
HAADSTIK 10
Yn de âlde sânbak sieten fiif jonges en in pear fammen út de heechste klassen yn in rûntsje. Foar har yn de midden fan it iepen sânfjildsje sprongen wat kikkerts hin en wer yn in kûle. Soms woe ien fan de kikkerts oer de râne springe, mar dan skeat der daalk in skonk nei foaren dy’t him werom trape yn de kûle.
Doe’t De Lytsk tichterby kaam, omdat er nijsgjirrich wie nei wat der barde, seach hy oan it gesicht fan De Jent dat dy him fuortstjoere woe. – Lytse bern en dronken lju, – sei er. Mar de oaren yn de rûnte reagearren net. It springen fan de kikkerts yn de kûle hâlde har tefolle dwaande. Se seagen net iens nei him doe’t De Jent nei him wiisde.
Dêrnei die ek De Jent oft er lucht wie. De Lytsk line tsjin de muorre fan de skoalle op in tritich meter ôfstân fan de kûle mei springende kikkerts. Dêr koe er moai sjen wat der barde. Hy begreep net wat se fan doel wiene, mar de springende kikkerts soargen der foar dat de loft trille. Oars as mei De Fronk har mem op sneontemiddei. Dan wie it echt ûnwaar, no fielde it lykas foar in ûnwaarsbuoi. Syn skonken en liif waarden dan folle swierder as wat er wend wie.
Nimmen sei in wurd, ien fan de jonges bruts in pear reiden yn eintsjes fan sa’n fyftjin sintimeter. It brekken fan it reid knapte yn de stilte, sa’t in skot út in jachtgewear klonk yn de hjerst as de jagers einen en hazzen yn ’t each krigen. Dat hie De Lytsk in pear kear meimakke. Dit lûd wie koarter en skerper.
De Fronk wie der ek by. Sij lei de pypkes reid njonken elkoar tusken har skonken. Sie hie har rôk opskood oant boppe har knibbels. De Lytsk seach dat se in swart broekje oan hie. It stuts fûl ôf by har sûpewite knibbels en billen. De Lytsk tocht oan De juf Annach, en hy frege him ôf oft De Fronk ek sokke sachte skonken hie as De juf Annach.
Se wiene dêr by de kûle no helendal yn de besnijing fan it nêst mei de kikkerts en it brekken fan it reid. De Lytsk rûn noch wat fierder by de muorre lâns, dan koe er it noch better sjen. De Fronk joech elkenien in eintsje reid. Se rjochten de pypkes op de kikkerts yn de kûle. Guon brûkten it as in fierrekiker foar ien each. Ien besocht der in fluitsje fan te meitsjen. De Lytsk hearde it hege lûd.
De kikkerts waarden wylden en besochten elke kear op ’e nij, ek nei in traap, út ’e kûle te springen. Mar se krigen gjin kâns, want de klompen en de learzen hâlden har tsjin. Dy keatsten de griene keatsbaltsjes mei benappe poaten werom yn it nêst. Op it lêst sieten de kikkerts eangstich tsjin elkoar oan krûpt. It wie ien libjende bult wurden mei allegearre eagen.
De gesichten fan de boarters om de kûle ljochten in bytsje read op. Miskien troch de sinne, mar fêst fûnen se it ek opwinend. De Jent boarte yn syn bûse mei syn kul sa’t er yn de klasse ek altiten die. De Fronk koe har eagen der net fan los krije. De Fronk like oars as de oare fammen op skoalle. De Fronk luts har nearne wat fan oan. Sa’t se oer har mem fertelden op’e buorren, sa wist elkenien ek in heel soad oer De Fronk te sizzen. Mei de merke hie se twa dagen en nachten by en yn de merkeweinen omslein. Seine guon. Mar de tiisdeitemoarns nei de frije moandei siet se wer gewoan yn it lokaal. Ja, se hie holpen yn de sjittinte, en by de sweef hie se jild ophelle. Dêrtroch koe se moai fergees sweve. Se hie ek yn de kroech sitten, en dûnse. Mar dat diene in heel soad út it doarp. De optriuwers fan de sweef smieten har einen omheech, sadat it like oft se oer de sweef hinne sjitte soe. Mar dat diene dy jonges ek mei oare fammen. Froulju en jonge fammen waarden altiten einen omheech swypke.
