Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Poëzy
Yn dizze ôflevering slacht de poëzy foar master op. Jaen bringt hulde oan de ‘Fryske froulju’: ‘hammerteannen en trou beminnen / ried ik, sunich garjen en frede bewarjen’.
Anne Feddema draacht it gedicht ‘Wa’t my foar de fuotten rint’ by, in gedicht mei in útsmiter. It ‘aaisonnet’ fan Koos van der Sloot is der ek wer by.
Skermer syn kollum giet ek oer poëzy, nei oanlieding fan in blomlêzing fan poëzy fan oeral: ‘Foar alle wissichheid, it giet om oersettingen fan poëzy út oare talen, der stiet gjin Nederlânsktalige poëzy yn, dat is spitich, want it hie hiel nijsgjirrich west om te sjen hokker Nederlânske gedichten in plakje by dy 300 krigen hiene. Fryske poëzy hie wol kinnen, mar ja, dat witte wy sa stadichoan wol. Soe it ea safier komme?’
Yn de rubryk ‘oersetting/translation is de Ingelske oersetting opnommen fan it gedicht ‘In Medias Res’ fan Jacobus Q. Smink út de blomlêzing Frisian Literature today út 1985. De oersetting is fan Jabik Veenbaas yn gearwurking mei Thomas Johnston.

Biltsk
Fan Hein Jaap Hilarides stiet yn dizze ôflevering in miny-ferhaal yn it Biltsk.

En fierders
Willem Winters fernijt ús yn syn kollum dat er him weaget oan boekhannel: ‘Ik wurd der senuweftich fan, komme der wol klanten, reitsje ik de brut wol kwyt. Nettsjinsteande myn huver foar hannel haw ik dochs in boekwinkeltsje iepene.’
Ulke Brolsma wie yn Birma en skreau dêroer: ‘God is my business,’ knettert it yn myn earen. It komt as in tongerslach út de himmel, dizze earste jûn yn Yangon. Eartiids hie it in oare namme: Rangoon, Birma . It is efkes wenne yn de haadstêd fan de diktatuer.’

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *