
Nei de opteine ûntfangst fan har debút Fan glês it brekken (2010) hat Elske Kampen it oandoard en kom mei in twadde bondel. Dat ferget moed, of op syn minst in poarsje selsbetrouwen. Har earsteling wie troch de kritisy de himel yn priizge, wie troch sawol sjuery as publyk bekroand mei de Fedde Schurerpriis 2012 en wie nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013. Men kin jin yntinke dat soks ferlammet. De ferwachtings binne ommers heech; in opfolger kin inkeld mar ôffalle. Mar nee, ek Man en mem is waarm ynhelle. En neffens my mei rjocht: de bondel oertreft Fan glês it brekken.
Lês fierder by Klaas van der Hoek