Piter Boersma

Molwrot 26

logo.ensafh

 

Feuilleton

26

Werom yn Parys trof Alexander Seleina oan yn ’e hal fan it hotel. It wie tsjin alven.
‘Sitst hjir krekt, tink.’
‘Net sa lang nee, mar ik ha hjirûnder earst in skoftke achter de kompjûter sitten en fan alles en noch wat oer Mahler besjoen. Ik wie ûnrêstich.’
‘Watfoar dei hast hân?’
‘Ik koe neat. Ik wie sa bliid mei jim telefoantsje en ha doe fuort mei Boris Jankoviç skille.’
‘Streekrjocht?’
‘Ja.’
‘Mar nei’t ik him ferteld hie dat it klear wie mei de Bosniër, sei er, dat er net sa bliid mear mei my wie. Hy wist fansels al lang fan dy en my en dat wie him min nei ’t sin. Ik trape doe mei sin in iepen doar yn troch tsjin him te sizzen, dat er oeral gefaren seach. “En terjochte,” sei er doe. Ik ha tsjin him sein dat er it der earst mar mei dwaan moast en dat er der net oars foar stie as wy allegear. Mar litte wy it noch in kear oer Mahler ha.’
‘Fertel mar.’
‘De fyfde, sechsde, sânde en njoggende symfony ha wy net meimakke en ek alle lieten net. Ik ha allegear siden mei ynformaasje oer de fyfde opsocht en dêrnei in útfiering op Youtube en wol fiif kear nei de earste acht minuten harke. Dy trompetsolo oan it begjin en de úthalen fuort dêrnei fan benammen de striker- en slachwurkseksje, it oernimmen troch de hoarnseksje, dat hinne en wer geande tusken sêft en lûd en de fynfielende ynsetten fan benammen de strikers, de herhellingen, dan nei seis minuten tromboane ynhâlden in pear maten solo en fuort dêrnei ien en al heftichheid en tempofersnelling troch it hiele orkest en dan de trompet wer solo en noch in kear de tromboane. En dan dy fragmintaryske melodylinen, sa hearlik simpel. Paul Mols fûn it fjirde diel it moaiste, mar ik leau dat ik fan no ôf oan foaral omtinken jaan wol oan Mahler syn ekstreem hinne en wer geande dielen.
‘It liket wol as klammest dy oan Mahler fêst.’
‘Ik ha in hierauto besteld en dêr gean wy moarn mei nei Audresselles oan ’e Kanaalkust in eintsje ûnder Calais en dêr bliuwe wy dan in wike. It sil dy fernuverje. Mar ik ha wol wat tiid nedich om wer omtinken te jaan oan myn klantekring. Tinkst ek net, dat se earne slim om wapens ferlegen sitte?’
‘Se sille wol net hielendal fan dy ôfhinklik wêze.’
‘Dêr soest wolris kjel fan wurde kinne. Der kinne net sa mar wapens útfierd wurde nei in lân en it ynfieren is faak ek in probleem. It paad derhinne, dat is faak it probleem en dan binne se by my oan it goeie adres. En it hinget it der ek faak fanôf foar hokker groepearring de wapens ornearre binne.’
‘Fia, fia, fia.’
‘Krekt.’
‘Do hast de wrâld oan in toutsje.’
‘Sa kinst it stelle, ja.’
‘Ik gean mei as ik de folgjende kear wat betinke mei,’ sei Alexander.
‘Audresselles is ien fan myn favorite plakken,’ sei se, ‘lyts, keal, neaken, fuort tsjin ’e see oan en it kin der ôfgryslik waaie. It is der ûnmeilydsum.’
‘Dêr seist wat. Ien deasjitte is ek ûnmeilydsum. Fan ’e middei wie dat op in hiele aparte manier sa. Ik ha gjin gedachte oan dy Bosniër wije wold. En no’t ik der op weromsjoch, wat stelde it foar? Neat. Ik koe my der foar ôfslute.’
Se gongen nei harren keamer, krûpten neaken by inoar, mar frijden net.