Se fregen De Lytsk wolris hoe’t it by De Fronk-en-dy om en ta gong, omdat er befreone wie mei de jongste broer fan De Fronk. Hy begreep noait sa goed wat se dan witte woene. Elkenien koe De Jar, en oer De Baarch woe er neat fertelle. Soks leauden se dochs net, en fierder hiene se der ek gjin grevel mei te krijen. Yn it doarp bestie ek in spultsje dat wol gauris boarte waard. Dat hjitte ‘De Jar-boartsje, of gewoan ‘jarje’. It wie in wedstriid wa’t it bêste De Jar neidwaan koe. Dan âlen en mâlgûlden se lykas De Jar. Om it tsjerkhôf hinne, by de finsters lâns fan De Baarch. Mar sadree’t De Fronk of De Baarch út it hûs stode fleagen se alle kanten út. De Fronk hufte der daalk yn. Dat wisten se frekte goed. Mar oaren peste fûn elk eins wol in spannend spultsje, it wie eins in doarpstradysje.
Yntusken siet De Fronk oerémis op har skonken hin en wer te wibeljen. Se seach nei De Jent dy’t in pypke reid yn syn hannen hie en hege en lege toanen de loft yn stjoerde. In sjongende klyster hast. It like wol toverjen, sa goed koe er dat spultsje. Ek de oaren rjochten har eagen op De Jent. It soe hast heve. Fan De Jent skeaten se nei De Loet dy’t in kikkert oan syn achterste poaten yn de loft hingje liet. De kikkert makke swimbewegingen mei de foarste poaten. De Loet boarte der mei as wie ’t in jojo. Op en del, op en del. De poaten liken wol fearren fan in ingster.
Nei in setsje makke it beest tige frjemde maneuvels, as wie er folslein dronken, mar ûntkomme koe er net. De Loet hâlde de kikkert stevich fêst. De sinne skynde dwers troch it liif fan it beest. Yn syn bealchje húsmannen de gekste triedden en slierten. Elkenien yn it rûntsje siet ûnrêstich te sjen. Se wachten op it ferfolch fan it boartersspultsje.
De Lytsk seach dat se no hast allegearre senuwachtich op en del wipten. Lykas De Fronk al earder die. De gesichten waarden reader, as keatsten se in spannende partij. Guon pjukten oan har klean, of bieten op de neil fan in finger. Se loerden nei elkoar, soms seagen se elkoar oan. Ien liet syn tonge op it kin sakje as de hûnen fan De Fod dy’t ûnder de karre rûnen.
De Jent naam in lyts meske yn syn hannen. De sinne keatste it ljocht yn it stiel. It blikkere. De Jent snijde yn de ûnderkant fan de reidfluit. Twa kear. Beide kearen fleach der in stikje ôf. Doe sette er it pypke rjocht foar de mûle en blies stadich. Yn syn wangen kamen lytse kûltsjes. No hearde De Lytsk gjin klystergesang, mar in piipjend lûd.
Dit lûd betsjutte foar De Loet dat er de kikkert stadich hin en wer skommelje liet. As de slinger fan in âlderwetske klok. De kikkert begûn wer mei syn poaten te swimmen, mar nei in setsje bleau it beest stil hingjen. Miskien wie er wol sa wurch as in meits. No like it wol oft de kikkert yn de wyn bongele, fêstknope oan in waskline mei hele lange knipers dy’t gjin izeren fearke hiene.
Elkenien om de kûle seach no ôfwikseljend nei de kikkert en de reidfluit. Noch altiten waard der gjin wurd sein. De sinne feroare de kikkert yn in toverkiker dêr’t de kleuren as yn in reinbôge opljochten. Grien, wyt en brún oerhearsken. De Lytsk fûn it frjemd dat der hast gjin reade kleuren te sjen wiene. Miskien wie it bloed fan in kikkert wol grien, of miskien siet dat ek wol allegearre yn syn grouwe harsens.
De Lytsk slokte in pear kear, want syn keel fielde droech. It wie krekt oft er in stikje fleis foar syn slokpiip hie. Hy knypte syn fingers fan syn hannen byelkoar ta fûsten. Hy krige wer itselde mislike gefoel yn syn liif as by it mâltjirgjen fan De Baarch. Hy sykhelle djip troch syn noas. De lucht kaam fluitsjend werom, troch syn mûle.
De Jent sette foar de twadde kear it pypke reid tusken syn lippen. It lûd klonk skerp, en it wie heel heech. Snerpjend hast. De Loet brocht syn hân mei de kikkert dy’t noch altiten deastil hong heel stadich nei de hân fan De Jent. Oant er der flakby hong. De Jent helle it reidpypke wat nei achteren. Horizontaal sa’t spearsmiters dat diene, en doe boarre er mei in flugge beweging it pypke yn de kont fan de kikkert. Dy fluite as even dêrfoar it reiden pypke. De lange gjalp skeat De Lytsk troch syn liif, troch syn skonken ek. Ien kear, twa kear, trije kear jankte de kikkert as de fluit fan in trein. Doe foel de stilte út de loft. Dy wie te hearren. De Lytsk fielde syn hert yn syn earen. Hy slokte trije kear.
De Fronk meneuvele mei har eigen reidpypke tusken har fingers. Se frimele oan har rôk en har bloeske. Har gesicht hie in reade kleur. Guon oaren diene itselde, in pear sieten no deastil.
De oare kikkerts yn it nêst wiene nei de gjalpen fan har maat oan de waskline fan De Loet eangstich tsjinelkoar oan krûpt. Mei de kopkes neielkoar ta. Sa leine se as libjende ljipaaien yn in djip nêst. Ek grien mei út en troch in stipke.
De Lytsk begreep net sa goed wat se der oan fûnen. Eins wiene kikkerts wol aardige beesten, en folle nijsgjirriger as bygelyks hûnen. En de rotten út de âlde opfeart fûn er helendal ferskriklik.
Nachts dreamde er wolris fan kikkerts. Dy waarden dan heel grut, en sprongen oer him hinne as er yn de greide lei en mei healtichtknypte eagen nei de wolken seach dy’t alderferskuorrendst fluch hin en wer skeaten. Soms seagen dy kikkerts him oan mei har grutte bolle eagen. It wie krekt oft se dan wat freegje woene. Net allegearre, want der bestiene ek hele grutte dy’t lulk seagen, en mei har grutte bek gefaarlik nei him hapten. De tonge gisele dan op en del. Tosken hie er eins noait sjoen. Bite soene se heechstwierskynlik net kinne, en dus wie er ek noait echt bang. Ut en troch fielde er de glêde wite liven oer syn gesicht striken. Dat fûn er heel kâld, en dan skeat er meastens wekker. Dan stie it swit him op ’e holle, en seach er in bytsje bang om him hinne. Hy ferwachte dat se noch earne yn de hoeken fan syn sliepkeammerke sieten, of tsjin de souder. Want ditsoarte fan kikkerts koe ek fleane, se hiene ek earen, en wjukken.
As er frij wie fan skoalle, en foaral op snein as er troch it fjild kuiere mei de pols oer it skouder, besocht er wolris om kikkerts te fangen. Mei in fisknetsje oan in eintsje tried. As er ien of twa hie beseach er se fan alle kanten. Soms hâlde er ien yn syn hân. Se liken heel ûnskuldich, en folslein ûngefaarlik. Hy begreep net dat guon lju kikkerts sa ferskriklik fûnen dat se der eangstich fan waarden. Dy jonges en fammen om de kûle wiene ornaris nearne bang foar, en foar kikkerts al helendal net fansels. Dat hie der dus neat mei te krijen.
Miskien fûnen se de frjemde foarmen fan it liif net moai, of de útstekkende poaten. De bolle eagen op stokjes en de fergiftige griene kleur soene ek meispylje kinne. De Lytsk twifele. Fergelike mei podden, dêr’t er altiten fan skrok, omdat er se fakentiids op it lêste momint yn ’e rekken krige, liken kikkerts boartersguod. En miskien beskôgen dy jonges en dy fammen se ek wol sa. Allinne, sok boartsjen wie er net sa wend. De Fronk hie ’t al sein. Hy wie noch wat lyts.
Yn de maitiid siet er faak yn in sleatswâl en seach er nei de kikkerts. Hy fûn dat se alderaardichst boartsje koene, dat se hast as fûgels troch it wetter skeaten, dat se heel handich wiene mei’t se de miggen út de loft plukten. Kikkerts liken de swellen fan it wetter. As se kweaken waarden se twa kear sa grut. Alles sette út. It hie der wol fan oft se meielkoar praten. De Lytsk fûn dat prachtich. Guon sieten elkoar achternei, en dan fergrutten de achterpoaten har yn it wetter. Soms liken se wol twa kear sa lang. Yn folle snelheid namen se hele skerpe bochten. Oaren hâlden reeswedstriden fan de iene kant fan de mûnier nei de oare. Op it wetter en ûnder wetter. Soms rekke de iene op ’e doele en skeat by de wâl omheech. Dan feroare er wer yn in gewoane kikkert. Hy kweake, en waske him de snút. Miskien jûke him de noas ek wol, of die er sear troch de botsing. De Lytsk fûn it spannend, en eins folle moaier as de skoalfilms oer de natuer op tiisdeitemiddeis mei biology.
*
(út: Josse de Haan, Piksjitten op Snyp, Boalsert, Koperative Utjowerij, 1999, s. 30-34)