Piter Boersma

Molwrot 25

logo.ensafh

Feuilleton

25

Seleina reizge yn Santiago de Sili daliks troch nei Parys.
‘Ik wol dy graach in kear opsykje yn Amsterdam,’ hie Pedro Vidal sein.
Har antwurd hie west, dat er wolkom wie en se it spitich fûn dat se him no net treffe koe. Se hie by dat lêste referearre oan de fantastyske wike dy’t se twa jier lyn tegearre hân hiene yn dat hotel heech yn ’e Andes.
Seleina koestere sokke wiken. Nêst Pedro Vidal en Wang Mu wiene der noch in stik as tsien manlju dêr’t se it prachtich mei hân hie. Mei gjinien fan har sakepartners wiene de kontakten en de útstapkes op in teloarstelling útrûn. As se manlju op in oare wize oan har bûn, as se in man út eigen belang har libben yn helle, sa as se no wer mei Alexander Boban dien hie, rûn it altyd op neat út of sels ferkeard ôf. De measten begûnen har op in stuit ûnder har út te wrotten en moasten dat dan mei de dea bekeapje om’t se in bedriging foar har foarmen. Lev Blavatsky, de moaie, jonge Rus, hie se eigenhannich sa gau’t se op Rügen wiene út ’e wei romme. Se hie dêrnei in wike yn Kaiserbad Ahlbeck op Usedom yn in lúks hotel út de njoggentjinde ieu tahâlden, har op it strân útwaaie litten en yn in strânkoer yn ’e sinne lein. Yn gedachten seach se de jonge wer yn syn ljochtblauwe eagen en aaide se him oer syn ljocht slûk hier. Se dreamde even wei en doe’t se ien kear wer wekker wie tocht se oan Catrinus Holwerda. Fansels gong it wolris yn har om om tsjin him iepen kaart te spyljen, mar as se dat dwaan soe soe it der by einsluten ek op útdraaie dat se him út har libben ferdriuwe moast. Earme Lev Blavatsky, hie er yn ’e Hermitage yn Petersburg de eagen mar nea nei har opslein. En miskien earme Catrinus, ea soe se him teste. Mar wêrom? Oant no ta hie se him ek gewurde litten, wie er noch altyd net mear as de man dy’t as jonge har skoalfreon west hie. En dochs. Mar se woe earst mei har neef prate. Ja, dat er him op dat tripke mei Alexander nei Peazens by it monumint troffen hie, hie har wol ûnrêstich makke. Yn in ympuls hie se it beslút nommen om mei Alexander nei Peazens ta te gean. Sa’t se him ek yn in ympuls yn Belgrado oppikt hie. Sa’t se al dy manlju en jonges dy’t se wer út har libben ferdwine litten hie yn in ympuls om ’e finger draaid hie. Se foel wer yn ’e sliep en as se even wekker skrille tocht se oan har plannen foar de kommende fjirtjin dagen.

Op it fleanfjild skille se mei Louis Dormoy, har kontakt yn Parys.
Ja, Alexander Boban hie him meld en hy siet wer yn hotel Mercure tsjinoer it Gare du Nord.
‘Ik ha jim beide ynskriuwe litten, en dyn freon no ek ûnder syn skûlnamme.’
Seleina naam in taksy liet har derhinne ride. Underwilens skille se mei Alexander.
‘No al?’ sei er.
‘Ja, ik hie myn nocht. Wêr bist?’
‘Boppe op Montmartre. Ik kom nei dy ta.’
Yn ’e lounge fan it hotel wachte se op him.
Se oertocht nochris wer hoe’t se it aanst bringe soe.
Doe’t Alexander it hotel yn rûn kaam Seleina oerein. Se tuten inoar en Alexander krige har koffer oan.
‘En no?’ sei er doe’t se goed en wol op ’e keamer wiene.
Seleina frege om in glês wetter.
‘Dat foarseit net folle goeds,’ sei er.
‘De tiid sil it leare,’ sei Seleina, ‘ik ha it mei dy hân oer it likwidearjen fan dy Bosniër.’
‘Dat woe ik wol dwaan, ja.’
‘Noch?’
‘Do kinst twa dingen dwaan, my út ’e wei romje of my in moard útfiere litte en my sa oan dy bine.’
‘En wat kinsto dwaan?’
‘Utnaaie en besykje om my ferside te hâlden of dy fan kant meitsje.’
Se leine nêst inoar op it bêd en krigen inoar by de hân. Se frijden.
‘Us lot is besegele,’ sei Seleina doe’t se bykommen wie en de hân op Alexander syn foarholle lei.
‘Ik doch it foar dy,’ sei er, ‘mar it lyk?’
‘Meinimme en earne yn in rivier smite.’
De oare deis skille se mei de twa manlju dy’t by de Bosniër de wacht hâlden om te sizzen dat se har de middeis foar twaën ôfjaan koene en alles skjin achterlitte moasten. Se hoegden der net wer hinne1en koene mei Etienne Mallot in ôfspraak meitsje om de rest fan it jild te barren.
Seleina skille ek mei Louis Dormey.
Doe sei se tsjin Alexander: ‘De sjauffeur dy’t der mei dy hinne ride sil wit krekt wêr’t er wêze moat en hy hat ek in plattegrûn fan it hûs by him dêr’t op oanjûn stiet wêr’t de Bosniër fêst sit. En ûnder in stien oan de eastside fan it linker bygebou leit de kaai. Moatst de kaai net weromlizze mar neitiid oan ’e sjauffeur jaan.’
In oere letter waard troch de resepsje skille, dat der wat foar harren besoarge wie. Seleina gong der hinne en kaam mei in langwerpich pakket werom.
‘It gewear,’ sei Seleina, ‘mei in pear kûgels, sille wy mar oannimme. Nei de tiid joust it oan ’e sjauffeur.’
Om alve oere wie de auto der. It wie sa’n fjouwer oeren riden nei Montferrand, dêr’t se fan de grutte dyk ôf moasten en dêrwei wie it noch sa’n trije kertier riden de kant fan de fulkanen út. Se koene der tsjin fjouweren wêze.
‘Litte wy sizze dat jim oardel oere dwaande binne, as ik de tiid dy’t it kostet om it lyk kwyt te reitsjen meirekkenje, dan kinne jim hjir jûn om in oere as alve maklik wer wêze.’
‘Ik hoopje it,’ sei Alexander.
Alexander sloege de hiele reis. As er wekker waard hie er de skrikeagen foar him fan de doarpsbewenners dy’t er yn ’e oarloch fermoarde hie. It wie wûnderlik, hy hie sokke bylden eins net earder foar him hân. Hy soe it ek net graach wollen ha. Mar eins wie er no wer yn in oarloch fersyld rekke, miskien kaam it dêrfan. Yn alle gefallen wie er op ’e nij yn in situaasje telâne kaam dat er sjen moast om te oerlibjen.
De sjauffeur hâlde ien kear by in weirestaurant. Se gongen nei it húske en dronken in kop kofje. It restaurant lei heech en iepen en doe’t se wer nei de auto ta rûnen seach Alexander nei de weagjende neakene boulannen. Gelokkich dat de sinne skynde.
Underwilens tocht er oan syn oankommend slachtoffer. Hy wie fan doel om him gjin tel yn ’e eagen te sjen om gjin oanstriid te krijen om him te sparjen. Want wat soe dy Bosniër winliken dien ha, dat er sels yn de ôfrûne jierren net dien hie. Se wiene fansels beide slachtoffer fan de gong fan saken. Mar sparje koe er him fansels net, want dan groef er syn eigen grêf.
Achter Clermond Ferrand fernuvere Alexander him oer de toppen fan de deade fulkanen. De diken dêr’t se oer rieden waarden smeller en nei wer in doarpke sloegen se in beronreed yn dy’t in stik bosk yn rûn. De sjauffeur ried stadiger en sloech doe in ferhurde paad yn en net al te lang dêrnei sloech er links ôf en ried er troch in homeie it hiem fan in grut, frijwat ferwaarloazge hûs mei bygebouwen yn. It lei oan ’e râne fan it bosk mar om it hiele skean ôfrinnend hiem stiene beammen en strewellen.
De sjauffeur joech Alexander de plattegrûn. Hy tearde it papier iepen en seach dat it plak dêr’t de Bosniër siet mei in krûs oanjûn wie. Nêst in plattegrûn wie der ek in tekening fan de dwarstrochsneed fan it hûs. De Bosniër siet yn de kelderferdjipping. De sjauffeur rikte him doe it pakket mei it gewear oan en betsjutte him dat er nei it hûs ta gean koe en dat er sels yn ’e auto wachtsje soe. Alexander fûn de kaai daliks, die de doar iepen en rûn daliks nei de keldersdoar dêr’t in kaai yn stuts. Hy draaide de doar fan it slot. Achter de earste romte wie noch ien en dêr moast de Bosniër sitte. Nei ’t er it gewear út ’e doaze helle en it laden hie rûn er mei yn ’e noas de muffe rook fan de kelder nei de doar fan de twadde romte, dêr’t ek in kaai yn stuts. Doe’t er dy omdraaid hie die er mei it gewear yn ’e oanslach de doar iepen. De Bosniër lei achteryn en wie fêstklonken oan de muorre. Hy hie in prop yn ’e mule. De man seach mei in kjelle en bange eachopslach nei him op, mar Alexander liet him net troch dy eagen fange. Hy rjochte him op it uterlik fan de man. Mei syn koart knipt hier en glêd kin seach er der fersoarge út. Hy wie fan syn jierren. Doe’t er fielde dat syn eagen wer nei de man sines ta lutsen waarden wachte er gjin tel mear en skeat. Hy sleepte it lyk nei de bûtendoar ta en wonk doe de sjauffeur, dy’t de auto dêrnei flak foar de doar ried en in griis lekken út de kofferbak helle. Tegearre rôlen se it lyk deryn en tilden it yn ’e auto.
Alexander rûn it hûs yn om de doarren fan de beide kelderromten wer op slot te dwaan en it gewear wer yn te pakken. En doe koe er it net litte om it hûs even troch te rinnen. It wie kreas ynrjochte en de manlju dy’t by de Bosniër de wacht hâlden hiene it hûs oprêden en skjin achterlitten. Allinne de koelkast liet sjen dat der sa’t it skynde wol yn wenne waard. In grutte keamer joech útsjoch op ’e tún, it fjild dêrachter en in fulkaantop yn ’e fierte. Alexander joech him in pear tellen yn in grutte luie stoel del. Dat soe moai wêze, sei er by himsels.
Doe’t er it hûs útkaam en de doar op slot die starte de sjauffeur fuort de auto. Alexander joech him de kaai fan it hûs en leit de doaze mei it gewear wer op ’e achterbank. Doe’t se fuortrieden seach Alexander noch in kear om nei it hûs. It duorre in moai skoft foar’t se oer binnendiken by in achterôfplak oan in rivier kamen dêr’t se it lyk dumpten. De sjauffeur krige syn mobyl, draaide in nûmer en joech de telefoan oan Alexander. It wie Seleina dy’t opnaam.
‘En?’
‘Wy hat it lyk krekt yn in rivier dumpt. It is allegear goed ferrûn.’
‘En jim lizze goed op skema.’
Alexander seach op syn horloazje.
‘Ja.’

