs neu! Allüberall und ewig
Blauen licht die Fernen!
Ewig… ewig…’
Seleina glimke. Mei har soe it oars gean, net ‘die Heimat’, mar in fiere kust, dat wie har ultime rêstplak. Se liet yn har omgean watfoar kust? In hege, donkergrize rotskust wie it iennichste byld dat har befredige en yn ’e djipte soe de see beuke.
Dy nachts kaam de taksysjauffeur by har.
‘Ik frege my ôf,’ sei er, ‘oft ik sa’n momint mei dy slûpe litte moast. Ik fûn fan net.’
‘Hast gelyk,’ sei Seleina, ‘it libben hinget der fanôf.’
‘My dochter is fjirtjin,’ sei er, ‘en myn frou sei my hjoed dat se ferteld hie, dat se foar it earst seks hân hie.’
‘Doe’t ik fjirtjin wie,’ sei Seleina, ‘ha ik in man fermoarde.’
Nei’t se inoar doe in oere lang by de hân hâlden en neat sein hiene, hie se him in tút jûn en de tonge fier yn syn mûle stutsen.
De oare moarns woe se gjin dei langer op it eilân bliuwe. Dit wie it wol, sei se by harsels, de oerbliuwende dagen soene allinne mar ferlerne dagen wêze. En se siet om Alexander op hjitte koallen. Wat soe er yn ’e holle krije kinne? Se skille mei Pedro Vidal om te sizzen dat se net langer op it eilân bliuwe woe. Der gong de middeis let in fleantúch. Koe er regelje dat se dêr mei koe? En ek dat se by oankomst yn Santiago fuort yn feilichheid brocht waard.
It spiet har wol fan de trije lêste konseerten. Benammen it konsert dat de jûns hâlden wurde soe, mei de njoggende symfony op it programma, hie se graach meimeitsje wold om it lêste stadige diel dat geandewei weistjerrend it útdovjen fan it libben yn it ljocht fan de ivichheid oprôp.
Doe’t Seleina al twa oeren fleach, waard Alexander krekt nei it fleantúch nei Parys brocht. Hy frege him ôf wat er moast. Yn Parys syn eigen gong gean? Dat wie faaks feiliger as wannear’t er yn it selskip fan Seleina bleau. Wat soe se no tinke? Dat se in spikerhurd beslút nimme moast.
Seleina stelde har ûnderwilens foar wat der yn him omgong. By har wêze wie gefaarlik foar him. Mar wat moast er allinne? En no werom gean nei Servië wie gjin opsje. Se fielde har ferplichte om foar in feilich hinnekommen foar him te soargjen. Se soe yn Santiago regelje dat him trochjûn waard om op har te wachtsjen. Dat soe him fertrouwen jaan.
(wurdt fuortset)