Geart Tigchelaar

Tragyske skientme yn ’e parallelly

logo.ensafh


Besprek Frou mei mandoline op sofa fan Josse de Haan

It libben wurdt tekene troch djipte- en hichtepunten. It iene kin allinnich mar bestean yn it ljocht fan it oare. Josse de Haan hat dat skerp foar eagen hân by it skriuwen fan Frou mei mandoline op sofa en dy tsjinstellings en parallellen op in masterlike wize ferwurke yn syn nijste boek.

Froulju

Op ’e foarkant pronket in fariaasje fan it skilderij Frau mit Mandoline fan Max Beckmann. Froulju spylje in hiele wichtige rol yn it boek. Hja binne folle mear as it geslacht dêr’t de haadpersoan op falt en dêr’t er graach mei frijt, al spilet eroatyk in foarname rol. Ferwachtsje lykwols gjin platte beskriuwings, mar wol djipgeande boarterijen dêr’t De Haan erotyk ferbynt mei estetyk. Estetyk is fansels boppe-al yn ’e keunst fertsjintwurdige. Krekt dêryn wurde faak de haadpersoan syn favorite lichemsdielen fan de frou ‘besongen’; de boarsten. Hiele siden kin De Haan oan dat ûnderwerp wije. ‘Guon lju koene de universele skientme en waarmte fan boarsten yn in byld fange, dat gefoel fan estetisisme nei foaren bringe – skilders, tekeners, filmmakkers, fotografen en út en troch dichters.’ (s. 77) Troch de keunstner wurde de boarsten ta in wier keunstwurk, komme sels ta waaksdom om’t se de foarm krije dy’t se yn wêzen hawwe moatte, sa skriuwt er fierder.
It frijen wurdt troch de skriuwer ek ferbûn mei keunst. ‘Frijen waard keunst as it fragen oprôp oangeande it libben, dea en foaral ferwûndering oer de krêften dy’t omheechkamen yn twa minsken.’ Nei de lofsang op de keunst fan it frijen, komt der fuort in ‘mar’ efteroan. It is sa dat de ferheardens en ferwûndering allinnich mar bestean kin yn tsjinstelling ta ‘de eangst eat kwyt te reitsjen, it te ferliezen oan de sleur, de rûtine, oan in konkurrint.’ (s. 110). Ik kom aanst werom op mear fan dat soarte tsjinstellings.

Kearside

It tragyske oan de ferhearliking fan ’e frou is dat de haadpersoan – âld-learaar fan in goeie sechstich jier âld – it net bysûnder troffen hat mei de froulju yn syn libben. Sa’t er skriuwt oer de ‘absolute gefoelens dy’t troch har yn him in tige sterk fieding krigen’ (s. 110) lit it fermoeden opkomme dat er it wol ûnderfûn hat, mar dat it in bitterswiet oantinken is. It is net allinnich yn de doetiid skreaun, mar der klinkt ek in langst yn, dat er dy sterke fieding graach wer hawwe wol. Dêrby fynt er benammen yn oare keunstners ‘sa’n yntinse oandwaning yn in frou’ (s. 110). Krekt as siket er syn ‘heil’ dêr.
Mei syn eks, dy’t him ek nochris finansjeel útsûget, hat er nea in leafdefolle relaasje hân. Faaks yn it begjin efkes. Hy is út begrutsjen mei har troud. It houlik moat in wiere hel west hawwe, want ‘se koe allinne mei har kut prate, it wie de iennige wize om kontakt te krijen.’ (s. 45). Sy sjantearret him dermei. Sy is sels fys fan frijen, hy moat fan te foaren oanjaan as er derop wol, dan triuwt sy mei in soad antypasta it pessarium deryn. Mar op in feestje dêr’t de man sels ek is, lit se har iepentlik troch meardere mannen naaie. ‘Sels in hoer hie noch mear respekt foar harsels, sa’t hy foar in hoer mear respekt hie. (s. 150). Fierders keart it hiele houlik syn kreativiteit op. Boppedat wol sy net dat hy minder oeren foar de klasse stiet om him mear op it skriuwen talizze te kinnen.
Mei syn nije freondinne is it in kontinu oanlûken en ôfstjitten. It is dúdlik dat hy har wol nedich hat, mar hy betwivelet oft sy him wol nedich hat. Har dochter seit planút hoe’t it lân derhinne leit. ‘Do tsjinnest yn wêzen allinne mar as bolle.’ (s. 16). In bolle dy’t oan it tsjoar holden wurdt en op kommando oer de ko hinne moat, dêr mei oare wurden folslein sels gjin ynbring yn hat. Hy wol graach by har wenje, mar sy wol dat net. Dat komt mei om’t hy alimintaasje (‘eksneukersjild’) betelje moat, en dat wylst hy sels foar de bern soargje moat. Syn eks klaait him finansjeel út, dêr wol syn nije freondinne net foar opdraaie moatte. It soere is dus dat hy noch net fan syn eks ôf is, sy sels yn ’e wei stiet foar syn nije lok. Al bliuwt de fraach oerein stean oft er mei syn nije freondinne wol lokkich wurde kin. Sawat oan ’e ein komt er dêr sels ek efter as er skriuwt: ‘Wie it net in fisieuze sirkel – de iene kotste fan dat ynstrumint [= syn geslacht, GT], en de oare woe it konstant yn har hawwe.’ (s. 199).

Wrakseling

Sa’t nei de lofsang op it frijen ynienen de twivel taslaan kin, sa stiet it boek fol mei tsjinstellings en parallellen. Sichtber tsjinoer ûnsichtber, ynderlik tsjinoer uterlik, leafdeleas neuken tsjinoer folsleine symbioaze, boartsjen tsjinoer depressivens ensafuorthinne. Mar noch it meast de tsjinstridichheden yn it libben fan it haadpersonaazje sels sa’t elk minske wrakselet mei tsjinstridige gefoelens, belangen, tinzen, wearden ensafuorthinne.
Sa lêze wy earst: ‘Hy longere nei de ultime frijheid – gjin baan mear en gjin partner.’ (s. 152). Noch gjin twa alinea’s letter stiet der: ‘Dêrnjonken begûn syn freondinne wichtiger te wurden.’ Dan moat men as lêzer net yrritearre roppe wêrom’t er net wit wat er wol, mar men moat betinke dat soks eigen is oan de minske. Hat er al saken besletten, dan komt de ûnwissigens om ’e hoeke te sjen: ‘swimme yn in streamende rivier dêr’t er net fan wist wêr’t er yn see kaam. En hokker see?’ (s. 153). Dat lêste komt der wanhopich út. Yn wêzen in nij probleem dat tackele wurde moat.
Faker as ienris komt op it aljemint dat saken lyksa binne as yn syn jonge jierren. De situaasjes binne dan wol oars, mar op emosjoneel mêd net. ‘Dy tiid fan tritich jier lyn wie ferskriklik. Dat kaam no werom yn syn gedachten, yn syn gefoel.’ (s. 127). It liket as wol er mar net foarútkomme. Hy hat it slim te pakken.
Trochdat der in soad skreaun wurdt oer de minne situaasje dêr’t de haadpersoan yn sit, kin men dêr op guon plakken yn it boek wolris genôch fan krije. Der komt in soad werhelling yn foar. Wannear’t der wer stiet dat syn eks allinnich mei har kut prate koe en hy fan har ôf moast, wit men it wol. Of dat hy wol mear mei syn nije freondinne wol, mar sy him oan it lyntsje hâldt. De oare kant is dat de lêzer goed trochkrongen wurdt fan de ellindige situaasje dêr’t er yn ferkeart. Fierders is it sa dat men as lêzer faak wer in stikje mear ynformaasje kriget en dat der genôch ôfwikseling en ynfallen yn it boek sitte, sadat it fuort net ferfeelt.
Sa is it net ien en al kommer en kwel, der binne hichtepunten yn syn libben oan te wizen. Nettsjinsteande it feit dat syn kreativiteit faak smoard waard yn syn houlik of yn syn baan yn it ûnderwiis, hat er wol publisearre. ‘Hy hie al wat publisearre, en wurkbeurzen krigen, wat wiisde op in beskate kwaliteit.’ (s. 148). De ellinde dy’t er allegearre meimakke hat, hat him in stik wizer makke en dy wiisheid kin er brûke yn syn skriuwerskip. Dêr wurdt dan benammen op de ‘fasetten oangeande de macht fan de erotyk en de seksualiteit’ (s. 177) doeld. Men soe sizze dat dy fasetten al rom yn Frou mei mandoline op sofa sitte. In fraach dy’t nammentlik hieltiten in rol spilet yn it boek is hoe autobiografysk oft it is. Dêr wurdt aanst fierder op yngien.
Earder is skreaun dat er brûkt wurdt troch syn nije freondinne en er him op ’t lêst ôffreget as er sa fierder moat. Dat hâldt net yn dat der in yn it boekwurk net wiidweidige beskriuwingen steane oer de tiid dat it wol goed wie, dat se yn harmonije byinoar wiene. De relaasje hat mei oare wurden in soad hichtepunten (hân). Sa as yn it begjin al oanstipt ferbynt de haadpersoan dy fakentiids mei keunst, dêr’t er yn syn algemienens in soad treast yn fynt. Yn ’e beskriuwing fan it skilderij fan Beckmann wurdt dat wiidweidich, mar benammen hiel moai, yntins en echt beskreaun. Hy ferbynt sawol it skilderij as ek de ferhâlding fan ’e skilder ta/mei it skilderij mei himsels en syn freondinne. Hy hat oan har dus hiele waarme (ek gleone) en leafdefolle oantinkens.

