
Beide wurden wurde gauris ferkeard brûkt. By Fries (it Fryske wurd) giet it om in haadwurd (zelfstandig naamwoord) en dat wurdt mei in haadletter skreaun. Dat is allinnich it gefal as wy it oer in manlike ynwenner fan Fryslân hawwe. Mei in lytse letter is it in giele bakstien fan Fryske klaai. It is ek in term út ‘e boukeunst. De útspraak is yn beide gefallen in delgeand twalûd [i.ə], mei de klam op de i dus.
Lês fierder by Opfrysker