Ulke Brolsma

In God we trust

logo.ensafh

‘God is my business,’  knettert it yn myn earen. It komt as in tongerslach út de himmel, dizze earste jûn yn Yangon. Eartiids hie it in oare namme: Rangoon, Birma . It is efkes wenne yn de haadstêd fan de diktatuer. Net dat der oeral militêren te sjen binne, mar je witte, it doocht hjir net. Ynternet wurdt kontrolearre, hotmail is ôfkapt, it is in diktatuer. De militêren binne hjir oan it bewâld.
Nei de ynstallaasje yn in ienfâldige hotelkeamer is it tiid foar in earste Birmeenske hap yn de ytseale fan it hotel. It is hjir allegearre wat oars as oars, ik bedoel de betsjinning bestiet út mannen mei jurken oant de ankels ta. Stil rinne se, of better skowe se op bleate fuotten troch de seal. Bin ik yn in travestiten klup telâne komme, in soarte fan ‘Lellebel’? Nee, it grutste part fan de mannen yn Birma rint yn sa’n jurk of longhi sa as sy it neame.
Op de menukaart fan it hotel ha ik mar wat oanwezen: hin mei riis yn de hope dat it allegearre wol goed komme sil. Mei it Birmeeske diner op de kommende wei krij ik  twa ‘witen’ as foargerjocht. Se sette harren teplak by de tafel neist my. Sa ynienen, út in soarte fan minsklikheid, dêr’t ik yn it algemien net sa’n protte lêst fan ha, freegje ik: ‘What is your business?’
‘God is my business,’raast ien fan de mannen.  Ik gean efkes rjochtop sitten by sa’n geweld.Ik wie ferbjustere en swijde stil. Hy seach dy stilte as in oanmoediging om fjirder te gean. Dêr siet ik no net sa op te wachtsjen, ik bedoel op de ‘business’. Of om myn Birmeeske hin te krûdzjen mei in petear oer God en Syn Saken. Ha ik dat oerhâlden fan ús âlderlik hûs? It soe kinne. God stie by ús in bytsje bûten de doar.
Doetiids waard der ien kear yn de wike op moandeitejûn by ús oan de doar skille. De Grouster kleanmakker, in man moai yn de fyftich, fan it Jehova merkje, stie klear mei de ‘Wachttoren’ yn de hân.  Ik joech de man jild en yn ruil krige ik de ‘Wachttoren’ . Mei in goejûn sette er dan útein op wei nei de folgjende klant. Gjin wurd waard der by sein. Dat wie de ôfspraak mei ús heit: wy kochten syn ‘Wachttoren’, mar hy moast net seure, net besykje om ús soarte folk te bekearen, gjin foet tusken de doar of oare aksjes. Nee, nei it oerhandigjen fan it jild wie God wer foarby. Oant de folgjende moandeitejûn. Sa sjogge je hoe’t yn in lyts doarp alles  stil en sêft neist elkoar libje kin sûnder biten, sûnder striid. Gewoan neat sizze, dat is it moaiste. En ja, der wie noch in oar belang:  de kleanmakker makke sa no en  dan in pak foar ús heit. In relaasje sûnder striid wie ek yn syn belang.  Op in nacht is ús heit syn kleanmakker, lizzend neist syn frou, ta syn ivichheid yngien. It wie ôfrûn mei de ‘Wachttoren’.

‘Where are you from, I am from Australia.’Oft er my sa begrepen hie, gjin petear oer God. Dy boadskip like my moai nochteren.  Hy fertelde  noch wat oer de grutte romte, dat er dêr sa fan hâlde. In lân sûnder kimen. Australië wie sa grut en dertroch seach hy alles yn syn libben ek folle grutter. Like my wol logysk, sa’n ferklearring. Ik wie wer wat ta mysels kommen en frege sa ynienen, it kaam samar boppe, by hokker tsjerke hy thús hearde. Gewoan om te witten wêr’t de man yn saken fan it leauwen stie. Stom fansels, ik hie it wite kinnen. Wat in flater te tinken dat hy by in tsjerke hearde. Hy en syn maat. Dat stadium wiene sy al lang foarby. Je moasten net yn hokjes tinke, mar mear yn de Australyske romtes. En sa wie it mei harren leauwen ek. ‘Wy binne yn de heare Jezus Christus en dy is ien.’ Ik woe der wat tsjinyn akselje, sizze dat mear Kristenen my al ris sa’n story ferteld hiene. En altyd mei dy meidieling dat sy it rom seagen, mar dy oaren, nee dy  wiene noch net safier. De man wie net samar stil te krijen: ‘De Hear is ien en wy hawwe syn wurd, Gods wurd.’Hy kloppe wat op in hol klinkend kofferke. Ik begriep dat Gods wurd dêr syn ûnderkommen hie. Ik hie  gjin nocht oan striderij en sa. It Wachttoren model fan ús heit moast my rêde. Mei in ôfliedingsmanoeuvre, as in lytse Von Clausewitz, besocht ik it oer in oare boege. ‘I am from the Netherlands.’Ik hie ek Fryslân sizze kinnen, mar ja, dêr ha je yn de grutte wrâld net sa’n protte oan. Dat is fansels ek net wier. Hie ik net  jierren lyn op it tsjerkhôf foar de frjemden yn Rome, by de piramide fan Cestus, it grêf fan Keats en Goethe filius in stien fûn fan in man berne yn Wâldsein en as bertelân stie der, it is echt wier, sa  mei fan dy grutte letters:  Fryslân. Jawol, dat binne de wiere Friezen.
De man hie my mear te fertellen. Oer it lân, oer Birma. ‘Der sille hjir ûnfoarstelbere dingen barre, wachtsje mar ôf, der libbet hjir wat, je kinne it net sjen, mar ik fiel it, hjir sil it heve.’
Ik frege him oft opposysjeliedster Aung San  Suu Kyi  einliks frij litten wurde soe. Oft Birma einliks syn wrede militêre diktatuer oan de  kant docht, de twangarbeiders frijlitten wurde, de ynkomsten fan de steat net nei de bankrekkens fan dat lytse groepke militêren giet. Demokrasy. Einliks!
‘Nee, demokrasy, dat ha se hjir gelokkich net,’krij ik as andert fan de man  fan  God. ‘En dat moat ek sa bliuwe. Dit regear is in segen foar it lân.’
Sa hearre  je wer ris wat oars. ‘God is my business’ wit goed hoe’t it lân regeare wurde moat. Neffens him en syn God: mei de knoet.
Wat ferbjustere stek ik in stikje hin tusken myn stokjes en besykje de deade fûgel sûnder útfal  ta myn mûle yn te bringen.
‘Sa hawwe se it hjir folle better foar elkoar. Stel je ris foar as dy militêre lieders der net mear binne. Dan fleane al dy ferskillende stammen hjir elkoar nei de strôt. It wurdt moardzjen. Nee, lit it mar bliuwe sa as it is. Mar der sille hjir grutte dingen barre. Jo sille it sjen. It lân is der klear foar.’
Ik besykje my der wat by foar te stellen. Bedoeld er miskien it opromjen fan de Boeddhistyske muontsen sadat syn Heare Heare rom plak krijt? De militêre lieders hawwe yn 2007 al sjen litten hoe’t soks kin. Dizze bliid boadskip bekomt my net sa. Ik nim ôfskie en stap op nei myn keamer.
De oare moarns  moetsje ik se wer op de treppens. Ik bin op wei nei myn moarnsbrea mei bakt ei en sy op missy foar harren God.
‘God bless you,’roppe se my ta. En ik? Letter wit ik wer wat ik sizze woe: ‘Your God is not my business’ of soks. Mar nee, ik knik en lit de segen oer my hinne komme en winskje dat de God fan dy twa my nea, nea yn de mjitte komme sil.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *