
‘Goed ark foar it Frysk is tige wichtich, fandêr dat ik pleite ha foar it griene boekje.’
Jan Schotanus (1950, Jellum) hat de ûnderwizingsoplieding dien oan de PABO yn Ljouwert. Hy krige yn 1972 in beneaming oan in basisskoalle yn Mantgum en folge dêrnjonken de twaddegraads oplieding Nederlânsk. Yn 1980 begûn er mei oersetten, earst njonken syn wurk as skoalmaster, mar hy hat no in fulltime baan oan it oersetten en skriuwen. Hy hat yntusken 12 berneboeken en 7 oersettings fan berneboeken op syn namme stean. Jan Schotanus sette ek toanielstikken oer foar Tryater, en de lêste 25 jier foar it Iepenloftspul Jorwert. Yn 1987 krige Jan tagelyk mei in seistal oare oersetters de Dr. Obe Postma-priis takend foar syn oersetwurk; de priis is lykwols net útrikt omdat in pear fan de oersetters de priis wegeren. Hy hat foarsitter en bestjoerslid west fan it Skriuwersboun. Jan wennet mei frou Marja yn Easterwierrum.
Do bist yn 1980 begûn mei dyn skriuw- en oersetwurk. Hoe is dat sa gongen?
Jan: ‘Der hat krektlyn nochal wat reboelje west oer de staveringsferoaring fan it Frysk. De foarige staveringsferoaring hat eins de oanlieding west dat ik begûn bin mei it oersetten en skriuwen. Ik stie foar de klasse en ynienen wie der gjin materiaal mear yn de nije stavering, dat der moast materiaal komme. Doe bin ik begûn ferhaaltjes út jeugdtydskriften oer te setten en dat fûn ik eins wol hiel leuk wurk. Dy tydskriften liezen we yn ‘e klasse mei de bern. Ik ha yn 1982 in boek fan Roald Dahl oerset: Jappy en it sûkeladefabryk. Dat is útkaam by koöperative útjouwerij Q en dêr binne 2000 eksimplaren fan printe, in hiel heech oantal. Ik bin ek sels begûn te skriuwen fan berneferhaaltsjes, dy’t ik foarlies yn ‘e klasse. Yn 1983 is myn earste berneboek útkaam: In swalker op ‘e kust.’
Do setst ek toanielteksten oer.
‘Tryater kaam by my mei de fraach om twa toanielstikken oer te setten. It iene wie Equus fan Peter Sheffer mei Freark Smink as hynder en it oare wie Veronica har keamer fan Ira Levin. Dat lêste stik is in pear jier lyn nochris yn Wytgaard opfierd en dêr ha wy hinne west, dat wie hiel aardich. Sûnt 1991 set ik hast alle jierren in stik oer foar it iepenloftspul yn Jorwert. By de repetysjes is te sjen wêr’t it stik noch wat oanpast wurde moat, dus dat is in hiel proses. Ik sit ek yn de lêskommisje fan Jorwert, eins binne we der it hiele jier wol mei oan ‘e gong. Ik bin no dwaande mei it oersetten fan it iepenloftspul fan dit jier: Augustus. Dat wurdt in grut en moai stik, it wurdt opfierd yn augustus/septimber 2015 yn de notaristún yn Jorwert.’
Do wurkest mei dyn frou Marja. Hoe giet dat?
‘Marja helpt my hiel bot by it skriuwen en oersetten, sy is myn earste redakteur. Dat hat him sa ûntwikkele dat wy tsjintwurdich in protte dingen tegearre skriuwe. Mar earder al hat se har talein op redigearjen en ek korrizjearjen fan alderhanne teksten. Sa kaam se der yn 1998 ta om in eigen tekstburo op te rjochtsjen: DAT tekstbureau (DAT komt fan De Ald Toer, it gebou dêr’t wy it útsjoch op ha.) Doe’t ik ophold mei it ûnderwiis, bin ik by har yn de saak kommen. Wie it earder in ienmansbedriuw, no binne wy in VOF.
Ein 2013 is it lêste berneboek Om it hurdst útkaam by Afûk/Cedin en dat ha wy tegearre skreaun. Yn deselde searje hat Bor en de boef yn 2010 de berneboekesjuerypriis wûn. De lêste fjouwer, fiif jier ha we dwaande west mei de skiednismetoade 11 en 30 op basis fan de Fryske kanon; dat gie út fan it Cedin. Lieukje Leistra skreau de boeken foaral en Marja en ik diene it útsykjen, de gearstalling, yllustraasjes en de redaksje. Dy metoade is yn earste ynstânsje ûntwikkele foar it trijetalich fuortset ûnderwiis, mar de boekjes binne troch de Afûk ek yn it Nederlânsk oersetten en kinne no ek op oare skoallen foar fuortset ûnderwiis yn Fryslân brûkt wurde. Oan dat projekt hat Marja foaral in protte dien: sy hat yllustraasjes sammele, foto’s makke en nei musea ta west. It moaie fan tegearre in bedriuw ha is dat wy inoar oanfolje kinne.’
Do hast ek projekten opset mei Anny de Jong, Auck Peanstra en oare skriuwers.
‘Mei oaren ha ik yn de rin fan de jierren ferskate projekten hân. It earste wie de Mentha Minnema-searje. Yn Fryslân binne net folle berneboeken as searje, watst yn Hollân en Ingelân wol hast, dus ha ik mei Auck Peanstra, Anny de Jong en Riemkje Hoogland-Pitstra in detektivesearje skreaun. Der binne acht dieltsjes fan ferskynd en der binne harkspullen fan makke en dy binne brûkt foar de skoalradio. Dat wie hiel aardich om te dwaan, want as groep kinst folle mear tiid yn de redaksje stekke. In tal jierren lyn binne Auck, Anny en ik mei de Traveliers-searje úteinset. Dat is in searje reisboeken dêr’t oant no ta seis dieltsjes fan ferskynd binne. Anny hat trije dieltsjes skreaun, Auck twa en ik ien.’
DAT tekstbureau jout audioboeken út. Wat kinst dêroer fertelle?
‘Ik ha yn de tachtiger en njoggentiger jierren yn de learmiddelekommisje fan de Afûk sitten. Dêryn joechst advys oer hokker boeken en oersettings der komme moasten foar it ûnderwiis. De learmiddelekommisje is der no net mear yn dy foarm. Doe hie ik al it idee dat harkboeken minsken oer de drompel helpe koene nei Fryske boeken ta, omdat minsken lêzen faak wol as in drompel sjogge. Mar dat is der doe eins net fan kommen en dat falt ek net ta, want foar it parsen fan cd’s is in bepaalde oplage nedich en de Fryske merk is dêr fierste lyts foar. It blykt trouwens dat de Nederlânske merk der ek te lyts foar is. De grutste harkboeke-útjouwerij is Rubenstein en dy kin eins fan de harkboeken net libje, wylst dy dochs safolle hat. Uteinlik ha ik besletten om der sels mei te begjinnen, want ik fûn it dochs wichtich dat de harkboeken der kamen yn it Frysk, dus doe ha wy Audiofrysk oprjochte. Wy litte gjin cd’s parse, mar baarne as der fraach nei is en dat baarnen dogge wy sels. Dat kin op himsels hiel goed, mar it is wol arbeidsyntinsyf en it kin net út kwa kosten. Yn it begjin krige ik projektsubsydzje fan de provinsje om dat op te setten. De boeken wurde ynsprutsen troch de skriuwer of troch in foarlêzer. Der is ek in harkboek fan de live-opnamen by de horror-toer fan útjouwerij Regaad. Dat is omtrint it tinste harkboek, it tsjokste harkboek is It ferset fan Harmen Wind. Dêr sitte tsien cd’s yn en dy hat Harmen sels noch ynlêzen. Sjoerd Bottema bygelyks hat syn ferhalen It piipjen fan de proai sels ynlêzen en dat is prachtich om nei te harkjen. In protte minsken tinke dat harkboeken allinnich bedoeld binne foar hendikepten, wylst wy de boeken folle breder bringe wolle, bygelyks foar minsken dy’t in lange autorit ha of yn ‘e bus of yn ‘e trein sitte. Ik krige in skoftsje lyn fan Eelke Godijk fan it Cedin de fraach oft der ek mear mei it ûnderwiis dien wurde kin. Wy ha al in tal berneharkboeken, mar it brûken yn it ûnderwiis bliuwt der noch hiel bot by. Hy fynt dat de Studio F-boekjes ek ynlêzen wurde moatte, sadat learkrêften dêr yn ‘e klasse mei oan it wurk kinne. Dus we sille sjen oft we dat realisearje kinne.
De harkboeken binne op cd te krijen yn de boekhannel, se kinne by ús besteld wurde en se binne del te laden. Ast ien fan ús titels googelst, dan komst yn njoggen fan de tsien gefallen earst by Luisterrijk telâne. Dat is de ynternetwinkel dy’t downloads hat fan Fryske harkboeken. Bornmeer en de Afûk ha ek in pear Fryske harkboeken útjûn en de oare tachtich komme by ús wei. Sa krijst in fersprieding oer it hiele lân en eins oer de hiele wrâld en dêrtroch komme in protte Fryske titels op ynternet folle mear foar as dat oars it gefal wêze soe. Gewoane boeken komme nei trije jier yn ‘e ramsj, omdat de opslach dan te djoer wurdt foar de útjouwer. Dy kosten hast fansels by downloads net. De keaper kin de download betelje fia iDeal, kriget dan in link en kin it harkboek dellade. By Luisterrijk wurdt der in digitale hanteken oan it harkboek meijûn, sadatst sjen kinst wa’t it boek delladen hat. Fierder sit der gjin befeiliging op de harkboeken. Bygelyks yn de berneboekewike kinst wat ekstra oandacht generearje foar de berneharkboeken en komme der dochs wer mear Fryske boeken ûnder de minsken.’
Wat is it Protters-projekt?
‘Yn ‘e mande mei útjouwerij Elikser binne wy yn 2014 begûn mei de Protters-searje. De Protters binne ferlykber mei de Nederlânske Lijsters-searje. De Lijsters wiene jierrenlang in begryp om boeken op in leechdrompelige manier yn de húshâldings te krijen. Alde boeken waarden op in ienfâldige manier werprinte sadat it net te djoer wie en dy waarden fia de skoallen oanbean. De bern krigen dan foar € 25,- fiif boeken. By ús krije se fjouwer Protter-boeken foar € 16,-. De folder wurdt yn gearwurking mei it Cedin ferspraat op skoalle en dan kinne minsken de boeken bestelle. Yn it earste pakket sitte twa boeken fan de Mentha Minnema-searje en Muoike Klaptút fan Ep van Hijum en in histoarysk boek fan Anny de Jong: It is foar de hearen. De boeken komme as papieren boek út en ek as e-boek en harkboek.’
Hoe giet it mei it Frysk ûnderwiis op de basisskoallen?
‘It is de skoalle wol ferskillend, mar de lêste jierren is dat op in protte skoallen wol wat op ‘e achtergrûn rekke. De nije taalmetoade Studio F is wol op in hiel soad skoallen yn gebrûk, mar oan de boekefoarrie mei wol mear dien wurde. De Afûk is twa jier lyn begûn mei boekekisten by de skoallen del te stjoeren, wêrby’t skoallen trije wike de tiid ha om boeken út te sykjen dy’t se keapje wolle. Dat wurket wol, dus op dy manier komme der wer wat Fryske boeken yn de skoallen. Ik sit ek yn de groep dy’t sertifisearret foar de trijetalige skoallen. Ik ha lêst op in skoalle west en dêr wie de direkteur echt hiel entûsjast om trijetalige skoalle te wurden. Dus dy skoalle is no sertifisearre dat se de earste stap set ha en oan ‘e gong geane om trijetalich te wurden. Op dy trijetalige skoallen yn Fryslân bart wol in soad oan it Frysk, njonken it Nederlânsk en it Ingelsk. Der binne no in stik as fyftich skoallen sertifisearre en wol tachtich dy’t dermei oan ‘e gong binne. Yn Boksum en Easterwierrum bygelyks binne trijetalige skoallen. Dus der bart wol wat, mar ek op dy skoallen sjochst dat de Fryske boekefoarrie lang net by de tiid is, dat hat gewoan in hiel skoft stilstien. Wat dat oangiet misse we de stifting It Fryske Boek en de Sutelaksje. Yn de Sutelaksje kamen ek boekekisten mei op skoallen en waarden der Fryske boeken ferkocht.’
Witsto hoe’t it komt mei de stifting Boeken fan Fryslân?
‘Ik ha gjin idee hoe’t it komt. De stifting wie opset foar de ferkeap fan Fryske boeken. Doe’t stifting It Fryske Boek opgie yn Tresoar, wie it platfoarm foar de ferkeap fan Fryske boeken fuort, omdat Tresoar gjin boeken ferkeapje woe. Doe binne de útjouwers byinoar stapt en ha de stifting Boeken fan Fryslân oprjochte, dêr’t se ek startsubsydzje fan de provinsje foar krigen ha. Dy organisaasje is eins net goed fan de grûn kaam. De útjouwers hawwe it allegear te drok mei har eigen dingen en bestjoerlik is it ek fêstrûn. Dêrby komt dat de provinsje de promoasje fan Fryske boeken hielendal by Tresoar dellein hat. Lykwols kin Tresoar amper gearwurkje mei Boeken fan Fryslân en bart oan de promoasje fierste min. De Moanne fan it Fryske Boek is al ferdwûn. Der hat in katern yn de krante west mei in oersjoch fan wat der oan nije Fryske boeken wie, mar dat is der dit jier ek net mear. Dus de aktiviteiten steane op dit momint stil. Yn dat gat is stifting Tsjil ferline jier sprongen. De pilot fan twa jier ferlyn is ferline jier fuortset yn in folle gruttere pilot om mei de kroade boeken hûs-oan-hûs te ferkeapjen. Spitigernôch hat stifting Tsjil no krekt oanjûn dermei op te hâlden omdat it te folle tiid kostet en der noch gjin sicht is op in profesjonele opset. Der soe folle better gearwurke wurde moatte tusken de ferskate organisaasjes om wat fan de grûn te krijen. Der moat ien de lieding nimme, en dêr ûntbrekt it op it momint hielendal oan. It Skriuwersboun hie der wol mear yn dwaan wollen, mar waard oan ‘e kant holden troch Tsjil en Boeken fan Fryslân. Tsjil woe net mei Boeken fan Fryslân gearwurkje, mar Boeken fan Fryslân hie him ek wol sa negatyf oer Tsjil útlitten, dat ik my dat ek wol foarstelle kin. Hoe’t it yn de takomst moat? Tresoar en Boeken fan Fryslân sille byinoar komme moatte en gearwurkje moatte.’
Wat is dyn nijste projekt?
‘Omdat der fierste min jongereinliteratuer is binne we út it Skriuwersboun wei mei in groep Fryske oersetters begûn mei it oersetten fan in jeugdsearje út it Ingelsk. Dêr binne ûnder oare Geart Tigchelaar, Tryntsje van der Steege, Anne Tjerk Popkema, Tryntsje van der Veer en Ytsje Hoekstra by belutsen. Foar dat projekt kin no de nije oersettersbeurzen brûkt wurde dy’t de provinsje ynsteld hat. De provinsje stelt wol in bepaald kwaliteitskritearium oan de oersetters; foar de regeling moatte se lid wêze fan it Nederlands Genootschap voor Tolken en Vertalers. Om dêr lid fan te wurden moatst bepaalde dingen prestearre ha. Moatst bygelyks brieven sjen litte kinne fan opdrachtjouwers datsto oersetwurk foar har dien hast. In oantal oersetters binne no dwaande om lid te wurden, mar dat nimt even syn tiid. It Skriuwersboun hat no by de provinsje west om oer dizze dingen te praten oft dy kritearia miskien noch in bytsje oars kinne. Mar je sille dochs wol in drompel ha moatte, omdat der wol stribbe wurdt nei in bepaalde kwaliteit. It is de bedoeling dat Elikser de searje útjaan sil. Jitske Kingma fan Elikser hat in protte kontakt mei ynternasjonale útjouwers.’
Wat dochsto noch mear, njonken it skriuwen, oersetten en útjaan?
‘Ik lês sa no en dan foar op skoallen. It lêste jier haw ik dat net dien omdat ik doe net in nij boek hie. Ik fyn it wol moai om mei de bern te lêzen en stikjes oer te setten. Ik sit al in pear jier yn de sjuery fan de sjoernalistyk fan de lokale kranten hjir yn de gemeente Littenseradiel. De gemeente hat in priis útloofd foar de bêste Fryske artikels yn de kranten. Dat ik mei 164 stikken trochlêze en beoardiele.
En ik ha my nochal dwaande holden mei de staveringsdiskusje. Marja fertsjinnet eins de kost mei korrizjear- en redigearwurk Frysk en Nederlânsk foar útjouwerijen. Goed ark foar it Frysk is tige wichtich, fandêr dat ik pleite ha foar it griene boekje, de standert wurdlist dy’t in protte diskusje oproppen hat.
Fierder ha ik in hiel nijsgjirrich reisferhaal mei bylden oer de Trans-Siberië Express, dêr’t ik mei de provinsje yn wol. Ik bin foarsitter fan de behearskommisje fan ús doarpshûs De Tysker en sit ek yn de kulturele kommisje. Aksje genôch.’