De oare moarns brocht in taksy harren nei it autoferhierbedriuw.
‘Wat hast hierd?’ sei Alexander.
‘In Peugeot 208. Ik soe earst in trijedoars nimme, mar doe tocht ik oan dy en ha ik in fiifdoars dien.’
Alexander glimke en joech har in tút.
Se sochten de A16 op om oer Beauvais, Amiëns en Abbeville nei de kust te riden. Se koenen der as se woene oer goed twa en in heal oere wêze.
Nei in goed oere seagen se boppe it boulân út de katedraal fan Beauvais. Seleina wist it.
‘Ik ha der in kear west,’ sei se, ‘it is de heechste fan hiel Frankryk. Mar se ha him sa heech makke dat der in pear kearen parten fan ynstoart binne en doe ha se him net mear ôfboud. It is in heale tsjerke. In mislearre wrâldwûnder. Mar sa’n bouwurk oer it lân hinne foar de helte te sjen fyn ik prachtich. It sicht datst, ast út it noardwesten komst, op ’e katedraal fan Chartres hast is oars noch folle moaier. Fan kilometers ôfstân sjochst de tuorren dan al boppe de nôtfjilden út en dêr rydst dan rjocht op ôf.’
‘Moatte wy net even oanstekke?’ sei Alexander.
‘Ja,’ sei Seleina, ‘mar dan net by in weirestaurant. Wy kinne aanst Amiëns wol even ynride.’
Oan it plein by de katedraal dêr dronken se kofje.
‘Frankryk en katedralen,’ sei Alexander, ‘dat heart byinoar dochs, dat krijst yn de rin fan dyn libben mei ast wolst of net. Moatte wy net even nei binnen ta?’
Fan Seleina hoegde it net.
‘Ik ha yn genôch katedralen west. Ek yn dizze. It is de grutste fan Frankryk.’
Alexander gong allinnich en fergappe him oan de ôfmjittings, oan de hege romte. Ek de ruten, hege smelle en hiele grutte roasfinsters foelen him op. In roasfinster mei flamjende linen seach er langer nei. Midden yn ’e tsjerke minsken rûnen minsken yn ’e rûnte. Doe’t er derby stie seach er dat se de sirkels fan in labyrint folgen. Hy frege Seleina der nei doe’t er wer by har siet.
‘Dat is wat spiritueels,’ sei se, ‘sjochst it yn mear katedralen. It past net by my. Ik wurd der kribelich fan en wol der eins net iens nei sjen.’
‘Ik moat om dy laitsje,’ sei Alexander, ‘datst dy oer wat ûnskuldichs sa drok meitsje kinst.’
‘Wy ha it der miskien noch wol in kear oer,’ sei se.
‘Aanst yn ’e auto.’
‘En dat bepaalsto?’
‘Nee, hear, it wie mar in idee. En no moat ik al wer om dy laitsje.’
Se seach him út ’e eachhoeke wei oan en glimke doe.
‘Ik ha wat oars yn ’t sin. Ik wol dy de Somme by Saint-Valery sjen litte. By eb is it dêr fassinearjend. Ik ha dêr in jier as fiif lyn noch in kear west. Trouwens oan ’e oare kant by Le Crotoy is it oan ’e boulevard ek prachtich. It binne fan dy plakken dêr’tst graach sa even hinne ride wolst. Wy moatte dan wol fan ’e grutte dyk ôf, mar wy binne moai op ’e tiid.’
Foarby Abbeville draaiden se fan de A16 ôf. Yn Saint-Valery kuieren se earst oer de promenade, gelokkich wie it eb. Seleina jubele oer de smelle geul en de droechlizzende kanten en de boaten mei de kyl yn it slyk. Op in grut terras fuort tsjin ’e promenade oan ieten se moksels. Seleina wie út ’e skroeven en doe hie se ynienen de triennen yn ’e eagen.
Ut Saint-Valery wei rieden se om ’e baai fan de Somme hinne nei Le Crotoy ta. Achter de boulevard lei in hiel breed strân en dat rûnen se in ein op.
‘Moai,’ sei er.
‘Moatst neat sizze,’sei Seleina.
Alexander seach ferheard nei har mar hâlde him stil. Soms like se ynienen brekber, no ek. Hy lei de hân om har hinne.
Doe sei se, wylst se har fan him losmakke: ‘Sûnt wy ûnderweis de katedraal fan Beauvais sjoen ha tink ik oan Peazens. Ast oan de seekant by de dyk op rûnst wie it earste watst seachst de tsjerketoer. Wûnderlik dat ik my by dy sa gean lit.’
‘It moast der in kear fan komme, tink.’
‘Hoe bedoelst? Nee, sis mar neat.’
Fan Le Crotoy rieden se oer de regionale dyk fierder it noarden yn en op ’e hichte fan Berck-sur-Mer sochten se de A16 wer op. By Wimereux moasten se der wer ôf en doe wie it oer de kustwei noch mar in eintsje nei Audresselles. Se wiene der tsjin fiven.
‘Hast dêr alris earder oernachte?’ sei Alexander, doe’t se it hotel seagen dêr’t Seleina in keamer hierd hie. It stie oan ’e súdrâne fan it doarp sa’n hûndert meter fan it strân ôf.
‘Nee. Al in kear yn in âld, útlibbe hotel midden yn it doarp. Wy hiene gjin oare kar doe. It wie hjir fol. Mar wy ride even troch, dan hast fuort in yndruk,’ sei Seleina, ‘alhoewol, der stiet hjoed amper wyn. De lêste kear dat ik hjir wie waaidest hast fuort.’
Audresselles wie in beamleas doarp fuort oan ’e kust. Hast alle huzen wiene wyt en plat. Seleina sloech midden yn it doarp linksôf de kant fan ’e see út en hâlde yn it sintrum fan it doarp.
‘Wy rinne even dit strjitsje yn nei it strân.’
Oan ’e ein koenen se by betonplaten en rotsblokken del op it strân komme. Rjochts wie in hege betonnen muorre. It like it oerbliuwsel fan in bunker. It strân, in grintstrân, wie leech en de see in ein fuort. Doe’t se har omdraaiden seach Alexander dat de kustrâne, mei dêr op foaral heechoppe huzen en inkelde njoggentjinde ieuske filla’s, oer de hiele lingte fan it doarp tsjin de see beskerme waard troch hege betonmuorren.
‘Is dat hjir op mear plakken sa?’ sei Alexander.
‘Ik leau it net.’
‘Apart.’
‘It is gjin moai oansicht,’ sei Seleina, ‘mar it fassinearret my alle kearen wer. Dy grize, ûnnimbere muorren en dy wite huzen der boppe. It is in treasteleas gesicht eins. Mar ik hâld fan dit plak.’
‘Om dy muorren,’ sei Alexander.
‘Ik tink it.’
‘As it moarn moai waar is, kinne wy der de hiele dei wol mei de rêch tsjinoan sitte. Dat liket my wol wat.’
‘Ik ha it altyd al wollen, mar der as ik hjir wie – ik ha hjir leau ik sa’n fjouwer kear west – gjin tiid foar nommen. No ja, even fiif minuten of sa. Mar dan wiene wy ek op trochreis.’
Se rûnen fierder it grintstrân op nei it wetter ta mar stjitten op in glysterige rotsboaiem. De see blonk. De stilte gûnze. Se knoffelen oer de rotsen hinne en omsylden dobben. Sa no en dan pakten se inoars hân. Seleina koe de oanrekking hast net ferneare.
‘Dy kant út is it better.’ Seleina wiisde nei links, dêr’t it grintstrân fierder útrûn nei see. Mar lit ús no mar weromgean. Wy ha fan ’e wike alle tiid om hjir te wêzen.’
Werom by de auto wiisde se Alexander earst op it hotel dêr’t se seis jier lyn sliept hie en doe op it fiskrestaurant dêr’t se aanst mei him ite woe.
‘Dêr ha wy doe hearlik iten. Foaral de krab dêr wie in sensaasje. Dat wie in moai tsjinwicht tsjin dy hotelkeamer.’
‘Mei wa wiest hjir doe?’
‘Mei in Belch.’
‘Dat falt ta. Of ôf. Krekt hoe’tst it besjochst.’
‘Hoe bedoelst?’
‘Net ien fan ’e Malediven.’
‘Ja, it hie eksoatysker kennen. Mar mei Frank hie ik in goeie yngong yn de Kongo. En noch. Mei ien fan ’e Malediven kinst net folle.’
‘En mei my?’
‘Do bist ek in bongel oan ’e poat. Mar ik ha in swak foar dy. Do hast gelok.’
Se rieden nei it hotel ta, dat ienfâldich eage, mar it wie sa te sjen goed genôch. De keamer dy’t se krigen wie net grut, mar hie wol in prachtich útsjoch op ’e see.
‘Wat fynst der fan?’ sei Seleina.
‘Wy binne it oars wend, mar foar my is it goed genôch,’ sei Alexander.
‘Foar my ek, hear. Wy rêde it hjir wol in wike. It is in hotel dat by it doarp past.’
Doe’t se har ynstallearre hiene sei Seleina: ‘Witst wat ik no even wol? Yn ’e hal achter de kompjûter krûpe en nei de sânde symfony fan Mahler harkje. Dy ha wy op Peaske-eilân ek net meimakke. Dy symfony wurdt net sa wurdearre, wylst er sels sein hat dat it syn fleurichste is. Ik sil him thús wol ris draaid ha, mar ik kin my der neat fan ’t sin bringe. Ik bin benijd.’
‘Moat dat no?’
‘Ik fiel my wat drok yn ’e holle en dêr sykje ik wat by.’
‘In tsjingif?’
‘Hielendal net, wat dat der by past.’
Alexander joech him op it bêd del en Seleina gong nei ûnderen ta.
Se krige lykwols wat oars te hearren as dat se fan Mahler wend wie. Der kaam gjin heislike drokte yn foar en der wiene ek gjin stimmingsferskillen. De muzyk gong net as gek hinne en wer. Der wiene wol inkelde ynhâlden mominten, mar it wie gjin symfony mei grutte tsjinstellingen, net wat lûd en sêft oangiet en likemin wiene der grutte tempoferskillen, hoewol’t it earste diel ‘Langsam-Allegro’ hiet. Nei in hiel sêft begjin en dan in pear úthalen fan de tenoarhoarn en wat sketterjende mominten ferrûn it earste part fierders frij egaal. Mar in inkelde kear klonken der skrille toanen. It gong eins allegear gemoedlik om en ta en de beweging siet him foaral yn de tema- en ynstrumintewikselingen. De klankkleur wie suver donker. By de twa parten ‘Nachtmuzik’ fielde se, dat se slûch waard. It scherzo tusken dy twa parten yn bleau yn deselde sfear. De drokte yn har holle êbe wei. Dêr hie it har hielendal net om begûn west, mar se wie der no wol bliid mei. De muzyk wie in skot yn ’e roas. De sinne skynt net, mar it is net tryst, sei se by harsels. Eins fûn se dat it moaiste waar om by de see te wêzen. Se hie har by ‘fleurich’ wat oars foarsteld, mar dat Mahler de symfony sa beneamd hie koe se wol begripe. It wie in symfony sûnder ekstremen. Wat by him tragysk neamd waard spile gjin rol. Under it lêste part waard se wer hielendal wekker, mar sette se wol de earmtakken op it buro en lei se de holle yn ’e hannen. De muzyk kaam oer har hinne as in wûnder. It begûn mei aardich ferheftich slachwurk en fuort dêrnei setten de blazers oan. De toan fan dit diel wie wol lichter, flotter en der sieten mear úthalen yn, mar dan kaam der al gau wer in rêstiger, subtiler eintsje. Geandewei gong se der hielendal yn op. It wie krekt as dûnse der ien, fleurich miskien wol, mar net útskroeven en in bytsje mankelyk. Se spande har ûnderliif en boppeskonken. En doe’t it hiele orkest de einmaten ynsette en it stik mei in klap einige lake se en sei se: ‘Ja! Ja.’ Se hie it gefoel dat se op dat stuit pas echt yn Audresselles wie. Mar se wie noch net hielendal befredige. Se woe it Rückert-liet ‘Ich bin der Welt abhanden gekommen’ lêze en socht it op:

