
Dat is de titel fan in boek, dat wol sizze de oersetting fan de titel, it boek hyt ‘De mooiste van altijd’. Ik ha it juster út ’e bibleteek helle. Ik koe it boek net, ik seach it stean doe’t ik foar de kast mei poëzy stie. De ûndertitel is ‘40 eeuwen wereldpoëzie in 300 gedichten samengebracht’ (it âldste gedicht yn de bondel is fan likernôch 2200 foar Kristus) en de gearstallers fan de blomlêzing binne de Belgen Koen Stassijns en Ivo van Strijtem. It is in útjefte fan Lannoo nv, Tielt ûnder de imprints Lannoo en Atlas en al fan 1999. Yn har foarwurd skriuwe de gearstallers dat dy titel gewoan te grut is foar it boek, foar watfoar boek ek. Mar sizze se, mear as in titel wol it in leafdesferklearring wêze oan de poëzy. En wa’t fereale is bazunet it út, fertelt hearlike ûnsin en oerdriuwt, om’t syn klopjend hert op dat stuit op syn minst like grut is as de ierdbol. En dan kin it, mei it, moat it.
Yn dat foarwurd stiet ek dat se al earder in boek útjûn ha mei de titel ‘De mooiste van de hele wereld’ en doe wiene se like fereale. Yn dy útjefte stiet poëzy út de tweintichste ieu en flak dêrfoar. Yn it boek dat ik hjir nêst my te lizzen ha is gjin poëzy fan nei 1900 opnommen.
Foar alle wissichheid, it giet om oersettingen fan poëzy út oare talen, der stiet gjin Nederlânsktalige poëzy yn, dat is spitich, want it hie fansels hiel nijsgjirrich west om te sjen hokker Nederlânsktalige gedichten in plakje by dy 300 krigen hiene. Fryske poëzy hie wol kinnen, mar ja, dat witte wy sa stadichoan wol. Soe it ea safier komme?
Stassijns en Van Strijtem sizze dat se mei beide boeken it ferstikkende tempo fan produksje en konsumpsje ôfremje wolle. Wat se dêr krekt mei bedoele? ‘Poëzy leit ommers fêst, set stil, tinkt nei, freget tiid en lit him dêrby net steure troch de tiid dy’t fierder wol. De ‘moaiste’ gedichten wolle ‘fan altyd’ wêze, ûnstjerlik.’ Om de tiidleasheid fan de poëzy te beklamjen ha se de gedichten ek net yn gronologyske folchoarder opnommen, mar keazen foar in yndieling neffens tema. Dat is dan, sa’t se sizze, oars ek wer in begrinzing dêr’t gedichten it mier oan ha.
Se ha de folgjende skiften makke: Lânskippen, Leafde, Foarbygean, Poëzy, Besibbe, Unrjocht, Mystearje, Bisten , Dea, Sin / ûnsin. Apart is dêrby dat se dy ôfdielingen foarôfgean litte troch in motto, dat hieltyd in gedicht fan nei 1900 is. By de ôfdieling ‘Mystearje’ is dat in gedicht fan de Sinees Feng Zhi:
Ons zicht op heil zo zwak en onvoldragen
O, God, ik smeek U diep in de nacht
als een mens uit de oertijd:
geef aan mijn enge hart
een wijd heelal.
Fan hokker dichters út de blomlêzing ha ik noch nea heard? Ik hâld it even by de Europeanen: Emil Aarestrup (Deen), Endre Ady (Hongaar), Alcman ((âlde Gryk), Amergin (Kelt), Cecco Anglioieri (Italiaan), Felix Arvers (Frânsman), Asclepiades fan Samos (âlde Gryk), Gustavo Adolfo Béquer (Spanjoal), Carl Michael Bellman (Sweed), Thomas Campion (Brit), Giosuè Carducci (Italiaan) ensfh.
Ik sykje it gedicht fan de Deen Emil Aarestrup (1800-1856) op.
In de sneeuw
Over de pleinen en straten,
die nacht, in het licht van de maan,
door de sneeuw die er lag, de witte,
zag ik je haastig gaan.
In sprookjesachtige schoonheid
straalde de stad kristalklaar,
en als een magisch luchtkasteel
verblindde de Burchtgevel haar.
De mof die zich wond rond je handen
had reden zich te verblijden,
en rond je knieën hoorde ik
de kreet van gladde zijde.
Je adem die als rozengeur
onzichtbaar was voor het oog,
stroomde nu door je voile als
een zilveren wolk omhoog.
En zingend liet de sneeuw zich
door jouw voetjes betreden,
je schaduw fladderde voorbij
op het zachte tapijt beneden.
Die zag ik haastig zwevend
over ’t geglinster glijden
van de gave, ijle vlakte –
een ander aan haar zijde.
Het was mijn eigen schaduw!
In ongekende haast
bewoog die zich onrustig
en langgerekt ernaast.
En in verwarring naderend
heeft die toen – het is heus waar –
het eigen zwarte wezen
vermengd met dat van haar.
Ze zwollen beiden op en
als het maanlicht zich verloor,
– een beeldhouwwerk van Canova –
gingen zij weer teloor.
Om dan in een zalig omhelzen,
ongekend voor mijn vlees en bloed,
weer in het gezicht te komen,
mijn schaduw deed zich te goed!
Dit prachtige gedicht is ûnderbrocht yn de ôfdieling ‘Lânskippen’, mar it hie dus ek skoan yn de ôfdieling ‘Leafde’ past.
Lit it gau winter wurde en snije, sadat in Fryske dichter ynspirearre wurdt om sa’n gedicht te skriuwen. Wa soe dat kinne? Under it oertypen fan it gedicht tocht ik oan him: Jacobus Q. Smink.