
Minsken binne berne foar it paradys. Sa sjoch ik it. Net foar de hel.
Mar dât is wol de omjouwing dêr’t se har yn rêde moatte. Ik bin net nayf.
Ik siet mei trije jonge minsken oan in taffeltsje yn it Grand Café fan it Gemeentemuseum yn Den Haag. Wy hiene de útstalling Cezanne-Mondriaan-Picasso besjoen. It wie oan in kop kofje of oars wat ta.
Ik seach nei dy jonge minsken en tocht: se binne berne foar it paradys.
Dat wie in emoasje.
It buorjonkje dat troch de hage ropt: ‘Hee.’ En wat letter: ‘Wat dogge jim?’ It buorjonkje, dat jin trouhertich oansjocht en gjin kwea yn it sin hat en folslein betrouwen yn jin stelt.
It libben fan it minskdom is begûn yn it paradys, dat wol sizze, dat is it idee fan it minskdom. De belibbing.
Earder wie alles better. Earder wie it goed.
In poppe, in pjut, in jong bern foarmet in byld fan ûnskuld.
Ik bin net nayf. It paradys is yn har mar ek al wat oars. It idee, de belibbing is: yn sûnde berne, oanstriid hawwend ta it kwea. It stik ûngelok yn jin.
Beskermje dy, gean net mei op hellewegen. Teloarstelling, frustraasje, lilkens, lilkaardichheid, kweasin, ûnminsklikheid, idelens, de lust nei macht en besit, oergeunst bringt jin der ta.
It giet om behearsking, om balâns.
Hast mar sizzenskip oer ien aspekt fan alles wat der is: dysels.
Wat moatst dwaan? Helje it paradys yn dysels nei boppen of lis it yn dysels op ’en nij oan. En striel it út.
Hâld it yn dysels oerein: ik bin berne foar it paradys.
Yn dysels en om dy hinne bist dan de synikus, de frustraat, de lilke, de lilkaardige oermansk.