
Fryske Bommel yn 2015 Kadoboek
Utjouwerij Le Chat Mort út Ketlik en Tresoar út Ljouwert binne oerienkommen dat yn 2015 in Fryske Bommel útjûn wurde sil. Jarich Hoekstra en Harke Bremer, dy’t al earder Bommelferhalen fan Marten Toonder oerset ha, sille ek dizze útjefte fersoargje. It ferhaal dat oerset wurdt is ‘De Vergelder’. It is in ferhaal oer de útfining fan in jildapparaat yn finansjeel nuodlike tiden. In tema dat oanslút by de aktualiteit fan hjoeddeis. De útjefte sil brûkt wurde as Kadoboek yn de promoasjeperioade fan Swalk (11 o/m 20 septimber 2015). It boek sil fan 11 septimber 2015 ôf yn de boekhannel lizze en is te krijen by oankeap fan in Frysk boek.