
Folslein terjochte dat de meiwurkers fan Omrop Fryslân har fersette tsjin de fúzjeplannen fan de 13 regionale omroppen. In diel fan jins eigen organisaasje opjaan is ommers it begjin fan de ein foar jins selsstannige posysje. De hieltyd weromkommende drôchreden fan ‘jild besparjen’ troch mei diktatoriale hân ‘effisjinter’ te wurkjen ha wy ek hjir wer. It ûnmeugend djippe wantrouwen tsjin it wurkjen op de eigen wenstige skaal. Ien mal dêr’t alles yn passe moat. Ynbakt yn it himsels stikken managende Nederlân is de haat foar de útsûndering oer, foar de lokale situaasjes en de minsklike mjitte oer. It Nederlânske systeem kin ‘frijheid’ net ferneare (alteast net yn Fryske stavering), mar dêroer aansten mear.
Ik woe hjir net in al te stinnerige kollum fan meitsje, oars. Net te folle yn abstrakta stykjen bliuwe. My net te lulk meitsje, dêr’t dat gjin doel hat. Jim it kreaze simmerwaar fan myn dreech praat net bedjerre litte. Dochs kin ik der net omhinne: der binne Fryske kwestjes dêr’t ik oer yn noed sit, dêr’t ik net luchtigjes by del fytse kin. Tagelyk sit ik dermei oantangele: kin ik mei myn engaazjemint teplak yn in folweardige literêre foarm?
De stilstân fan it Frysk! In sompe! In hurdsilerij by blakstil waar!
Us taal sil binnen no en hûndert jier net útstjerre, mar nea ofte ninter wurdt syn posysje écht better. Ja, de Omrop hat elk syn sympaty en sil it foarearst wierskynlik wol oprêde tsjin it fuortbesunigjen, mar it Frysk is as skreaune media-taal hiel marginaal en hjoed noch folle marginaler as in pear desennia lyn. Ja, de term ‘minority language’ jout jin in nuttich ynternasjonaal frame, mar de grutte Fryske ynstitúsjes binne út in provinsjaalske eangst foar provinsjaalskens leaver minder as mear Frysk. Ja, Ljouwert is kulturele haadstêd wurden tanksij de Fryske taal en poëzij, mar yn de organisaasje sitte fan direkteur oant kantoar oeral minsken dy’t it Frysk net iens ferstean kinne. Ja, de mearderheid yn Fryslân praat Frysk, mar gjinien doart dêr de folkerjochtlike konsekwinsje út te lûken dat Frysk de earste taal fan Fryslân wêze moat. Ja, lokkigernôch wurdt der folle positiver tocht oer lytse bern yn it Frysk grutbringen as in generaasje lyn, mar nei dy golle pjutte- en beukertiid bliuwt Nederlânsk de eksplisite en ymplisite noarm. Dy noarm is datst as vwo-learling mei in Frysktalige eftergrûn funksjoneel analfabeet bist en bliuwe moatst yn it Frysk. Of yn elts gefal: datst neat oan Frysk byleard hast dat fierder giet as de taal fan keukenstafel en kuorbalfjild.
De ôfbrekkende stilstân mei it Frysk is in grut maatskiplik ûnrjocht. En krekt as de sosjaal-ekonomyske efterstelling fan Fryslân is it in tastân dy’t makke is troch bewuste politike keuzes.
Wat wy der oan de foarkante by bouwe, brekke wy der oan de efterkante wer ôf. Of faaks moat ik de oriïntaasje yn de metafoar omkeare: wylst wy oan de sydkante oanbouwe, steane wy yn ’e midden te brekken yn dragende muorren.
Der binne nofliker funksjes as dy fan bryk en rustich stutpealtsje by sok sloopwurk (sorry dat ik my troch de metafoar meidriuwe lit), mar dit iennichste Frysk literêr tydskrift wêze fielt bytiden ál sa. Dochs, lit ús mar ‘konstruktyf’ wêze dus, Ensafh giet fuorthinne. It tredde papieren nûmer fan dit jier ha wy niiskrekt printree makke: in pronkje fan in spesjaalnûmer oer ‘Germanen yn de Fryske literatuer’ (nim no in abonnemint op ús!). Geheimen fan de Fryske letterkunde, dêr’t jo op skoalle noait wat oer leare mochten en dêr’t de Fryske Akademy gjin ûndersyksmeiwurkers foar yn tsjinst nimt, wurde jo troch ús yn ynwijd. Bygelyks dat ‘Germaanske’ tematyk ein 19e ieu, begjin en midden 20e ieu benammen it terrein wie fan progressive skriuwers, dy’t it brûkten yn har stribjen om de wrâld en Fryslân in better plak te meitsjen.
In stribjen dus om fuort te reitsjen út de stilstân. Fuort te reitsjen út it paad dêr’t oaren baas binne en jin hinne ha wolle. Troch werom te sjen, jins ferhalen nij te skriuwen en jins wearde as minsken te rekonstruearjen. Fryske skriuwerij wie in revolúsje sûnder bloedfergriemen. Redenryk fersen deklamearjend, mei ‘dûnsjen efternei’, hawwe de twaddehelte-19e-ieuwers de fleurige barrikaden opwurpen dy’t no de terpen binne fan it Frysk. It is geweldich om dit stik foarskiednis werom te ûntdekken!
Ik wol mei it Frysk fuort út de stilstân. Mei literêr wapenreau ek, as soks mei… (‘jakkyba’, sille guon tinke, ‘literatuer dy’t maatskiplik relevant wêze wol…!’). – Ik wol in tema yn stelling bringe, dat noch folle mear taboe is, noch folle mear de oarder fan it boppe ús stelde managende systeem bedriget as ús klisjeemjittich Germaanske blûne hier en ús hurde blauwe eagen – de Fryske frijheid.
Dit eardere motto fan de Friezen leit ergens weistopt yn in laad. De âlde Friezen hjitte net langer ‘frij’, mar binne ier-midsieuske hannelers wurden dy’t ta heil fan it minskdom it wikseljild útfûnen of lette midsieuwers dy’t elke misdied ôfhannelen mei jildboetes. Us identiteit wurdt foar ús en troch ús ophongen oan molke, oan lânskip, oan greidefûgels en oan sportfolkloare, mar de politike demokratysk ynspirearjende kante fan Fries-wêzen is neutralisearre. De ‘frije Friezen’ steane net yn it programmaboekje fan 2018. Dat âlde radikale Fryslân kin om guont mar better hiel hiel fier bûten byld bliuwe.
De frijheid fan de Friezen op ’e nij útfine, dy kante lâns wol ik graach fuort út de fêstrustke Fryske krisis. Dat kin net sûnder frijheid foar it Frysk. Dat moat dan mar mei de rustige stutpealtsjes fan de literatuer.
Goeie Looijenga,
Ik kin my wol fine yn it ferhaal dat jo hjir skriuwe – Fryske frijheid is foar my û.o. ek Fryske taalfrijheid, it rjocht en de mooglikheid dy taal yn literatuer nei foaren te bringen. Sûnder in literatuer is in taal in heale taal yn myn optyk.
Mar dan ferbaas ik my in bytsje dat jo net protestearje as yn koarte tiid it boekewikegeskink in oersetting is ut it Nederlânsk. Neffens my soene je de autentike skriuwers stypje moatte, befoarderje dat se EK sokke geskinken skriuwe, direkt yn it Frysk.
Net in heal om heal-sitewaasje dêr’t se no dy Omrop yn triuwe wolle. Dat is de deastek, want healdeastekke is ek deastekke.
Bêste De Haan,
tige tank foar jo reaksje!
Dat it geskinkboek dit jier (wer, want yn 2013 ek) in oersetting is, is net de meast gelokkige. Hoewol’t dit grif in moaie oersetting wurdt, hiene se de auteurs fan û.o. ‘Hâld faasje!’ en ‘Leffert’ likegoed orizjineel wurk yn opdracht jaan kind. Op himsels is literêr oersetten wol in bydrage oan de Fryske literatuer, beskôgje ik in Fryske literêre oersetter ék as in Fryske skriuwer. Mar yn de kontekst dat der dit jier noch hast gjin nij orizjineel literêr wurk ferskynd is yn it Frysk, is de kar foar in oersetting as geskinkboek ekstra skande.
Dochs fyn ik dizze kwestje net fan deselde oarder as de foarbylden fan de krisis mei it Frysk (en mei Fryslân), dêr’t ik it yn myn kollum oer ha woe. Ek de kwestje mei Omrop Fryslân is yn dat ljocht mar in ynsidint.
Wêr’t it my om giet, is dat de dynamyk mei it Frysk net grut genôch is om fierder foarút te kommen as net hiel hurd efterút: dat der dus noait echt foarútgong is yn de posysje fan de taal (en fan syn literatuer).
Miskien dat der ferlet is fan gruttere wurden om dy krisis fan stilstân te oerwinnen? — Myn pleit om mear omtinken te jaan oan “Fryske frijheid” is in suggestje dêrta. It njonkenlytsen frijwat yn ûnbrûk rekke idee dat men in reële kâns hat om jins maatskippij better yn te rjochtsjen, as men it ‘ferhaal’ feroarje kin. Dat men jin net hoecht del te lizzen by de korrumpearjende Tatsachen fan de ekonomyske en politike powers that be.