
Wa hat as bern noait syn nocht hân fan in strange mem? Of fan in heit dy’t je konstant oan de kop seurt? En wa soe dan net graach wolle dat heit of mem opsâlte, alteast foar eefkes. Meastentiids bliuwt it by tinken. Gerke, de haadpersoan út In nije heit, makket lykwols op in jûn syn argewaasje oer syn saaie, noartske heit kenber oan syn mem. Hy wol in oare heit ha, in nije heit. En it hoecht net iens in nijenien te wêzen. Twaddehâns mei ek.
In pear wike letter op syn jierdei, hy sil likernôch tsien jier wurden wêze, sit der in nije heit op de bank. Syn mem hat Harm op it ynternet kocht. As Gerke freget wêr’t de âlde heit keard is, seit syn mem:
‘Ik koe him net ferkeapje. Net ien woe him ha. En ik frege der mar fyftich euro foar! Goedkeaper woe ’k net, want hy hat ommers folle mear koste! Dêrom ha ik him juster mar op strjitte setten. Yn syn fiskersklean. Neist de kontener. Ik tink dat se him yntusken wol meinommen hawwe…’ (side 20).
In nije heit is it tredde berneboek fan Thys Wadman. Yn 2010 debutearre er mei De oerwinnings fan Tido Houtsma, in ferhalebondel foar de heechste groepen fan de basisskoalle dêr’t er yn 2013 de Simke Kloostermanpriis foar krige. De sjuery foel ienriedich foar de opfallende, koarte ferhalen. ‘De auteur ken de bern goed, mar giet fierder as syn observaasjes. Hy sit hiel ticht op en ûnder de hûd fan haadpersoan Tido. Mei in protte humor. It giet oer alles dêr’t bern yn de 21-ste iuw mei te krijen ha: oer de druk yn in groep, oer pesterijen, oer oars wêze. Tagelyk binne de koarte ferhalen in prachtige analyze fan de wrâld en fan de faak kwetsbere ferhâlding tusken bern en folwoeksenen’, neffens it sjueryrapport.
Yn 2011 kaam De bisteboel fan omke Roel út. In fraai útjûn printeboek (ynklusyf CD) mei 23 ferskes en ferhalen om foar te lêzen of om sels te lêzen oer alle bisten dy’t op de pleats fan Omke Roel wenje. Hindrik van der Meer fersoarge de lieten en muzyk, Thys Wadman de ferhalen.
Dit tredde boek is ornearre foar bern fan tsien jier en âlder. It ferhaal giet oer Gerke, dy’t sljocht op auto’s is. Hy hâldt in plakboek by dêr’t er alle ynformaasje dy’t er fine kin oer auto’s yn opskriuwt en byhâldt. Alle jûnen as er op bêd leit, komt syn mem noch eefkes del om de dei ôf te sluten. Se prate noch wat of dogge in fraach. ‘In fraach dwaan’ betsjut dat mem in fraach betinkt út it autoboek. It leafst hat Gerke in dregenien, want dan kin er himsels even teste.
Op in jûn wol Gerke gjin fraach, mar wol er it oer syn jierdei ha en seit er dat er mar ien kado hoecht en dat is in nije heit, ien dy’t wol fan auto’s hâldt. Gerke fynt syn heit nammentlik net leuk. It is in gnoarrige man dy’t noait by it fuotbaljen komt te sjen en gjin ferhaaltsjes foar it sliepen foarlêze wol. Dan makket hy him derfan ôf mei it stellen fan in stomme, maklike fraach oer auto’s. It iennige dêr’t syn heit fan hâldt, is fiskje yn in boatsje mei in 2 pk-motorke!
Al rillegau docht bliken dat it libben mei sa’n nije heit ek net alles is. Hy smookt, is net al te skjin op himsels, yt patat mei fize hannen, rint wol hiel faak mei nei skoalle ta en komt fierstente faak by it fuotbaljen sjen. Dêrtsjinoer is er wol gek op auto’s, mar it is in ôfknapper as blykt dat de kabrio fan syn nije heit in âld Opel sûnder doarren en ruten is. Gerke hat it wol hân mei syn nije heit en set him tsjin him ôf. Hy begjint Harm te bedonderjen en te sabortearjen.
Underwilens giet er mei syn buorfamke Laura op syk nei syn echte heit. It komt safier dat Gerke op in sneon stikem allinne mei de bus op ’en paad giet. Hy fynt úteinlik it hûs yn Dokkum wol dêr’t de echte heit wenje moat, mar fan de man gjin spoar. Hy hinget syn reade Nike-rêchpûde mei dêryn syn dierbere autoboek oan ’e foardoar en giet teloarsteld werom nei hûs ta. As er werom is, fertelt syn mem dat Harm fuort is. Dat fernuveret Gerke net, want hy hie him al in pear dagen net sjoen. In lytse wike letter as Gerke en Laura út skoalle wei komme, hinget de reade rêchsek wer oan de foardoar by Gerke en dy.
In nije heit is prachtich foarmjûn, is ryk fersjoen fan kleurrike yllústraasjes, hat in soad humor en flotte dialogen. It taalgebrûk slút mei wurden as ‘niks’, ‘ferbaasd’ en ‘even’ oan by de jonge Fryske meiminske. De fantasy fan Thys Wadman docht in bytsje tinken oan dy fan Roald Dahl. Absurde sitewaasjes mei in serieuze ûndertoan wurde brocht oft it de gewoanste saak fan de wrâld is.
It boek ropt lykwols twa fragen op. Wie de mem fan Gerke har man ek sêd? Samar, sûnder fragen of tsjinakseling, bestelt se in nije heit/man op ynternet. De personaazje fan de mem oertsjûget dêrmei net.
Dêrneist hat it boek in iepen ein. De reade Nike-tas hinget oan de doar. Dy sil der troch de echte heit delhongen wêze. En dan? Is it in teken dat de echte heit weromkomme wol? Of hat er sûnder wat te sizzen allinne mar de tas werombrocht? De heit komt fierder net yn byld. Kinne bern in ein dat gjin wissichheid jout, wurdearje?
Of is dit gejeuzel fan in folwoeksene en steurt de jonge lêzer him der hielendal net oan? Wol is dúdlik dat it ferhaal foar in folwoeksene ek hiel fermaaklik is om te lêzen. Dat sit him benammen yn de beskriuwingen fan de gefoelens, ûnwissichheden en uteringen fan de haadpersoan. Elk sil him werkenne yn dat jonkje dat earst in winsk útkommen sjocht en dan lang om let der achter komt dat it gefolch ek net alles is.
In nije heit: in meinimmend boek!
Thys Wadman
In nije heit
Afûk, 2014
Foarmjouwing en yllustraasjes: Studio Graps, Gerrit de Jong
ISBN: 978 90 6273 454 2
96 siden
Ferkeappriis: € 14,50
Leeftyd: 10+