
Nee, nee! Rûge hannen skjirje by myn ankels lâns, ik fiel de houtene flier ûnder my troch glydzjen. Lûd geraas mingt him mei ôfgryslik gelaak. Myn fingers klamje har út alle macht om meubilêr. De skuonkast sjit los. De koalekit te glêd. Mar dan, ûnferwachte stipe fan in doarpost. Mei alles wat ik yn my haw hâld ik it kezyn fêst.
‘Hjir dû, aaklike moffehoer,’ seit in bekinde mannestim, yslik beret.
Lês fierder by Janneke de Boer