
HENDAYE, 29 april 2015
Oan de redaksje fan ensafh – p/a Piter Boersma.
GOED LÊZE EN SKERP TINKE IS IN KEUNST –
TEKSTFERKLEARRING KIN IN OPLOSSING WÊZE –
MAR TSJIN KWEADE TROU HELPT NEAT
Yn ensafh 2, april ’15, skriuwt M. Reitsma yn syn besprek fan Frozen moonlight yn myn hannen:
(0)
…s38
De Haan wennet yn Hendaye, Frânsk Baskelân. Dêrmei hat er in posysje as bûtensteander, yn de Fryske literêre wrâld, mar ek yn oare. Hy fernuveret him oer guon ûntwikkelings: ‘In oait libben bestean dat him net fernijt en ferfarsket, ferwurdt ta in stilsteande dobbe, in bûten de realiteit tahâldend eilân.’ (s 11, Frozen moonlight…’). Reitsma tinkt dat ik op in eilân sit!
Even in stikje tekstferklearring (myn âlde fak):
Ik skriuw (as krityk op guon groepen SP, CU, PVV dy’t har tsjin Europa keare, har fersette tsjin feroaring en ferbreding mei kultueren en talen yn Europa) dat ‘guon nei juster werom wolle – de ferstjurring sil foar master opslaan’.
Ik bin gjin bûtensteander, ik sit midden yn dy Europeeske feroaring. Ik sis ek noch (en dat hat mei Nederlân/Fryslân te krijen): Lju dy’t yn in (fêstrustke) foarm sitte, sjogge net mear wat der oan de bûtenkant bart. Se slute har op yn eigen lân, yn har eigen taal, yn har eigen kultuer, yn har eigen nostalgysk wrâldsje fan froeger. En dan it sitaat fan Reitsma: In oait…eilân (sjoch boppe).
Eins hie Reitsma de tekst yn myn boek op himsels tapasse moatten, dêr’t er in 100 jier werom giet mei syn Fryslân en de wrâld-2. As Europeaan, Reitsma, folgje ik Frankryk, Spanje (ynklusyf Baskelân) en Nederlân (TV-kanalen, digitale kranten en de literatueren). Ik kritisearje hjir de SLETTEN WRÂLD fan û.o. Fryslân. En fierder: ik publisearje al 15 jier Fryske literatuer út it bûtenlân wei, nettsjinsteande it feit dat ik al 23 jier troch Tresoar boikot wurd. Jo ha net de krekte minsken troffen, of hawwe net skerp lêzen.
(I)
…. side 40
In oar foarbyld. Op side 216 jout De Haan in sitaat fan Teake Oppewal, as reaksje op in fraach fan de direkteur fan útjouwerij Meulenhoff, Laurens van Krevelen: ‘Surrealisme is geen literatuur.’ Wêr’t dat sitaat wei komt, moat de lêzer riede, want in boarne wurdt net jûn. Dat ûnderminet de autoriteit fan de skriuwer dochs wol wat.
Op side 216 fan Frozen moonlight yn myn hannen stiet:
Hear T. Oppewal, de literatuerbefoarderer, hat surrealisme al earder ôfwiisd. Doe’t yn 1993 de earste Spiegel gearstald waard hie er te krijen mei Utjouwerij Meulenhoff . De direkteur Laurens van Krevelen sei: ‘Ik heb voor mijn Spiegel van de surrealistische poëzie uit 1989 dertien surrealistische gedichten van Josse de Haan opgenomen. Hij is de enige Friese dichter die zo schrijft. Waarom neemt U niet een paar van deze gedichten op in Uw Spiegel.’ Oppewal: ‘Surrealisme is geen literatuur.’ (NB: Van Krevelen skriuwt en publisearret ûnder de namme Laurens Vancrevel surrealistyske gedichten – Crevel wie in Frânske surrealist).
Laurens van Krevelen is al desennia in freon fan my. Oer de wichtige útjefte fan de Spegel/Spiegel ha wy fansels kontakt hân. Ek oer it petear dat Van Krevelen mei Oppewal hie.
No’t Reitsma in âld trúkje tapast om Oppewal skjin te praten, sa’t er faker docht yn syn besprek – ‘ik koe gjin papieren boarne fine’ – en my as in fantast oanwiist, wol ik dit sitaat al even delsette dêr’t it heart.
Ik tink dat Van Krevelen noch altiten ferbjustere is troch it antwurd fan Oppewal dy’t net iens troch hie dat er mei de oprjochter fan de twadde surrealistyske beweging yn Nederlân prate – Brumes Blondes.
(II)
…s39/40
Yn it Nawoord fan de Spegel stiet: ‘Er zijn karakteristieke aspecten aan te wijzen die samenhangen met het feit dat het Fries een minderheidstaal is.’
Dit is dus skreaun troch Oppewal/Boorsma. Myn fraach is dan oft de poëzy fan in minderheidstaal oare poëzy is as dy fan in mearderheidstaal. Der wurdt neat oer sein yn dat Nawoord, sis ik dêrnei – it is in idioate stelling. Reitsma ferwyt my dat ik neat ‘ûnderbou’. Al wer in trúkje – de boadskipper krijt de skuld fan de sloppe stelling yn de skuon skood. Reitsma draait it spul om.
(III)
…s40
Troch leafdedea te kastrearjen en te sinsurearjen is it modernisme derút helle, ôfskaft troch Tresoar (Oppewal en Frou de Jong). Oer de Fryske letteren sa’t Reitsma hawwe wol praat ik net. Reitsma lêst wat er lêze wol.
(IV)
…s40
Telemachus kin neffens my net brûkt wurde, omdat Marnix Gijsen dy brûkt hat yn syn evokative roman Telemachus in het dorp. Reitsma soe dy roman earst lêze moatte en dan sjen kinne dat Kingma syn Telemachus (ek as mytyske figuer) net troch de mesken kin.
(V)
…s41
De ferkrêfte leafdedea gong nei de Buchmesse twa jier neidat ik myn stik oer de sinsuer skreaun hie; yn 2013 koe ik dat boek ferbine mei Brolsma syn roman dy’t der ek hinne gong – ik ‘skuor neat út in oare kontekst, en ik kwak dus ek neat yn dit artikel del’. In eks-nazi-folkspriiswinner, en in skansjearre en sinsurearre roman as leafdedea. Mon dieu, as soe de Buchmesse dêr op sitte te wachtsjen. Nee dus, ha wy yntusken sjoen.
Oare saken oangeande it besprek dêr’t kritykleas achter de literatuerbefoarderer en Frou De Jong oanhobbele wurdt lit ik lizze, omdat Reitsma net de kant fan de skriuwers kiest – net objektyf lêst – mar dy fan de ynstitútsklerken, waans ideeën bekend binne – jo meie fan him boeken skansearje en sinsurearje, eksperimintele poëzy negearje en skriuwers skoffearje. Sa’t ek deselde Oppewal de roman Piksjitten op Snyp tsjinhâlde woe yn in oersetting by Meulenhoff… (lês Jelle Breuker).
JOSSE DE HAAN – tipelder, soms ek skriuwer
PS1): myn âlde tipelstôk en 2 pinkerts hingje hjir yn myn wurkkeamer. Se ha my ynspirearre doe’t ik it boek skreau en gearstalde.
PS2): Dizze Bûtensteander (Reitsma) publisearret as Frysk skriuwer bgl. yn –
a. What will be – Almanac of the international surrealist movement (528 siden, 2014 Brumes Blondes).
b. Hydrolith2-Surrealist Research & Investigations – Berkeley, California (366 siden A4, illustrated, 2014).
It besprek fan Meindert Reitsma, dat yn ensafh 2, april ’15 publisearre waard, kinne jo hjir neilêze (pdf).