Andries Miedema

Mandelstam: ‘Fan âlde winen preau ik grif noch nea,’

logo.ensafh

Fan âlde winen preau ik grif noch nea,
fan Ossiaan syn sangen wit ik neat,
wat moat ik oan mei dat ferlitten gea,
mei Skotlân en syn moanne, bluodderich read?

Wer hear ik yn ‘e broeierige stilte
de harpe: stjoert de raven in âlde mied,
yn ‘t moanneljocht flitse de sjaals en kilten –
in rezjimint dat út ‘en fjouwerjen giet!

De dreamen fan ‘e doarmjende minstrelen
binn’ no myn part, as erfenis my wûn.
Wit, as nêst en buert jo gâns ferfele,
dat, yn foarried al is ‘t jo ferjûn.

Sûnt jier en dei passearje al dy sangen
‘t neislachte, en mei in fêste stim
sil wer in skald in liet yn wurden fange,
in liet ea fan in oar en no fan him.

(1914)

Oersetting: Andries Miedema

Brûkte edysje: Rusland Lethe Lorelei, Uitgeverij Azazello 2005
Nederlânske oersetting: Nina Targan Mouravi

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *