
Ofrûne simmer is de mânske bondel ‘Fallend ljocht’ fan Eppie Dam ferskynd by de Friese Pers Boekerij. It is Dam syn fjirtjinde poëzybondel. Henk van der Veer hie nei it ferskinen fan de bondel in digitaal ynterview mei de dichter. In fraachpetear fia de mail hie de foarkar fan Dam. Dy kar hat in reden. Eppie Dam hat de sykte fan Huntington, in erflike oandwaning fan it brein, feroarsake troch in ôfwikend gen op it fjirde gromosoom. Hjirtroch is it dreech om op in oare wize in fraachpetear mei de dichter te hâlden. Op it earste each is oan Eppie Dam net te merken dat er dizze sykte hat. Lykwols, de sykte fan wat er sels neamt ‘hear H.’ spilet him hieltyd mear parten. “Ik bin by steat om in healoerke mei ien te praten, mar dêrnei sakje ik wei en bin amper mear by steat om myn tinzen te foarmjen en de goeie wurden te finen, sels net foar de meast ienfâldige saken. Wilens moat ik útsjen dat ik gjin kopkes omreagje of nuvere dingen mei de lusifers úthelje. Nei in healoere soe ik sloopt wêze.” Dêrom in ynterview fia de mail.
Lês fierder by Henk van der Veer op de side fan de Moanne