Syktocht

Oangeande it boek kin men jin as lêzer in soad ôffreegje en it jout in protte om te ûntdekken. In fraach dy’t oproppen wurdt is – lykas al earder neamd – hoe autobiografysk oft it boek is. De Haan bringt nammentlik gauris it skriuwen en fiksje op it aljemint. ‘Skriuwen wie soms imitaasje. Hy preferearre it echte libben, dat foarôf gong oan de roman, oan de novelle, oan it gedicht.’ (s. 52). Dan tinkt men as lêzer dat De Haan de dingen faaks sels al meimakke hat en it dus no yn boekfoarm ferwurdet. Mar lêst men fierder, dan stiet der: ‘Soms wie fiksje earder.’ Dêrmei set er ús op in dwaalspoar. In pear siden letter skriuwt er: ‘Sadree’t in feit op papier kaam, waard it fiksje. Taal en tiid spilen hjir de duvelsrol.’ (s. 60). Wat is wier, wat is fiksje? De tiid feroaret feiten en taal kin ferrifeljend wurkje. Dêr’t benammen in soad yn te ûntdekken falt, binne de kursive stikken, sitaten dy’t De Haan oernommen hat út fyftjin wurken fan tsien skriuwers, dy’t op keunstige wize yn en om it haadferhaal hinne ferfrissele binne. Se jouwe in oar ljocht op it haadferhaal, in nijsgjirrich perspektyf. Men wol se as lêzer automatysk yn ferbân mei-inoar bringe. Wat hat it mei-inoar te krijen, wêrom stiet no krekt dit kursive part hjirre? De skriuwer boartet dermei. Mar it is net samar boartsjen, it binne net samar wat fragminten. Der sit in soad ferbân tusken de stikken, al past it iene fansels better as it oare. Of is it sa dat de iene passaazje makliker, logysker te pleatsen is as de oare? Yn it begjin wurdt de dochter fan syn nije freondinne yn it ferhaal behelle. De kursive fragminten dêrby geane yn ’e haadsaak ek oer in mem-dochter-relaasje. As it giet oer boarsten, heakje de kursive stikken dêr op yn. Of as teater op it aljemint komt giet it yn inoar oer. Der ûntstiet sa noch mear kohesy en djipgong yn it boek.
Poppen (sawol mei haadletter as lytse letter) komme hieltiten werom. Almeast wurde froulju sa portrettearre. Op side 20 lykwols ferwurdet De Haan it oer de manlike haadpersoan sa: ‘Hy waard werombrocht nei de grutte fan in plastic pop, sûnder gedachten, sûnder wurden, sûnder ferstân, en sûnder gefoel foar keunst en de grutte skepper fan sa’n keunstwurk.’ De haadpersoan is fassinearre troch echtens. Skilders kinne dat folle better werjaan as skriuwers of dichters, is er fan betinken. Medea sjocht faker as ienris om ’e hoeke. Sa binne der in soad parallellen oan te wizen. Dat jout net allinnich in soad kohesy oan it boek, mar ropt ek fragen op oer de funksje en de betsjutting. En is it net sa dat keunst fragen opropt?

It boek is ien grutte syktocht nei it sin en it lok yn it libben, it hôf fan Eden, dy’t betiden suver mismoedich makket, om’t alles yn in ûnwisse takomst leit en saken fakentiids jin wér oerkomme. Mar it is ek hoopjaand mei’t der safolle moais is yn it libben en dat men gean mei foar saken dy’t men it leafste (of mei jins leafste) docht. It sykjen dêrnei is op himsels in moaie beuzichheid. Frou mei mandoline op sofa is ek in syktocht, om’t der safolle út te heljen is en men as lêzer besiket om de lyntsjes oan inoar te knoopjen.

haan,jossede-frou_mei_mandoline

Josse de Haan
Frou mei mandoline op sofa
Afûk, Ljouwert 2014
ISBN: 9789062739882
Ferkeappriis: € 17,50

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *