
Gysbert Japicxpriis 2015
Gysbert Japicxpriis 2015: Longlist mei tolve titels
De advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2015 hat in longlist bekendmakke fan tolve Frysktalige romans of ferhalebondels. Op de list steane titels fan auteurs mei in lange steat fan tsjinst mar ek in pear debuten. Yn har nijsberjocht op de website sirkwy.nl lizze de kommisjeleden yn it koart út hoe’t se oant no ta te wurk gien binne. Se stelle dat se foar de longlist boeken keazen hawwe ‘mei in literêr karakter, dy’t aventoerlik en fernijend skreaun binne en de rikens fan it Frysk dúdlik sjen litte’.
De advyskommisje ropt de lêzers fan Fryske literatuer op om de nominearre boeken ek te lêzen. ‘It binne allegear pearels, stik foar stik boeken dy’t it fertsjinje om kocht of út de bibleteek liend te wurden. It iene is tige modern, it oare útdagend en wer in oar boek is ferbjusterjend.’
De Gysbert Japicxpriis is de grutte priis fan de Fryske literatuer. De provinsje Fryslân rikt de priis om de twa jier út, de iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzij. Dit jier is it proaza oan bar. It giet om wurk útkommen yn de kalinderjierren 2011 oant en mei 2014; dêrby is de feitlike datum fan ferskinen liedend. Yn totaal ferskynden yn it oanbelangjende tiidrek mear as 130 oarspronklike Frysktalige proazatitels, ynklusyf net-literêr wurk.
De advyskommisje bestiet út Marga Waanders (foarsitter), Yvonne Dijkstra, Kester Freriks, André Looijenga en Doeke Sijens.
De nominearre titels binne:
As gong dêr in oar – Leo Popma
De triennen fan Cheetah – Anne Feddema
Einum – Koos Tiemersma
Frou mei mandoline op sofa – Josse de Haan
In kop as in almenak – Elske Hindriks
It libben fan in oar – Jetske Bilker
Kofje ferkeard – Margryt Poortstra
Kompleten – Marga Claus
Littenser Merke – Ale S. van Zandbergen
Op klompen troch de dessa – Hylke Speerstra
Rêdbâd – Willem Schoorstra
Wat it is om bang te wêzen – Sipke de Schiffart
Mear ynformaasje oer de titels dy’t op tal steane is te finen op sirkwy.nl.
Fierdere gong fan saken
Op 1 juny makket de advyskommisje de shortlist bekend fan trije titels. It lêspublyk krijt sa in prachtige list mei lêstips foar de de simmerfakânsje. Op 11 septimber start de boekepromoasje-aksje ‘Swalk’ mei it jierlikse Boekefeest. By dy gelegenheid wurdt de winner fan de Gysbert Japicxpriis bekendmakke. De feestlike priisútrikking is yn de Martinitsjerke yn Boalsert op sneontemiddei 10 oktober. Elkenien is dêr wolkom.