Teleks: Wurk tolve Fryske skriuwers giet nei Keunstmoanne Amelân

logo.ensafh

Literêr wurk dat makke is by tekeningen fan de Nederlandse Kring van tekenaars foar it projekt ‘It Museum fan Binnenút’ yn it Natuurmuseum Fryslân, wurdt yn novimber eksposearre yn de Keunstmoanne Amelân. Tolve Fryske skriuwers binne keppele oan tolve tekeners en ha mei nije eagen nei de kolleksje fan Natuurmuseum Fryslân sjoen. Fan it resultaat is behalve in eksposysje ek in boek útkaam mei in seleksje fan de tekeningen en alle literêre bydragen yn it Frysk en yn in Nederlânske oersetting.
Ien fan de doelstellingen fan Tresoar is om de Fryske literatuer nei bûten te bringen, nije poadia en in platfoarm te bieden. De literêre bydragen binne makke troch: Jetske Bilker, Edwin de Groot, Arjan Hut, Yva Hokwerda, Sytse Jansma, Elske Kampen, Bart Kingma, Anders Rozendal, Sipke de Schiffart, Albertina Soepboer, Hilda Talsma en Ale S. van Zandbergen.
De eksposysje yn it Natuurmuseum Fryslân rint oant en mei 26 april. De Keunstmoanne Amelân is fan 31 oktober oant en mei 29 novimber 2015. Der sille yn de Keunstmoanne trije literêre jûnen programmearre wurde mei foardrachten, lêzingen, muzyk en keunst .

Boarne: Tresoar

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *