Hedwig Terpstra

Meindert Reitsma: ‘Skanomodu besiket no syn eigen paad te finen’.

logo.ensafh

Meindert (1994) studearret sûnt 2012 Frysk yn it programma Europeeske Talen en Kultueren yn Grins. Hy wie ien fan de fjouwer bestjoersleden fan de eardere stúdzjeferiening Skanomodu. By Skanomodu is koartlyn in soad feroare, dêr’t er ús oer by prate sil. Meindert wennet op in keamer yn Grins. Wy ha dit fraachpetear op de pleats fan syn âlden yn Wytgaard.

Meindert foar de pleats fan syn alden yn Wytgaard

Meindert foar de pleats fan syn âlden yn Wytgaard

 

Hoe lang bestiet Skanomodu en wa wiene de oprjochters?
‘Stúdzjeferiening Skanomodu hat likernôch sân en in heal jier bestien. De oprjochters wiene Dirk Jan Muntendam, Truus de Vries, Jurrit Jan de Jong en Geart Tigchelaar. It lêste bestjoer fan Skanomodu bestie út Sigrid Kingma, Nienke Jet de Vries, Jan Ybema en my. Wy diene mei ús fjouweren ek de redaksje fan it Skanoskrift. Sigrid is al klear mei de bachelor Frysk en mei har stúdzje Nederlânsk. Jan is ek hast klear mei syn stúdzje, hy docht no de ûndersyksmaster Moderne skiednis. Nienke Jet docht no de master Multilingualism en is dus ek hast klear. Ik noch net, ik bin noch mei myn bachelor dwaande. Ik bin sa’n twa jier lyn as lêste by Skanomodu kommen. Skanomodu hie sawat sechtich leden en de measte dêrfan binne al klear mei har stúdzje. Der kamen al in skoftke gjin nije leden mear by en wy fernamen by aktiviteiten dat der hieltyd minder minsken kamen. Wy organisearren wol ekskurzjes, bygelyks nei Dokkum, de Alde Feanen, it Frysk Museum, Aurich en de Grinzer ommelannen. Wy giene ek nei literêre eveneminten en toanielfoarstellings, lykas nei In leafde fan Tryater yn Grins. Wy holden sûnt fjouwer jier alle jierren in Grut Frysk Diktee, dêr’t ek wol folk fan bûten op ôf kaam. Earder holden we ek wol boarrels, mar dat diene wy tsjin it lêst eins net mear.

It Grut Frysk Diktee fan Skanomodu yn febrewaris 2014

It Grut Frysk Diktee fan Skanomodu yn febrewaris 2014

 

Wat is der feroare?
Wy ha op 20 novimber ferline jier in Bysûnder Algemiene Ledegearkomste hân en dêr is it foarstel om de feriening op te heffen oannommen, omdat der yn ús eagen gjin takomst foar de feriening is. De feriening is op 1 jannewaris 2015 omset yn de Stifting Skanomodu. De stifting giet eins fierder mei wat we earder ek diene en is bedoeld foar jonge Friezen. De stúdzjeferiening wie foaral rjochte op de stúdzje en stúdzjesaken en dat ha wy no loslitten. De stifting krijt in bredere opset; Skanomodu is no los fan de stúdzje Frysk en tagonklik foar elkenien. Wy besykje no ús eigen paad te finen en ek om potsjes te finen foar de finansiering fan ús Y-skrift. Sa kinne minsken foar minimaal tsien euro yn it jier stiper wurde. Stipers kinne maile nei skanomail@skanomodu.nl.