Werom yn Parys trof Alexander Seleina oan yn ’e hal fan it hotel. It wie tsjin alven.
‘Sitst hjir krekt, tink.’
‘Net sa lang nee, mar ik ha hjirûnder earst in skoftke achter de kompjûter sitten en fan alles en noch wat oer Mahler besjoen. Ik wie ûnrêstich.’
‘Watfoar dei hast hân?’
‘Ik koe neat. Ik wie sa bliid mei jim telefoantsje en ha doe fuort mei Boris Jankoviç skille.’
‘Streekrjocht?’
‘Ja.’
‘Mar nei’t ik him ferteld hie dat it klear wie mei de Bosniër, sei er, dat er net sa bliid mear mei my wie. Hy wist fansels al lang fan dy en my en dat wie him min nei ’t sin. Ik trape doe mei sin in iepen doar yn troch tsjin him te sizzen, dat er oeral gefaren seach. “En terjochte,” sei er doe. Ik ha tsjin him sein dat er it der earst mar mei dwaan moast en dat er der net oars foar stie as wy allegear. Mar litte wy it noch in kear oer Mahler ha.’
‘Fertel mar.’
‘De fyfde, sechsde, sânde en njoggende symfony ha wy net meimakke en ek allegear lieten net. Ik ha allegear siden mei ynformaasje oer de fyfde opsocht en doe in útfiering op Youtube opsocht en doe wol fiif kear nei de earste acht minuten harke. Dy trompetsolo oan it begjin en de úthalen fuort dêrnei fan benammen de striker- en slachwurkseksje, it oernimmen troch de hoarnseksje, dat hinne en wer geande tusken sêft en lûd en de fynfielende ynsetten fan benammen de strikers, de herhellingen, dan nei seis minuten tromboane ynhâlden in pear maten solo en fuort dêrnei ien en al heftichheid en tempofersnelling troch it hiele orkest en dan de trompet wer solo en noch in kear de tromboane. En dan dy fragmintaryske melodylinen, sa hearlik simpel. Paul Mols fûn it fjirde diel it moaiste, mar ik leau dat ik fan no ôf oan foaral omtinken jaan wol oan Mahler syn ekstreem hinne en wer geande dielen.
‘It liket wol as klammest dy oan Mahler fêst.’
‘Ik ha in hierauto besteld en dêr gean wy moarn mei nei Audresselles oan ’e Kanaalkust, in eintsje ûnder Calais en dêr bliuwe wy dan in wike. It sil dy fernuverje. Mar ik ha wol wat tiid nedich om wer omtinken te jaan oan myn klantekring. Tinkst ek net, dat se earne slim om wapens ferlegen sitte?’
‘Se sille wol net hielendal fan dy ôfhinklik wêze.’
‘Dêr soest wolris kjel fan wurde kinne. Der kinne net sa mar wapens útfierd wurde nei in lân en it ynfieren is faak ek in probleem. It paad derhinne, dat is faak it probleem en dan binne se by my oan it goeie adres. En it hinget der ek faak fanôf foar hokker groepearring de wapens ornearre binne.’
‘Fia, fia, fia.’
‘Krekt.’
‘Do hast de wrâld oan in toutsje.’
‘Sa kinst it stelle, ja.’
‘Ik gean mei as ik de folgjende kear wat betinke mei,’ sei Alexander.
‘Audresselles is ien fan myn favorite plakken,’ sei se, ‘lyts, keal, neaken, fuort tsjin ’e see oan en it kin der ôfgryslik waaie. It is der ûnmeilydsum.’
‘Dêr seist wat. Ien deasjitte is ek ûnmeilydsum. Fan ’e middei wie dat op in hiele aparte manier sa. Ik ha gjin gedachte oan dy Bosniër wije wold. En no’t ik der op weromsjoch, wat stelde it foar? Neat. Ik koe my der foar ôfslute.’
Se gongen nei harren keamer, krûpten neaken by inoar, mar frijden net.

