Ferdinand de Jong

Krústocht

logo.ensafh

Yn it bibelboek Eksodus wurde de pleagen beskreaun dy’t Egypte troffen om it frijlitten fan it Joadske folk ôf te twingen. De Joaden libben dêr doe as slaven. Oant de farao safier wie, kamen tsien pleagen oer it lân dêr’t de Nijl streamt. Pas nei dat wetter feroare yn bloed, kikkerts, luzen, stekmiggen, feepest, swolms, hagel, sprinkhoannen, tsjusternis en de dea fan alle earstberne bern it lân en syn ynwenners teheistere hienen, liet de farao it folk yn frijheid fuortgean.

Gjin mûzen, tocht ik doe’t ik it rychje nochris bydel gie. Eigenaardich. Want mûzen binne tige effektyf as pleach. Se dogge op dit stuit harren wurk as fernielers fan greiden en diken mei oerjefte en dogge it yngreven. It foel my op hoefolle artikels, bylden en praten der foar nedich is om oan te toanen dat der wat slims oan de hân is. Wylst je dat nei ien reportaazje wol yn de gaten ha as gewoan boereslim tinkend minske. Mar pas nei talleaze stikken yn kranten en oare media kamen de politisy efkes fanwegen om de saak oer te sjen. Fansels mei krekt te glimmende learzens oan. Ik bin ferjitten oft se ek in helm op hienen, want dat moat tsjinwurdich as jo as folksfertsjintwurdiger earne op besite gean. Ik tink dan altyd: Jim ha net folle betrouwen yn de kwaliteit fan de bouwurken as je algeduerigen in helm op ha moatte, mar klear. Yn dit gefal hienen se better in stik elastyk om de broekspipen dwaan kinnen.
Eartiids, doe’t der noch op grutte skeal lytse heapakjes makke waarden, koe it sa wêze dat dat hea net op ien dei fan it lân nei de droege skuorre brocht wurde koe. As der dan in reinbui driigde, waard it hea yn stûken setten. Foar guon dy’t net witte wat stûken binne: in oantal pakken hea tsjinelkoar oan om it oerflak dêr’t it reinwetter skea oanbringe kin sa lyts mooglik te meitsjen. Ien as twa dagen droech waar en it spul koe binnendoar brocht wurde.

Dy stûken wienen ek mear as ien kear taflecht foar oare fjildbewenners. Fandêr myn opmerking oer elastyk, want ik wit noch goed dat der ris in fjildmûs by ien fan myn neiste famyljeleden fan ûnder in pakje hea wei syn heil socht yn de broekspipe fan de rjochter foet en nei in krústocht der oan de lofterkant wer út kaam. Dit alles ûnder meunstereftige jammerklachten en byhearrende stripact fan de persoan yn kwestje. Net dat sa’n bist jo daliks grutte skea oandwaan sil op sa’n rûntsje, mar dat der jo wat by in skonk omheech klimt is net in noflik gefoel, alteast as ik my it kriten wer yn it ûnthâld bring.

De boeren fan no dy’t mei grutte skea sitte trochdat de mûzen harren greide, kuil- en maisbulten ferfrette, ha net folle fan de polityk te ferwachtsjen. Se kinne miskien jild liene om te besykjen wat oan de ferrinnewearre greiden te dwaan.

Wat wy nedich ha is in healjier Noard Amearika. Want der is foar it twadde jier op rige in nuveraardige identike situaasje oan de hân dêr’t je de measte minsken net oer hearre. As je de waarkaarten fan septimber oan dizze wike trochnimme, falt op dat wy hjir hast in tropyske passaatwyn ha. Súd, súdwest, súdeast. Heechút in kear as wat rjochting it noardwesten. Mar dizze waarmte bringende sigerij út midden-Europa wei soarget foar de mûzepleach. Yn Kanada en de USA friest it foar it twadde jier op rige rekord op rekord.

As wy fan de pleagen sa as de mûzen ôf wolle, sil dat troch sykten of troch in strange winter komme moatte. De predatoaren kinne al dy mûzen lang net op. De situaasje sil dit jier net better wurde as de mûzen sûn bliuwe, earder slimmer. It is dus foar alle belutsenen te hoopjen dat Jûkelburd oar jier de loftstreamingen omkeart en Europa in pak op de bealch jaan sil. De boeren en de reedriders sille him tankber wêze.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *