
Bollman & Bollman, Marga Claus har fjirde roman, giet oer in travestyt, Yasper, dy’t wurket oan syn coming out. De fraach is oft dat troch syn omjouwing akseptearre wurdt.
Dêrmei snijt Marga Claus op ’e nij in maatskiplik relevant tema oan yn har wurk, lykas se earder die yn Oxzana, ferhaal fan in flechtling (2000) en De heit fan Serafyn (2003). Dat falt yn dizze skriuwster dy’t tige lêsbere romans mei in heldere struktuer skriuwt, te priizgjen. Itselde jildt foar de yngeande dokumintaasje fan har ûnderwerpen. Wat dat lêste oanbelanget past Bollman & Bollman skoan yn de rige romans dy’t se earder skreaun hat.
Mar wêrom is Bollman & Bollmann nettsjinsteande dat alles sa’n ferfeelsum boek wurden?
It probleem sit him yn de haadpersoan Yasper, dy’t himsels allegeduerigen pamperet. Syn omjouwing, de psycholooch en kollega-freondinne, geane dêr foar it grutste part yn mei, yn lange, empatyske, filosofysk kleure petearen.
Wat hat Yasper it dreech mei syn ferline en idintiteit. Syn bernejierren, memmebining, seksuele en religieuze gefoelens en sûnensklachten (rsi en burn-out) wurde minisjieus yn kaart brocht.
Sintimeter foar sintimeter wurket Yasper ta nei syn genêzing en coming out en de perfeksjonearring fan syn idintiteit as travestyt. Gjin inkeld detail op klaaïing- en make-upgebiet wurdt jin as lêzer besparre. Dat slacht dit proaza folslein dea. Alle spanning is yn ’t foar al fuortnommen. As lêzer tinkst even dat Yasper in ferhâlding bûten syn houlik om hat mei Ina, mar al rillegau hast yn ’e gaten dat dit syn alterego as frou is. Yasper is om sa te sizzen in Yasperina.
Eins hiene oare personaazjes dit boek befolkje moatten.
De konflikten mei echtgenoate Liv, dy’t in ôfgriis hat fan de travesty-aktiviteiten fan har man, hiene bygelyks sintraal stean kind. De ferhâlding fan Yasper mei de o sa begripende freondinne-kollega Alide is út de aard fan de saak folle frijbliuwender as dy mei Liv, ek al freget se wolris troch en lit se tsjinoer Yasper soms foarsichtich in dripke krityk hearre.
De psycholooch hie fan in mear konfrontearjende soarte wêze kind, wat hjoed de dei ek yn ’e moade is. Mear konfrontearjend yn de trant fan: “No juh, dan bist in travestyt. En is dat dan in reden om net op dyn wurk te kommen?”
De religieuze gefoelens fan Yasper – hy ferienselviget him mei syn seksuele gefoelens allegeduerigen mei de lyryk fan it Heechliet – hiene oanlieding wêze kind ta in mear iroanyske oanpak. Is de tradisjonele katolike tsjerke net ien grutte travestyfertoaning? Mar nee, alles ûntbrekt wat mear lucht, dynamyk of humor yn Bollman & Bollman bringe koe.
Oan de ein fan it boek docht bliken dat it hjoeddeistige ûnrant yn ’t foar al in stokje stekt foar de coming out fan Yasper. Jonges dy’t him al langer achterfolgje meitsje mei geweld in ein oan syn bestean. Marga Claus lit sjen dat de oanfallers bern binne dy’t yn alle miljeus foarkomme, sels de bern fan in kollega wêze kinne. Se lit yn it midden oft Yasper stjert oan de oanfal of mei fikse harsenskea yn in ferpleechtehûs bedarret.
De ein fan it boek is treflik. Sa hie de hiele roman wêze kind.
Marga Claus
Bollman & Bollman
Ljouwert 2009