
Sjonger-lietsjesskriuwer Marcel Smit fan Burgum is in flugge learder! Dat docht bliken as men syn twadde album Mear muzyk, dat ein 2014 ferskynd is, in pear kear ôfspile hat. Op dy skiif hat er nammentlik omtinken jûn oan suver alle punten fan ‘krityk’ dy’t ik op 13 novimber 2011 op dit plak hie op syn debút-cd Muzyk.
Observator en ynterpretator
Boppe it neamde besprek út novimber 2011 stie as kop: ‘In perfekte titel’. Dy kop haw ik der yndertiid boppe set, om oan te jaan, dat it muzikale aspekt op Marcel Smit syn debút-album better fersoarge wie as it talich-tekstuele aspekt. As fehikel fan ’e lietteksten op syn earste cd brûkte Smit nammentlik de taal fan it doarp dêr’t er hikke en tein is: De Westereen. Dat fol mei Hollânske ynslûpsels sittende ‘Woodfrysk’ fan De Westereen hat wat autentyks, mar late nei myn betinken op Smit syn debút-cd wol slim ôf fan ’e ynhâldlike kant fan syn teksten. En dat achte ik spitich, om’t Marcel Smit no wer ris sa’n singer-songwriter is, dy’t wier wat te ‘sizzen’ hat. Net dat er allerhanne drege maatskiplike fraachstikken by de kop hat. Nee, hy is mear de ultime observator en ynterpretator fan dingen dy’t er om him hinne waarnimt.
Autentisiteit
Dat liettekstskriuwen en sjongen docht Marcel Smit op syn twadde cd Mear muzyk, dy’t op 21 novimber 2014 presintearre waard yn in grôtfol doarpshûs ‘Yn ’e Mande’ te Tytsjerk, ta myn grutte freugde yn in folle gever en better fersoarge Frysk as op syn debút-album! En dat dan ek noch sûnder dat er fokaal oan autentisiteit ynlevere hat. Hy sjongt wier noch wol yn it Wâldfrysk mei alle ‘hy, sy en dy’s’ dy’t dy taalfariant sa karakteristyk meitsje en mûllearret dêrby ek noch foar it faderlân wei (‘foar’ is by him steefêst ‘fjar’), mar soks docht gjin ûnderstek mear oan wat er te melden hat yn syn teksten. Oars sein: Marcel Smit is op syn twadde cd in folwoeksen artyst wurden! En wie op in pear nûmers fan syn debút-album produksjoneel noch wat oan te merken, Mear muzyk ‘klinkt’ – mei tank oan Rein Zwerver fan ’e RDS Studio te Snits en Pier-Durk Hogeterp fan ’e Wisseloord Studio’s te Hilversum – werklik fantastysk!
Paad troch it libben
Op Marcel Smit syn jongste album binne tolve nûmers te hearren. Oan alles is te fernimmen, dat wy hjir te krijen hawwe mei in artyst dy’t wiswier wol oer guon saken syn twivels hat, mar dy’t fierder ‘it libben’ aardich treast is. Hy hat sels in nûmer mei de titel ‘It libben’ skreaun en dêr formulearret er syn betinken sá yn:
[…] ik lit my net kinne
Ik fjochtsje no hurder
Ik gon der dwars trochhinne
en fiel my grutter
Lit it net rinne
Sjoch om my hinne
Hoe moai it libben einliks is
Ik fûn myn paad
troch net ôf te slaan
De wei omheech
fynst troch nea op te jaan
De tolve nûmers op Mear muzyk sitte frijwat útsprutsen leafdeslietsjes fan it type ‘ik (manlik) hâld fan dy (froulik)’ tusken. As titels fan sokken binne te neamen ‘Leafdesferske’ (mei de like simpele as krêftige rigels Troch dy wurde de swartste nachten ljocht / It wurdsje leafde is spesjaal foar dy betocht), ‘Moaie Lisette’ (kaam út de grutte stêd / Hju ron sa myn doarp yn, myn strjitte, myn hûs, myn bêd / Hju kaam troch de muorre en gie troch de doar / Dêrtusken skodde hju myn hiele libben trochelkoar), ‘Ien winsk’ en ‘In part fan dy’. Dy lêste beide kom ik aanst noch op. Yn ’e oare teksten lykwols, sitte ek net te min leafdesferklearrings. Sa sjongt Marcel Smit yn ‘Fryslân’ fan syn leafde foar dy provinsje dêr’t syn widze stien hat en foar de taal dy’t dêr yn ’e swang is:
De taal fan myn âlders dy naam ik mei
Ik tocht dat de hiele wrâld ‘Heit en Mem’ sei
Oeral dêr’t myn bêd stiet en dêr’t myn klompen ek stean
Ik hear thús yn in lân dêr’t se Frysk ferstean.
Mar ek ‘Boufakkerssoan’ en ‘Hûntsje Minne’ binne winlik lieten mei leafdesferklearrings. Yn it earste is it ien oan syn heit en yn it twadde ien oan ‘ús hûntsje Minne’. Nijsgjirrich oan dat lêste nûmer is, dat it muzikaal ynkleure is as in gospelsong. Dat past alhielendal by de ynhâld fan ’e tekst. Yn it nûmer wurdt nammentlik frege: Ooh Heare, jou him in plak / Jo ha noch noait sa’n hûntsje sjoen / as ús Minne hûn. Grif troch dy gospelynkleuring, kompleet mei in frouluskoarke, is ‘Hûntsje Minne’ in suksesnûmer by Smit syn live-optredens.
In oar nûmer dêr’t Marcel Smit live gâns eare mei ynleit, is ‘Omstekeard’ (As ik it oerdwaan mocht, dan die ik alles oarsom). Krekt as ‘De fisker’ en ‘Tattoo Fries’ is dat gjin leafdeslietsje, mar earder in ‘fertelling’; yn dit gefal fan syn eigen paad troch it libben, mar dan dus efterstefoaren. It koartswilige ferhaal einiget mei de konsepsje troch syn âlden fan ’e lettere sjonger: En as it in jonge wurdt, neame wy him Marcel!
Pronkjes fan ferbyldingskrêft
Mei twa nûmers fan Mear muzyk hat Marcel Smit definityf myn hert stellen. Ik neamde se hjirboppe al: ‘Ien winsk’ en ‘In part fan dy’. Yn it earste sjongt de ik-persoan fan syn leafste dy’t in slimme sykte ûnder de lea hat. Hy docht dat yn prachtige rigels, dêr’t ik hjirûnder in stikmannich sûnder fierder kommentaar fan folgje lit:
Waarme wyn rint ús oer de lea
De nacht hat west, de dei stiet klear
En yn dyn egen sjoch ik hiel even
Watst ek hjoed ferbergje silst
Altyd fleurich en goed yn ’t fel
Litst neat sjen fan dyn eigen hel
[…]
Gjin moaie dyk, mar in wyld paad
Under de sinne sels yn ’t skaad
[…]
Sûne minsken ha mear winsken
As dy iene winsk fan dy
Mar der binn’ ek minsken
Dy diele winsken
En dy stean’ faak hiel tichtby
No asto sa foar my stiest
Datsto foar my de wiere bist
It nûmer ‘In part fan dy’, in duet dat Marcel Smit sjongt tegearre mei in formidabele Gerbrich van Dekken, achtsje ik it moaiste Frysktalige leafdeslietsje fan ’e lêste fiifentweintich jier. It hat, krekt as it hjirboppe oanhelle ‘Ien winsk’, as tema it needtwongen ôfskie dat de ik-persoan nimme moa(s)t fan syn leafste. ‘In part fan dy’ bestiet út fjouwer kûpletten en in refrein. Dy kûpletten binne stik foar stik pronkjes fan ferbyldingskrêft. Ik helje hjirûnder it earste en it tredde oan:
As de brêge slein is yn ’t lêste paad,
dat stadich troch it libben rint.