Ich bin der Welt abhanden gekommen,
Mit der ich sonst viele Zeit verdorben,
Sie hat so lange nichts von mir vernommen,
Sie mag wohl glauben, ich sei gestorben!
Es ist mir auch gar nichts daran gelegen,
Ob sie mich für gestorben hält,
Ich kann auch gar nichts sagen dagegen,
Denn wirklich bin ich gestorben der Welt.
Ich bin gestorben dem Weltgetümmel,
Und ruh’ in einem stillen Gebiet!
Ich leb’ allein in meinem Himmel,
In meinem Lieben, in meinem Lied!

‘Ja,’ sei se en doe tocht se, Audresselles is myn rêdingsboei. Se seach nuver op fan dy gedachte, mar fuort dêrnei glimke se. Se wie bliid mei it momint.
Doe’t se op ’e keamer weromkaam stie Alexander ûnder de dûs. Seleina klaaide har daliks en gong mei de rêch nei him ta tsjin syn rêch oan stean.
Sa fiel ik my, tocht se, feilich binnen myn eigen muorre mei yn myn rêch syn muorre, ik fertrou him op dit stuit folslein, as soe ik op him bouwe kinne. Se liet de gedachte ta. Soe se op him bouwe wolle? Se glimke, draaide har om, aaide him oer it hier en stapte ûnder de dûs wei.
‘Sa gau al?’ sei er.
‘Ja, sa gau al, it is hielendal goed.’
Doe’t se har wer oanklaaid hiene, setten se ôf nei it fiskrestaurant. Se rûnen hân yn hân.
‘Dat ik dat doar, datsto dat doarst,’ sei Seleina, wylst se harren yninoarfrissele hannen omheechhâlde.
‘Wat seist,’ sei Alexander, ‘sil ik in skot losse?’
It wie in hiele grappige opmerking mar Seleina koe net laitsje en fielde dat se earnstich foar har út seach. Alexander hie it troch en kniep even yn har hân.
‘Sis dat wol,’ sei er.
It restaurant hie in frij leech plafond, wie sfearfol ynrjochte en siet fol mei iters. Der wie noch krekt in taffeltsje foar harren frij. Se namen in bierke as aperityf en dêrnei grenatesop, elk in fjirdepart fan in krab, kreeft en seebears en dronken dêr twa flessen wite wyn by. Doe’t se it iten op hienen wie se hielendal foldien en moai rûzich yn ’e holle. As digestyf namen se der noch in calvados oerhinne en dy kaam goed oan. Se rûnen stuiterjend en meiïnoar oangeand oer it strân werom nei it hotel. Yn ’e fierte hearden se de see. Werom op ’e keamer krûpten se daliks op bêd. Se taasten noch even nei inoar mar leauden it fierders wol, wat woe in mins no noch mear? Neat. Ja, sliepe.

(wurdt fuortset)

Molwrot 1

Molwrot 2

Molwrot 3

Molwrot 4

Molwrot 5

Molwrot 6

Molwrot 7

Molwrot 8

Molwrot 9

Molwrot 10

Molwrot 11

Molwrot 12

Molwrot 13

Molwrot 14

Molwrot 15

Molwrot 16

Molwrot 17

Molwrot 18

Molwrot 19

Molwrot 20

Molwrot 21 en 22

Molwrot 23

Molwrot 24

Molwrot 25

 

 

 

 

 

 

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *