
Sneontejûn 7 febrewaris 2015 gie yn ‘De Koornbeurs’ te Frjentsjer Wiebe Kaspers syn teaterprogramma ‘It Gouden Fjild’ yn premjêre. Yn dat programma, en op it hjir te besprekken cd-album Nei sa’n dei dat dêr as soundtrack by heart, ûndernimt de oarspronklik fan Jorwert ôfkomstige muzikant en lietsjesskriuwer in syktocht nei it eigen, noch jonge, ‘ik’.
‘Vijf sterren’
Wiebe Kaspers (24) krige ferline hjerst ynienen in soad media-omtinken, om’t er as begeliedend pianist letterlik in grutte rol spile yn Syb van der Ploeg en Gé Reinders har teaterfoarstelling ‘Van Pompeblêd tot Proemevlaai’, dêr’t dy mannen mei troch hiele Nederlân toerden. De Ljouwerter Krante skreau yn dat ferbân: ‘Syb van der Ploeg en Gé Reinders verdienen met deze voorstelling echt vier sterren, maar Wiebe Kaspers verdient er vijf’. Boppedat helle Kaspers de publisiteit mei it nûmer ‘It Gouden Fjild’, in ferfrysking fan Sting syn ‘Fields of Gold’, dat er al yn 2013 op single útbrocht hie, mar dat yn 2014 ek op ’e cd ’t Verschil is oeral geliek mei de lietsjes út de foarstelling fan Van der Ploeg en Reinders ferskynde. It management fan ’e grutte ynternasjonale popstjer Sting wie, om auteursrjochtlike reden, not amused: ‘It Gouden Fjild’ moast fan ’e cd fan Van der Ploeg en Reinders ôfhelle wurde!
Tolve nûmers
Hoewol’t er nei oanlieding fan ’e hjirboppe sketste perikels tocht oan ’e nije titel ‘It Frije Lân’, bleau ‘It Gouden Fjild’ foarearst wól de titel fan it earste eigen teaterprogramma fan Wiebe Kaspers. De struibledsjes dêr’t er dat programma yn oankundige, wiene nammentlik al ferspraat. En dan op sa’n koarte termyn noch in oare titel foar kar nimme, soe neat minder as ‘kapitaalferneatiging’ betsjutte.
It album Nei sa’n dei, dat as de soundtrack fan ‘It Gouden Fjild’ beskôge wurde kin, binne tolve nûmers op te hearren. Fjouwer stikken binne alhielendal ynstrumintaal. De muzyk foar alle tolve nûmers is yn earste ynstânsje skreaun troch Wiebe Kaspers sels, mar yn acht komposysjes hawwe syn fêste begelieders, bassist Florian den Hollander en slachwurker Daan Slagter, in wichtige ynbring hân. Behalve Den Hollander en Slagter binne op Nei sa’n dei te hearren: Isabelle Doodhagen (fioele), Rob Faltin (fioele), Aliene van der Veen (altfioele), Wytske Holtrop (sello), Eric Keuning (drums), Syb van der Ploeg (sang) en Nico Outhuijse (sang). Kaspers sels nimt de liedende sang, piano en oare toetsynstruminten, en ’e gitaarpartijen foar syn rekken.
Reade triedden
Twa saken rinne as reade triedden troch it programma ‘It Gouden Fjild’ hinne. Dat binne it wurd ‘kataleptysk’ en ’e rigel ‘Byldzje dy in byld yn datst dy net ynbyldzje kinst’. ‘Kataleptysk’ komt fan ‘katalepsy’, dat ‘ferstiving yn ’e spieren dêr’t gefoelleazens troch ûntstiet’ betsjut. Yn it earste nûmer fan ’e cd Nei sa’n dei, ‘Dream mar leave’, komme beide reade triedden fuort al foarby:
Ynienen seach ik neat mear, ik wie bang as de dea.
Fan eangst heal kataleptysk wie ik earst mar lizzen gien.
Doe’t in ûnbekende stim yn myn linkerear flústere:
‘Byldzje dy in byld yn datst dy net ynbyldzje kinst.’
Hoewol’t it yn in liettekst oer in dream wat my oanbelanget in soad lije kin, haw ik der wol oan, om te snappen wat oft de tekstskriuwer ús no krekt dúdlik meitsje wol. Sit er fêst yn in soarte fan eangstbyld? Mei de rigel ‘Byldzje dy in byld yn datst dy net ynbyldzje kinst’, leit er de filosofyske latte oan ’e hege kant. Dêrby komt, dat er yn it folgjende kûplet fan ‘Dream mar leave’, fia de krektneamde ‘ûnbekende stim’, fuort al oan it relativearjen slacht:
Bisto moarn dêrnei wer wekker,
byldzje dan dyn dreamen yn.
En gienen dy mooglik net lekker,
sko se wei mei it gerdyn.
It is dus krekt, as hoege wy no ek wer net ál te bot yn noed te sitten oer de psychyske tastân fan Wiebe Kaspers. Foaral as er yn it tredde nûmer fan ’e cd it liet ‘Jorwert’ oanheft. Dat is in wat mankelyk, mar yn essinsje tige posityf, liet, fol mei jonkheidoantinkens út de ‘gûnetiid’. It beslút mei:
Kin ik net altyd yn Jorwert bliuwe
[…], dêr kin dochs neat oan tippe?
Serieus en relativearjend
Lykas sein, struit Wiebe Kaspers yn syn teaterprogramma en op ’e cd Nei sa’n dei rynsk mei it wurd ‘kataleptysk’ en mei de rigel ‘Byldzje dy in byld yn datst dy net ynbyldzje kinst’. Op sa’n wize hat er oer sawol it teaterprogramma as oer de cd dochs wol wat in ‘wale’ fan swiersettigens lein. Dy sfear fan swiersettigens wurdt nochris fersterke troch de fjouwer ynstrumintale stikken dy’t yn it programma en op ’e cd te hearren binne. It binne stik foar stik priuwkes fan grut muzikaal fakmanskip, mei ‘Smokin’ to be “Alike As Red Auerbach”’ as in werklik fantastyske, suver klassike, komposysje foarop. Mar oan ’e titels (‘Improvisaçion’, ‘Blues in Ges’, ‘Nocturne’ [= ‘Nachtstik’, B.O.]) is al ôf te lezen, dat it net om ’e allerfleurichste deuntsjes te rêden is. It hat der in soad fan as wol Wiebe Kaspers him earst en meast profilearje as in serieuze teatermakker/muzikant.
Dochs kin er it net litte en set de taskôger/harker geandewei it programma/de cd ek wer op ’e ‘oare’ foet. Krekt as yn it hjirboppe oanhelle ‘Jorwert’ relativearret er nammentlik yn it titelnûmer ‘Nei sa’n dei’ syn swiersettigens fan earder yn it programma en op ’e cd. Dat docht er sa:
Ach, lit my mar wat sjonge oer in doarp dat ik fertrou,
en lit my aanst leaf dreame fan in pracht fan in frou.
Ik fertel wol in ferhaaltsje oer Galileo of sa,
dan doch ik wol it ljocht út, sille we it der net mear oer ha.
Poarsje jazz
Muzikaal hat er ‘Nei sa’n dei’ ek tige ‘luftich’ oanklaaid, nammentlik as in reggae-nûmer. Troch dy oanpak is dat in prachtige ienheid fan tekst en muzyk wurden.
Oer ’t generaal moat sein wurde, dat Wiebe Kaspers in goed each hat foar watfoar muzyk oft er by in tekst komponearje moat. Dy muzyk kin mar it bêste as typyske teatermuzyk yn tsjinst fan ’e lietteksten, mar mei in flinke poarsje jazz deryn, karakterisearre wurde. Omreden dat er pianist is, is de muzyk útsoarte foaral út ’e toetsen wei ‘tocht’, mar hy jout syn muzikale maten (sjoch hjirboppe) ek alle romte om te eksellearjen. Sadwaande is Nei sa’n dei muzikaal in tige ôfwikseljende en dynamyske skiif wurden. En dy dynamyk past perfekt by de syktocht nei it eigen ‘ik’, dy’t Wiebe Kaspers yn ‘It Gouden Fjild’/Nei sa’n dei ûndernommen hat!
Wiebe Kaspers: Nei sa’n dei (cd)
Wiebe Kaspers Producties, Ljouwert 2015
www.wiebekaspers.nl