
Redaksjoneel
Dit sil it earste nûmer fan ensafh wêze dêr’t Piter Boersma neat oan ta dien hat, al stiet der âld en nij wurk fan him yn, is er op alle ôfbyldingen werom te finen en geane alle stikken oer him en/of syn wurk. Hy wist sels in tiidlang neat fan dit nûmer.
…
Lês hjir fierder (pdf)
Losse eksimplaren binne te keap by de Afûk-winkel yn Ljouwert, en te bestellen fia abonnementen@kok.nl. Foar €5,95 + € 1,95 ferstjoerkosten wurdt it nûmer dan by jo thús besoarge.
Bêste Piter, bêste leden fan de Ensafh redaksje,
mei folle niget ha’k op dizze wat dizige snein it Piternûmmer lêzen, ha’k einliks in oersicht oer it wurk fan Piter yn de tiid, en in ynkringend ynsicht yn de thematyk fan dat wurk. Betanke!
En no’t ik dochs foar de komputer sit: ik wie hiel bliid mei Nûmmer 5 – prachtige oersettingen fan foar mij tige nijsgierrige skriuwers, fan Munro woe ik allang wat lêze ( gean der no mei fierder ) en ik fûn it in feest om Lenz yn it Frysk te lêzen.
Groet, Marijke de Haan
Bêste Marijke de Haan,
Tige tank foar dizze moaie wurden, it is fijn om te hearren dat jo dy bysûndere nûmers mei nocht lêzen hawwe, en dat se oansette ta mear lêzen – dat is wêr’t wy as redaksje it foar dogge!
Mei hertlike groetnis,
Tryntsje van der Steege
redaksjeskriuwer Ensafh
p.s: nûmer 1 kin ek elk momint yn de brievebus falle, alfêst in soad leswille tawinske