As de dei fan hjoed de moarn net hellet,
bist ûnderweis nei dêr’t it begjint.
Do rinst net mear troch myn dagen,
in krûp of tút dat kin net mear.
No dûnsest faak om yn myn tinzen,
as ’k oan dy tink, stiest foar my klear.
It refrein lykwols, is sa mooglik noch sterker as de kûpletten. Rigels út dat refrein haw ik okkerdeis sels al boppe in rou-advertinsje yn ’e Ljouwerter Krante stean sjoen! Dat is gjin niget. Lês mar:
In diel fan my sil mei dy stjerre,
in part fan dy hâld ik fêst.
Fan alles wat wy hienen tegearre,
hat hâlde-fan it moaiste west.
Behalve it treflike fokale wurk fan Marcel Smit en Gerbrich van Dekken yn ‘In part fan dy’ moatte it prachtige pianospyljen van Peter van der Zwaag en it werklik sublime sopraansaksofoanwurk fan Hubert Heeringa yn dat nûmer neamd wurde. Op sa’n wize is ‘In part fan dy’ ek in pronkje fan ‘prosody’ (it byinoar passen fan tekst en muzyk) wurden!
Fêste en gastmuzikanten
Wat muzikale ynfolling oanbelanget, stiet it krektneamde ‘In part fan dy’ oars in bytsje los fan ’e oare alve nûmers op Mear muzyk. Yn ’e measte fan dy nûmers wurdt Marcel Smit bystien troch de twa leden fan syn fêste begeliedingsband De Hiele Hannel. Dat binne Wander van Duin (akoestyske gitaar, mandoline, banjo, eftergrûnsang) en Wilt Dijk (kontrabas, elektryske bas, eftergrûnsang). Dy hearen binne betûfte muzikanten, dy’t al in hiele karriêre efter harren hawwe, ûnder oare yn ’e folkbands Cotton Green en Dixie Doodle. Mei de gastmuzikanten Christiaan van Hemert (fioele, bandoneon), Ruben Mulder (hammondoargel) en ’e al neamde Peter van der Zwaag (dy’t ek noch akkordeon spilet) is sa in muzykstyl ûntwikkele, dy’t ticht tsjin ’e Americana-fariant fan ien as John Hiatt oan sit. En dan foaral de John Hiatt sa’t dy te hearren is op syn albums Walk On (1995), Crossing Muddy Waters (2000), Same Old Man (2008) en Dirty Jeans and Mudslide Hymns (2011). Om ’e kombinaasje fan syn (stim)timbre en ’e muzyk dy’t er mei syn fêste en gastmuzikanten (én mei in koarke, dat bestiet út Yanesh Sjoerdsma, Carin Seegers, Elly May en Agnes Sambrink) op Mear muzyk hearre lit, haw ik oanstriid en neam Marcel Smit ‘de Fryske John Hiatt’!
Klank en kleur slúfûntwerp
By einsluten moat ik noch wat sizze oer de ‘ferpakking’ fan dit prachtalbum. Dy ferpakking, in hiel moai stevich, brunich buordpapieren slúfke mei in boereswel foarop, is betocht troch foarmjouwer Wytse Sterk. Ik haw mar komselden in sa goed by wat op ’e oanbelangjende cd te hearren is passend ûntwerp sjoen. Sterk hat, om sa mar te sizzen, de ‘klankkleur’ fan Mear muzyk fongen yn syn slúfûntwerp!
Marcel Smit: Mear muzyk (cd); Eigen behear; Burgum 2014; www.marcelsmit.nu
Dankewol foar dit besprek! ‘In part fan dy’ is yndie in hiel moai ferske.