De oare moarns brocht in taksy harren nei it autoferhierbedriuw.
‘Wat hast hierd?’ sei Alexander.
‘In Peugeot 208. Ik soe earst in trijedoars nimme, mar doe tocht ik oan dy en ha ik in fiifdoars dien.’
Alexander glimke en joech har in tút.
Se sochten de A16 op om oer Beauvais, Amiëns en Abbeville nei de kust te riden. Se koenen der as se woene oer goed twa en in heal oere wêze.
Nei in goed oere seagen se boppe it boulân út de katedraal fan Beauvais. Seleina wist it.
‘Ik ha der in kear west,’ sei se, ‘it is de heechste fan hiel Frankryk. Mar se ha him sa heech makke dat der in pear kearen parten fan ynstoart binne en doe ha se him net mear ôfboud. It is in heale tsjerke. In mislearre wrâldwûnder. Mar sa’n bouwurk oer it lân hinne foar de helte te sjen fyn ik prachtich. It sicht datst, ast út it noardwesten komst, op ’e katedraal fan Chartres hast is oars noch folle moaier. Fan kilometers ôfstân sjochst de tuorren dan al boppe de nôtfjilden út en dêr rydst dan rjocht op ôf.’
‘Moatte wy net even oanstekke?’ sei Alexander.
‘Ja,’ sei Seleina, ‘mar dan net by in weirestaurant. Wy kinne aanst Amiëns wol even ynride.’
Oan it plein by de katedraal dêr dronken se kofje.
‘Frankryk en katedralen,’ sei Alexander, ‘dat heart byinoar dochs, dat krijst yn de rin fan dyn libben mei ast wolst of net. Moatte wy net even nei binnen ta?’
Fan Seleina hoegde it net.
‘Ik ha yn genôch katedralen west. Ek yn dizze. It is de grutste fan Frankryk.’
Alexander gong allinnich en fergappe him oan de ôfmjittings, oan de hege romte. Ek de ruten, hege smelle en hiele grutte roasfinsters foelen him op. In roasfinster mei flamjende linen seach er langer nei. Midden yn ’e tsjerke minsken rûnen minsken yn ’e rûnte. Doe’t er derby stie seach er dat se de sirkels fan in labyrint folgen. Hy frege Seleina der nei doe’t er wer by har siet.
‘Dat is wat spiritueels,’ sei se, ‘sjochst it yn mear katedralen. It past net by my. Ik wurd der kribelich fan en wol der eins net iens nei sjen.’
‘Ik moat om dy laitsje,’ sei Alexander, ‘datst dy oer wat ûnskuldichs sa drok meitsje kinst.’
‘Wy ha it der miskien noch wol in kear oer,’ sei se.
‘Aanst yn ’e auto.’
‘En dat bepaalsto?’
‘Nee, hear, it wie mar in idee. En no moat ik al wer om dy laitsje.’
Se seach him út ’e eachhoeke wei oan en glimke doe.
‘Ik ha wat oars yn ’t sin. Ik wol dy de Somme by Saint-Valery sjen litte. By eb is it dêr fassinearjend. Ik ha dêr in jier as fiif lyn noch in kear west. Trouwens oan ’e oare kant by Le Crotoy is it oan boulevard ek prachtich. It binne fan dy plakken dêr’tst graach sa even hinne ride wolst. Wy moatte dan wol fan ’e grutte dyk ôf, mar wy binne moai op ’e tiid.’
Foarby Abbeville draaiden se fan de A16 ôf. Yn Saint-Valery kuieren se earst oer de promenade. Gelokkich wie it eb. Seleina jubele oer de smelle geul en de droechlizzende kanten en de boaten mei de kyl yn it slyk. Op in grut terras fuort tsjin ’e promenade oan ieten se moksels. Seleina wie út ’e skroeven en doe hie se ynienen de triennen yn ’e eagen.
Ut Saint-Valery wei rieden se om ’e baai fan de Somme hinne nei Le Crotoy ta. Achter de boulevard lei in hiel breed strân en dat rûnen se in ein op.
‘Moai,’ sei er.
‘Moatst neat sizze,’sei Seleina.
Alexander seach ferheard nei har mar hâlde him stil. Soms like se ynienen brekber, no ek. Hy lei de hân om har hinne.
Doe sei se, wylst se har fan him losmakke: ‘Sûnt wy ûnderweis de katedraal fan Beauvais sjoen ha tink ik oan Peazens. Ast oan de seekant by de dyk op rûnst wie it earste watst seachst de tsjerketoer. Wûnderlik dat ik my by dy sa gean lit.’
‘It moast der in kear fan komme, tink.’
‘Hoe bedoelst? Nee, sis mar neat.’
Fan Le Crotoy rieden se oer de regionale dyk fierder it noarden yn en op ’e hichte fan Berck-sur-Mer sochten se de A16 wer op. By Wimereux moasten se der wer ôf en doe wie it oer de kustwei noch mar in eintsje nei Audresselles. Se wiene der tsjin fiven.
‘Hast dêr alris earder oernachte?’ sei Alexander, doe’t se it hotel seagen dêr’t Seleina in keamer hierd hie. It stie oan ’e súdrâne fan it doarp sa’n hûndert meter fan it strân ôf.
‘Nee. Al in kear yn in âld, útlibbe hotel midden yn it doarp. Wy hiene gjin oare kar doe. It wie hjir fol. Mar wy ride even troch, dan hast fuort in yndruk,’ sei Seleina, ‘alhoewol, der stiet hjoed amper wyn. De lêste kear dat ik hjir wie waaidest hast fuort.’
Audresselles wie in beamleas doarp fuort oan ’e kust. Hast alle huzen wiene wyt en plat. Seleina sloech midden yn it doarp linksôf de kant fan ’e see út en hâlde yn it sintrum fan it doarp.
‘Wy rinne even dit strjitsje yn nei it strân.’
Oan ’e ein koenen se by betonplaten en rotsblokken del op it strân komme. Rjochts wie in hege betonnen muorre. It like it oerbliuwsel fan in bunker. It strân, in grintstrân, wie leech en de see in ein fuort. Doe’t se har omdraaiden seach Alexander dat de kustrâne, mei dêrop foaral heechoppe huzen en inkelde njoggentjinde ieuske filla’s, oer de hiele lingte fan it doarp tsjin de see beskerme waard troch hege betonmuorren.
‘Is dat hjir op mear plakken sa?’ sei Alexander.
‘Ik leau it net.’
‘Apart.’
‘It is gjin moai oansicht,’ sei Seleina, ‘mar it fassinearret my alle kearen wer. Dy grize, ûnnimbere muorren en dy wite huzen der boppe. It is in treasteleas gesicht eins. Mar ik hâld fan dit plak.’
‘Om dy muorren,’ sei Alexander.
‘Ik tink it.’
‘As it moarn moai waar is, kinne wy der de hiele dei wol mei de rêch tsjinoan sitte. Dat liket my wol wat.’
‘Ik ha it altyd al wollen, mar as ik hjir wie – ik ha hjir leau ik sa’n fjouwer kear west – gjin tiid foar nommen. No ja, even fiif minuten of sa. Mar dan wiene wy ek op trochreis.’
Se rûnen fierder it grintstrân op nei it wetter ta mar stjitten op in glysterige rotsboaiem. De see blonk. De stilte gûnze. Se knoffelen oer de rotsen hinne en omsylden dobben. Sa no en dan pakten se inoars hân. Seleina koe de oanrekking hast net ferneare.
‘Dy kant út is it better.’ Seleina wiisde nei links, dêr’t it grintstrân fierder útrûn nei see. Mar lit ús no mar weromgean. Wy ha fan ’e wike alle tiid om hjir te wêzen.’
Werom by de auto wiisde se Alexander earst op it hotel dêr’t se seis jier lyn sliept hie en doe op it fiskrestaurant dêr’t se aanst mei him ite woe.
‘Dêr ha wy doe hearlik iten. Foaral de krab dêr wie in sensaasje. Dat wie in moai tsjinwicht tsjin dy hotelkeamer.’
‘Mei wa wiest hjir doe?’
‘Mei in Belch.’
‘Dat falt ta. Of ôf. Krekt hoe’tst it besjochst.’
‘Hoe bedoelst?’
‘Net ien fan ’e Malediven.’
‘Ja, it hie eksoatysker kennen. Mar mei Frank hie ik in goeie yngong yn de Kongo. En noch. Mei ien fan ’e Malediven kinst net folle.’
‘En mei my?’
‘Do bist ek in bongel oan ’e poat. Mar ik ha in swak foar dy. Do hast gelok.’
Se rieden nei it hotel ta, dat ienfâldich eage, mar it wie sa te sjen goed genôch. De keamer dy’t se krigen wie net grut, mar hie wol in prachtich útsjoch op ’e see.
‘Wat fynst der fan?’ sei Seleina.
‘Wy binne it oars wend, mar foar my is it goed genôch,’ sei Alexander.
‘Foar my ek, hear. Wy rêde it hjir wol in wike. It is in hotel dat by it doarp past.’
Doe’t se har ynstallearre hiene sei Seleina: ‘Witst wat ik no even wol? Yn ’e hal achter de kompjûter krûpe en nei de sânde symfony fan Mahler harkje. Dy ha wy op Peaske-eilân ek net meimakke. Dy symfony wurdt net sa wurdearre, wylst er sels sein hat dat it syn fleurichste is. Ik sil him thús wol ris draaid ha, mar ik kin my der neat fan ’t sin bringe. Ik bin benijd.’
‘Moat dat no?’
‘Ik fiel my wat drok yn ’e holle en dêr sykje ik wat by.’
‘In tsjingif?’
‘Hielendal net, wat dat der by past.’
Alexander joech him op it bêd del en Seleina gong nei ûnderen ta.
Se krige lykwols wat oars te hearren as dat se fan Mahler wend wie. Der kaam gjin heislike drokte yn foar en der wiene ek gjin stimmingsferskillen. De muzyk gong net as gek hinne en wer. Der wiene wol inkelde ynhâlden mominten, mar it wie gjin symfony mei grutte tsjinstellingen, net wat lûd en sêft oangiet en likemin wiene der grutte tempoferskillen, hoewol’t it earste diel ‘Langsam-Allegro’ hiet. Nei in hiel sêft begjin en dan in pear úthalen fan de tenoarhoarn en wat sketterjende mominten ferrûn it earste part fierders frij egaal. Mar in inkelde kear klonken der skrille toanen. It gong eins allegear gemoedlik om en ta en de beweging siet him foaral yn de tema- en ynstrumintewikselingen. De klankkleur wie suver donker. By de twa parten ‘Nachtmuzik’ fielde se, dat se slûch waard. It scherzo tusken dy twa parten yn bleau yn deselde sfear. De drokte yn har holle êbe wei. Dêr hie it har hielendal net om begûn west, mar se wie der no wol bliid mei. De muzyk wie in skot yn ’e roas. De sinne skynt net, mar it is net tryst, sei se by harsels. Eins fûn se dat it moaiste waar om by de see te wêzen. Se hie har by ‘fleurich’ wat oars foarsteld, mar dat Mahler de symfony sa beneamd hie koe se wol begripe. It wie in symfony sûnder ekstremen. Wat by him tragysk neamd waard spile gjin rol. Under it lêste part waard se wer hielendal wekker, mar sette se wol de earmtakken op it buro en lei se de holle yn ’e hannen. De muzyk kaam oer har hinne as in wûnder. It begûn mei aardich ferheftich slachwurk en fuort dêrnei setten de blazers oan. De toan fan dit diel wie wol lichter, flotter en der sieten mear úthalen yn, mar dan kaam der al gau wer in rêstiger, subtiler eintsje. Geandewei gong se der hielendal yn op. It wie krekt as dûnse der ien, fleurich miskien wol, mar net útskroeven en in bytsje mankelyk. Se spande har ûnderliif en boppeskonken. En doe’t it hiele orkest de einmaten ynsette en it stik mei in klap einige lake se en sei se: ‘Ja! Ja.’ Se hie it gefoel dat se op dat stuit pas echt yn Audresselles wie. Mar se wie noch net hielendal befredige. Se woe it Rückert-liet ‘Ich bin der Welt abhanden gekommen’ lêze en socht it op:

Ich bin der Welt abhanden gekommen,
Mit der ich sonst viele Zeit verdorben,
Sie hat so lange nichts von mir vernommen,
Sie mag wohl glauben, ich sei gestorben!
Es ist mir auch gar nichts daran gelegen,
Ob sie mich für gestorben hält,
Ich kann auch gar nichts sagen dagegen,
Denn wirklich bin ich gestorben der Welt.
Ich bin gestorben dem Weltgetümmel,
Und ruh’ in einem stillen Gebiet!
Ich leb’ allein in meinem Himmel,
In meinem Lieben, in meinem Lied!

‘Ja,’ sei se en doe tocht se: Audresselles is myn rêdingsboei. Se seach nuver op fan dy gedachte, mar fuort dêrnei glimke se. Se wie bliid mei it momint.

(wurdt fuortset)

 

Molwrot 1

Molwrot 2

Molwrot 3

Molwrot 4

Molwrot 5

Molwrot 6

Molwrot 7

Molwrot 8

Molwrot 9

Molwrot 10

Molwrot 11

Molwrot 12

Molwrot 13

Molwrot 14

Molwrot 15

Molwrot 16

Molwrot 17

Molwrot 18

Molwrot 19

Molwrot 20

Molwrot 21 en 22

Molwrot 23

Molwrot 24

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *