
Nei in min begjin fan it libben (as ûnwinske krigsbarn, in soarte fan collateral damage [bettere ferwurding kin’k op dit stuit net betinke]; morele skea yn in lân wat de hannen fol hie oan himsels), wie it fierdere ferrin fan it libben fan it moffenjong ek net fraai.
Bern fan Dútske militêren en Hollânske memmen hiene it net foar it sizzen. Har memmen like min. De bern bedarren faakris yn spesjale bernetehûzen, wêr’t sy somtiden mei jittik wosken waarden om sa de nazilucht fan har ôf te spiellen.
Waarden mei in ûnwier ferlechje fan harren mem skieden en ûnderbrocht yn in pleechgesin. Wêr’t it somtiden al, mar faker hielendal net winske wie.
De Nederlanners sieten hielendal net te wachtsje op in bern fan de besetter.
Lês fierder by Janneke de Boer