It bestjoer by de Bysundere Algemiene Ledegearkomste op 20 novimber 2014

It bestjoer by de Bysûndere Algemiene Ledegearkomste op 20 novimber 2014

 

Wat is der nij?
Op sneon 28 maart 2015 sil ik in lêzing jaan op it Sirkwy Sympoasium yn Ljouwert. It is dan hûndert jier lyn dat de Jongfryske Mienskip oprjochte is en de titel fan it Sympoasium is dan ek ‘Fryslân en de wrâld 2.0. – Jonge Friezen mei kulturele ambysje’. De titel fan myn lêzing is ‘Skanomodu: in nije ympuls yn Fryslân – De opkomst fan in nije generaasje jonge Friezen’. Dat seit hast alles al. Wy fernimme dat der ferlet is fan wat nijs en jongs yn de Fryske wrâld, om de jonge minsken te binen oan it Frysk en Fryslân, wat yn ús eagen fia de besteande kanalen net alhiel slagget. Yn myn lêzing sil ik dêr ûnder oare op yngean.

Op dy dei komt Skanomodu mei it medium dêr’t de wrâld fan de nije generaasje yn staljûn wurdt: in Y-skrift (ynternettydskrift). Sa wolle wy in poadium biede oan kultureel aktive jonge Friezen. Wy wolle kultuer produsearje en kritisearje, it publike debat oangean oer de ferhâldingen tusken Fryslân en de wrâld, tradysje en fernijing, globalisearring en lokalisearring; koartsein, sjen litte hoe’t jongere Friezen hjoed-de-dei, hûndert jier nei Kalma, har wrâld opnij kultureel foarmjouwe.’

Op ekskurzje yn Dokkum, maart 2013

Op ekskurzje yn Dokkum, maart 2013

 

Ha de nije studinten Minorities & Multilingualism gjin belangstelling foar de aktiviteiten fan Skanomodu?
‘Nee, dat binne hast allegear ynternasjonale studinten. Yn it fraachpetear mei Goffe Jensma stiet krekt beskreaun hoe’t de stúdzje no opset is. Der binne no aardich wat studinten, mar sy hoege gjin Frysk te learen as sy dat net wolle. Der is wol in Frysk trajekt yn de stúdzje, mar dêryn binne dit jier noch gjin studinten. Wy ha ús as stúdzjeferiening der wol bot foar ynset om nije studinten te lûken mei ynformaasjedagen en presintaasjes yn bygelyks Ljouwert. Doe’t de stúdzje Frysk drige te ferdwinen is der in hiele rêdingsaksje op tou set troch de dosinten, de ôfdieling en de stúdzjeferiening.

Nei de âlde stúdzje Fryske Taal en Kultuer kaam ien jier Europeeske Talen en Kultueren. Dat jier bin ik ynstreamd. It jier dêrop binne se mei de nije stúdzje begûn. Skanomodu hearde by de âlde stúdzje Frysk en it die bliken dat de nije studinten net in protte bining mei Skano ha. Wy ha ûndersocht oft sy it miskien fan ús oernimme koene, mar dat ferlet wie der net; der is dochs te folle ôfstân tusken ús. Sy ha har eigen stúdzjeferiening oprjochte: Multi. By de RUG is it sa dat der net twa stúdzjeferienings oan ien stúdzje ferbûn wêze kinne. Wy ha moannen praat oer wat handich is om te dwaan en úteinlik ha we dus besluten om in stifting te wurden. Wy ha no as stifting gjin leden mear en binne as bestjoer frijer om dingen te besluten.’

Bestjoer Skanomodu yn Grins, novimber 2013

Bestjoer Skanomodu yn Grins, novimber 2013

 

