
Besprek Femke Faalt fan Ate Grypstra
Ate Grypstra (1973) nimt de lêzer mei Femke Faalt (syn alfde boek al!) mei op in wiere achtbaanrit dy’t hieltiten trochdinderet en almar spannende en mâle draaiïngs makket.
Heftich! En oan dat debút (Hftch, 2008) docht my dit boek sa út en troch tinken. Mei oare wurden in flot, by-de-tiidsk en spannend e-boek. De skriuwer hat blykber in fassinaasje foar it morbide en grouwélige, want dy eleminten sitte njonken It Beest fan de Westereen (2011) – dêr’t boppedat yn Femke Faalt op in aardige wize nei ferwiisd wurdt – en Grutte Pier – Krús fan de Hollanner (2012) ek yn Femke Faalt befrissele. It nijste boek fan Grypstra hat alles: seks (no ja, der falt út en troch ris in wurd oer), geweld, spanning, games, gadgets (om’t it ferhaal him yn 2016 ôfspilet komt der sels in iPhone 7 yn foar) soad humor, filosofytsjes en yn in Frysk boek heart fansels oer taal redendield te wurden.
Femke Koning hat it net maklik mei har hast sechstjinjierrige leeftyd. Dat hja har somtiden drok makket om de folume fan har kont en búk binne dêrby de minste fan har soargen. Hja spilet as drumster yn in metalband dêr’t hja har net alhiel yn thús field. Boppedat mei gitarist Douwe-Jan har net. ‘Giftich mantsje, dy Douwe-Jan. Hy mocht har net, dat fernaam se oan alles. Fûn it mar neat dat se in chick op de drums hienen. Fûn har net in echte metalhead.’ Mar hja is wol ‘in retegoeie drumster’ en ek al is de muzykstyl net alhiel har ding, hja kin har geweldich útlibje op it ynstrumint. ‘Al har problemen, al wie it mar foar efkes, te ferjitten.’ In oare soarch is hoe’t hja omgiet mei har nije freontsje en bandlid, Lennard of Lenny-boy, om’t dy relaasje yn ’t earstoan de nuete kant neist is. It sit har dwers dat hja fan it gymnasium nei vwo en fierder nei havo ‘ôfsakke’ is. It grutste probleem is lykwols de húshâlding. Har mem neamt se de IIskeninginne fanwegen har hurde en iiskâlde hâlding. Sy moat Femke altiten hawwe, wylst Sjors (mei as bynamme Sjors Somby fanwegen syn bleke gesicht troch oerfloedich gamen), har broerke, mei syn grapkes altiten fuortkomme kin. Har mem ferwyt har ek dat se no ‘mar’ op de havo sit, wylst har mem sels gjin hege oplieding hat. Har heit neamt se de Grutte Ofwêzige dy’t altiten en ivich fuort is, sels op saterdeis. Letter yn it boek kriget er in oare bynamme dy’t ik net neame sil mei’t dan tefolle fuortjûn wurde soe. Dêr sit in grut en suver dramatysk sturtsje oan.
It drama-gehalte yn it boek is heech en hat dêrby de funksje om te yllustrearjen dat it libben fan Femke net oer roazen giet. Lykwols kriget dat út en troch frijwat grutte proporsjes dat de oannimlikens ôfnimt. Sa komt de neikommende passaazje, út de mûle fan Baukje Koning, har mem, lichtlik oerdreaun en forsearre oer:
‘Mar ja, at je sa ûnnoazel binne om nei twa jier alwer fan it gym ôftrape te wurden en in jier letter bliken docht dat sels it vwo te heech grepen is … Tsja, miskien is it dan ek wol net hielendal redelik om oar gedrach en oare … no ja, sis mar … tafelmanieren fan sa’n persoan te ferwachtsjen.’
Gaatze, har heit, wol it noch fersêftsje, wylst er Baukje krekt dêrfoar in foarsetsje jûn hie. Hy brûkte dêrby it argumint dat jonges mar jonges binne ta ferdigening fan Sjors en dat it goedbesjoen ‘fansels allegear ús Femke har skuld’ is. Dat spilet dan de oertsjûgingskrêft net yn ’e hân.
Nettsjinsteande de plausibelens ropt it in soad nijsgjirrige en betiden grappige observaasjes op, wat de helte mear wurdich is en makket dat men oer sa’n puntsje graach hinne stapt. Sa neamt hja har heit De Grutte Ofwêzige, mar nei boppesteande sêne fynt hja ‘frjemdling-dy’t-krekt-docht-oft-er-myn-heit-is’ tapasliker. Mar wat te tinken fan: ‘De gedachte oan har hertsfreondinne fan Jellien liet in hiel lyts sinnestrieltsje op it tsjustere poaliis fan har ynderlik falle, mar der kaam noch safolle kjeld út ’e rjochting fan de IIskeninginne.’ Sa hat se it ris oer in ‘laitsballon’, ‘sûfflee de tsiis’, ensafuorthinne, dêr’t dúdlik Femke har foarleafde foar taal út nei foarren komt.
Fierders ûnderhâldt Grypstra de lêzer mei beskôgjende stikjes oer wat it skoalnivo no eins oer ien seit. Sjors jout Femke tsjingas oer wêrom’t har mem har altiten sa achter de fodden sit: ‘Dy moat it better dwáan as ik.’ Fertelt wat oer it tsiende-man-prinsipe en folle net genôch. Mar der komme ek aardige (suver poëtyske) bylden yn foar dêr’t Femke fuort op ûntnofterjende wize harres fan tinkt.
Se stoarre wat foar har út oer it donkere wettere. De beammen om it fiverke hinne stienen der blêdleas en trystich by. Troch de grimelgrammel fan swarte, dripkjende tûken hinne koe se in pear grêfstiennen fan it fierderop lizzende begraafplak sjen. Se sucht opnij en frege har ôf wêrom’t se it hjir eins altiten sa’n moai, rêstjaand plakje fûn hie. Goed besjoen wie it mar in treurige bende. Krekt as de rest fan de wrâld. Krekt as de hiele ferskriklike deprimearjende rotplaneet.
In ljochtpuntsje is har freondinne, Jellien, dêr’t se alles mei dielt en dêr’t se in soad stipe oan hat. Dy ljochtpuntsjes besiket Femke te sjen, mar hoe giet it as men as puber mient dat alles tsjinsit, dan is it libben in hel. En mient se dat se nergens goed yn is, alles har ûnder de hannen ôfbrekt, fandêr de titel fan it boek. My tinkt, dat in soad jongeren fan har âldens harren dêr prima yn fine kinne. Bin sels krekt net âld genôch om fergetten te wêzen, dat ik sels ek gauris it mier oan alles hie en miende dat neat gie sa’t ik dat sels woe… Ho wachtsje, sokke dagen haw ik noch wol.
Mar lykas al sein, kin hja goed drumme en hja hat wat mei taal, sa besiket se sels songteksten te meitsjen wat har aardich slagget. Se hat wat mei it Frysk, want mei har ‘fryndin’ Jellien graach – dy’t oars hielendal net oerdreaun min Fries, uh Frysk praat, moat yn har ferdigening sein wurde – ferbetterje en freget se har ris ôf oft ‘tearbeminde’ wol in Frysk wurd is. Somtiden komt dat justjes hypokryt oer, om’t der genôch net-geve wurden of planút hollanismen yn har eigen taalgebrûk oan te wizen binne. Se lêst har broerke in leske oer it feit dat er tefolle kompjûterspultsjes docht en se leit wolris in wurd út wat wiispraterich en tagelyk keunstmjittich oerkomt. It is krekt as wol de skriuwer it graach oan de lêzer dúdlik meitsje wat de wurden betsjutte (wylst elke tsiener dy wurden mei syn snoadfoan opsykje kin) en de morele finger oer it gamen komt ferplichte oer.
Maar dat geheel terzijde, werom nei it Frysk. It is perfoarst myn bedoeling net om hjir in opsomming te meitsjen fan alle wurden dy’t neffens de leksikografyske of grammatikale (bygelyks ‘oerseach’, ‘foarkom’) regels net troch de mesken kinne. Dat soe dan langer wurde as it besprek sels. Nee, grapke. Ik wol júst sizze dat Grypstra in geweldigen prestaasje levere hat troch in poerbêste balâns tusken geef en linich te meitsjen. Hy wikselet net-geve wurden ‘lachertje’, ‘daadwerklik’, ‘ferwaarloazest’ om in pear te neamen ôf mei ‘staveringsflaters’, ‘tinzen’, ‘rabje’ om trije dêr tsjinoer te setten. Ek it hege oanpart Ingelsk sa’t men dat hjoed-de-dei oeral om jin hinne heart en op ’e sosjale media lêze kin, makket it sprektalige karakter grut. En dêrmei de oantreklikens en tagonklikens foar de doelgroep grut, liket my sa ta. En dat fierders oanfolle mei humor en in flotte styl fan skriuwen. It soe moai wêze as sa’n boek in opstapke is nei mear Fryske boeken, as de idealist him efkes útlitte mei.
Ik soe hast sizze wolle dat ik net ynsjen kinne soe wêrom’t dat nét sa wêze soe, want dit e-boek is in wiere pageswiper (of soe Femke it in ‘sideswiper’ neame wolle?). It boek begjint al mei humor, koarte skets fan Femke, in spannende sêne mei cliffhanger. Bats, men is fuort ynstapt mei in earste kopketûmelder wêrnei’t de achtbaan it senuweftich tikjen makket bywannear’t it karke omheech lutsen wurdt. Der is gjin wei werom, men sit fêst, ropt fan YOLO en wol mar al te graach fierder gean. En dat foar mar € 2,50! Walibi is djoerder!
Ate Grypstra
Femke Faalt
Afûk, Ljouwert, 2014
Ferkeappriis: € 2,50