Wat kinst fertelle oer jim eardere ferieningsblêd, it Skanoskrift?
‘It Skanoskrift kaam fjouwer kear yn it jier út. Dêryn stie nijs fan de oplieding, nijs fan studinten, ferslaggen fan ekskurzjes fan faak nijsgjirrige bydragen fan minsken fan bûten. Liuwe Westra hat bygelyks wol stikken foar ús skreaun. Manno Peters Tammena promovearret no by Goffe Jensma op Eastfryske nammen. Hy hat in stik yn it Dútsk skreaun oer syn promoasje-ûndersyk. Sa ha ik doe’t ik ôfrûne simmer yn de skriuwerarke fan Rink van der Velde ferbleau alle dagen in soarte fan deiboek skreaun foar ús webside en letter ek in artikel yn it Skanoskrift. Sigrid hie altyd in gedicht en Johannes Beers skreau kollums yn it skrift. Sa hiene wy wat in ôfwikseling tusken fêste rubriken en losse bydragen. Lêsten hiene wy in wedstriid: Liuwe Westra hie de einrigels fan in Frysk boek oerset yn it Latyn en dan wie de fraach út hokker Frysk boek dat kaam. André Looijenga hat dy wedstriid wûn, it goede antwurd wie De reade bwarre fan Trinus Riemersma. Yn 2013 ha wy in ‘glossy’ útjûn. Dat is in wat tsjokker nûmer en dêr stean in soad grappige ferhalen en anekdoates yn en wurde alle leden noch in kear foarsteld. Earder ha wy ek temanûmers útjûn, bygelyks by it ôfskied fan de dosinten Pieter Breuker en Oebele Vries.

Wy hiene altyd in protte niget oan it skriuwen en it wurkjen oan it Skanoskrift. Yn de stifting geane wy dêr mei troch, mar dan allinne op ynternet. De tiden fan it papieren tydskrift lizze foar it grutste part achter ús: it is net realistysk om oan te nimmen dat tweintigers en tritigers de muoite nimme om har op soks te abonnearjen. Mear en mear kultuer en debat spilet him op ynternet ôf. It lêste nûmer fan it Skanoskrift yn de âlde foarm is yn desimber útjûn, en is in soart betinkingsskrift: weromsjen op de ôfrûne sân jier.’

Binne der kontakten mei studinten Frysk yn Kiel en mei studinteferiening Bernlef yn Grins?

‘Ja, dy binne der wol. Foaral it earste bestjoer fan Skanomodu hat in protte kontakten mei Kiel, mar wy ha dy ek noch wol. Yn it universiteitsgebou fan Kiel wurdt alle jierren in krystfeest, it Jülfiir, holden en dêr gean der meastentiids in pear fan ús hinne. Dan bliuwe we dêr te sliepen by de studinten. We komme inoar ek wol tsjin op in kongres of sympoasium, bygelyks by de Fryske Akademy op it Frysk Filologekongres. Ik hoopje wol dat de kontakten mei Kiel bliuwe, mar yn hokker foarm dat wêze sil is op dit stuit net bekend. It soe moai wêze as sy wittenskiplike bydragen leverje kinne oan ús webskrift. No’t de stúdzjeferiening opheft is, is de âlde struktuer eins ek wei. Dan moat it eins by de nije stúdzjeferiening wei komme. Studinten dy’t Frysk studearje, kinne aanst ek by de nije stúdzjeferiening terjochte. Der binne ek wol wat kontakten mei de Fryske studinteferiening Bernlef yn Grins. De stúdzjeferiening is bûn oan in stúdzje, mar in studinteferiening stiet iepen foar studinten fan alle stúdzjes. Wy ha wolris by Bernlef west, bygelyks doe’t Liuwe Westra dêr op ‘e tekst wie oer syn oersettings.’

It Julfiir yn Kiel, desimber 2012

It Jülfiir yn Kiel, desimber 2012

 

Hoe giet it mei dyn stúdzje?
‘Prima. Ik sit no yn it tredde jier en it giet oant no ta poerbêst. De resultaten binne goed en it foldocht my wol. Oant healwei desimber ha ik staazje rûn by Tresoar, yn totaal 3,5 moanne, wat oerienkomt mei ien semester. Myn funksje dêr wie kolleksje-ûntsluter, wat ynhâldt dat ik my dwaande holden ha mei it better tagonklik meitsjen fan de ynformaasje fan Tresoar, yn myn gefal op it mêd fan de Fryske literatuer. Dat kin troch ynformaasje op Wikipedia te setten, om’t dat makliker fûn wurdt as op bygelyks de webside fan Tresoar. Ik haw de biografyen fan sân Fryske skriuwers op de webside Sirkwy flink útwreide en neisjoen, wêrûnder Obe Postma en Rink van der Velde. Dy binne no yn it Frysk en Nederlânsk beskikber. Op 24 novimber is der yn Tresoar in Wikipedia-dei holden, dêr’t in begjin makke is mei de fertaalslach nei Wikipedia. Elk kin no thús de ynformaasje fan Sirkwy op Wikipedia sette, yn watfoar taal dan ek. Dat is yn grutte linen wat ik dien ha by Tresoar. Ik folgje neist myn staazje noch twa ûndersykskolleezjes, de iene giet oer literatuer en de oare oer taalkunde. By taalkunde doch ik ûndersyk nei klinkers yn it Frysk. Myn ûndersyk by literatuer giet oer it plak fan de Fryske literatuer by Ljouwert as Kulturele Haadstêd 2018.’

Wat kinst fertelle oer dyn ûndersyk by literatuer?
‘Tiisdei 11 novimber hat der in stik fan my yn de Ljouwerter Krante  stien dat eins fuortkommen is út myn ûndersyk. Der wurdt nammentlik in soad roppen mei it begrip ‘mienskip’, sa wurdt sein dat it de krêft fan Fryslân is. Ik ha my deryn ferdjippe wat ‘mienskip’ eins is en hoe’t it yn it bidboek fan Kulturele Haadstêd nei foaren brocht wurdt. Der is in hiele teory om de mienskip (‘community’) hinne. Ynternasjonaal wurdt der ek in soad dien mei lytse mienskippen. Ik helje ûnder oare de teory fan Benedict Anderson oan; dat de Fryske kultuer yn de 19e ieu konstruearre is en dat de mienskipsfoarming doe ek opkaam troch it printe wurk: boeken, tydskriften en kranten. Goffe Jensma hat skreaun oer hoe’t de algemiene kultuer him yn Fryslân yn de 20e ieu ûntjûn hat. Dat lûk ik hielendal troch oant no en dan sjoch ik hoe’t Kulturele Haadstêd dêr yn past. De Kulturele Haadstêd wol fan ûnderen op de minsken belûke yn de plannen en dat brekt mei de tradysje fan ôfrûne desennia dat de oerheid hieltyd mear de hoeder is fan de kultuer en de literatuer. Kulturele Haadstêd komt ek út de hegere lagen fuort. Goffe Jensma seit dat yn heech-leech ferhâldingen kultuer ûntstiet. De organisaasje wol dochs de gewoane man, de mienskip, der ek by belûke en dat is in grutte útdaging en dêr slagje se oant no ta net yn.

Myn ynstek is dat wannear’t se minsken der by belûke wolle, se earst de mienskip ynljochtsje moatte wêr’t se mei oan ‘e gong binne. Uteinlik jou ik ek in analyze fan hoe’t de literatuer yn it bidboek nei foaren komt. Ik ha ek kontakt mei de minsken dy’t de projekten organisearje, wa’t ik frege ha hoe’t de stân fan saken is. As lêste kom ik mei eigen literêre plannen foar 2018. De organisaasje ropt wol dat dy iepen stiet foar plannen dy’t troch de mienskip oandroegen wurde, mar guon ferhalen út de praktyk wize oars. Der is in loket yn de Blokhúspoarte dêr’t je hinne kinne en ek fragen stelle kinne, mar in protte minsken witte dat net. It is in beswier fan my dat dat net goed regele is, want net ien wit wêr’t er op dit stuit oan ta is, sels minsken dy’t hiel ticht op it fjoer sitte net. Dat jout oan dat de struktuer op it stuit folslein ûndúdlik is, minsken witte net hoe’t de organisaasje yn syn wurk giet. Der binne gefallen dat minsken gjin begelieding krije by de yntsjinning fan plannen of dat minsken plannen stjoere en dan gjin reaksje krije. Dan wurde minsken erchtinkend en dat moatte wy krekt net ha, want dan sille je nea de mienskip belûke kinne by sa’n evenemint. It iennichste dat de minsken fernimme is dat in direkteur oansteld wurdt dy’t in soad jild fertsjinje sil en dy’t boppedat pas takom jier begjinne kin. Der moat folle bettere kommunikaasje komme oer hoe’t it rint mei de projekten, want it is samar 2018. No’t de ynterne struktuer dúdlik is, sil dat faaks better begjinne te rinnen. Sa is de organisaasje ein jannewaris al begûn mei mear promoasje. Foar myn oplieding ha ik in stik skreaun, dêr’t ik parten fan nei bûten bringe wol, nei alle gedachten fia Skanomodu. Ik hoopje fan herte dat se wat dogge mei myn oanrekommandaasjes. It kin wêze dat ik myn ûndersyk en ideeën letter yn myn skripsje noch mear útwurkje. It is moai dat ik dit by myn stúdzje dwaan kin. It jout wol oan hoe wichtich de stúdzje Frysk is foar Fryslân en de Fryske kultuer.’

It Grut Frysk Kwartetspul fan Skanomodu

It Grut Frysk Kwartetspul fan Skanomodu

 

Wat fynsto fan de nije opset fan de stúdzje Frysk yn Grins?
‘It is goed dat der no mear ynset wurdt op meartaligens. Dat is dochs echt de takomst, hielendal yn Fryslân is it hjoed-dei-dei in grut punt hoe’t je dêrmei omgean moatte en yn Europa ek wol fansels. Kwa opset is de stúdzje no breder. Myn stúdzje, Europeeske Talen en Kultueren, wie ek al breder, mar mear rjochte op de mearderheidstalen yn Europa. Der is no in ûntwikkeling yn Nederlân dat talestúdzjes ferdwine. Sa sil de UvA bygelyks in protte talen fuortbesunigje. In kwealike saak. Yn de tiid dat yn Grins it Frysk drige te ferdwinen wie it ek sa dat de lytse talestúdzjes net mear los faninoar bestean koene. Doe is besluten om hast alle talen op ien bult te smiten, mei útsûndering fan it Nederlânsk en it Ingelsk. Dat waard doe Europeeske Talen en Kultueren neamd. It programma is earst foaral rjochte op Europa: Europeeske letterkunde en skiednis. It is nijsgjirrich as by it fak literatuer elk in wurk út syn taal kiest en dastst dan de ferskillen en oerienkomsten sjen kinst. Letter yn dyn stúdzje kiest in taal, dêr’tst dy dan hieltyd mear op rjochtest. Sa’t ik foar it Frysk keazen ha, ha oaren foar it Dútsk, Russysk of Sweedsk keazen. De oaren studinten út myn jier ha de ôfrûne moannen staazje rûn yn it bûtenlân.

Nei ien jier is it Frysk út it programma gien. Goffe Jensma seach dat it Frysk ûndersnijde yn it programma, dat der te min wurk wie foar de Fryske dosinten. Dat koe net mear. In protte lytsere talen binne nei in jier dochs noch fuortbesunige, lykas it Noarsk, it Hongaarsk en it Finsk. Ingelsk sil no ek by Europeeske Talen en Kultueren komme. Ik tink dat de kolleezjes dan ek mear Ingelsktalich wurde sille, oant no ta wiene dy fierwei noch yn it Nederlânsk. Ik hâld my no eins allinnich noch mei it Frysk dwaande en net mear mei oare talen. Ik bin yn myn jier de iennichste dy’t Frysk as haadtaal docht. Der binne wol byfakkers Frysk, by it fak taalfeardigens wiene dat der in stik as njoggen. Dizze nije stúdzje is mear rjochte op minderheidstalen en dat jout in ekstra diminsje. De lytse talen ha har eigen problematyk yn de wrâld. Ik fyn de nije opset fan de stúdzje hiel posityf en ynternasjonaal.’

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *