Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh

Bier en sintugen

Sa lang myn ear it lûd beharket
(Oan A. Rymersma 1778)

Sa lang myn ear it lûd beharket
en it byld op glêd eachsapel sparket,
de pols fiks ôftelt elk tikje,
sekonde-stap docht, sliert noch slûpt
it geheugen lâns syn keatling stoept
dêr’t it de tinkkrêft kin berikje;

Sa lang myn long as pûster bûgt,
útblaast, en wer de wyn ynsûgt
en it bloed by hitte paslik kuollet,
myn tonge it gehimelte paait en priuwt,
Gods guodlikheid dy ivich bliuwt
en ús mei sillichheid omwuollet;

Sa lang de rede op de wei
myn fuorman bliuwt, sil ik dizze dei
Him tankje dy’t yn geunst jo sparret,
dy’t ús fêstfitere leafdesbestean
bedript, bejit, mei mear as lean, –
Fyt! Dat Syn hân ús lang bewarret.

Alderearst wol ik wize op de retoaryske krêft fan dit gedicht, dat it ûntlient oan twa saken:

  • in izeren metrum dat it gedicht in ûnbidige sizzenskrêft jout
  • in weromkommende syntaktyske konstruksje mei salang dat it karakter fan in beswarrende formule kriget

It gedicht besjongt it wûnder fan de wurking fan it lichem: it each, de hertslach, geheugen en tinkkrêft, de longen, de waarmtehûshâlding, de tonge en de smaak. Al dy aspekten fan it wûnder fan kompleksiteit dat ús lichem is binne opstapkes nei de Rede, dy’t de emosjonele hûshâlding op oarder hâldt en derfoar soarget dat

  • de dichter him bewust bliuwt fan it wûnder
  • de dichter God tankber is sawol foar it lichem sels as foar it bewustwêzen fan it wûnder en alle oare goede dingen

De metafoaren yn it gedicht ferwize nei oare aspekten fan it gedicht en krije dêrtroch mear lagen en sizzenskrêft. Dêrby giet it gedicht de sintugen bydel; dat is in ynhâldlik organisearjend prinsipe. Sa wurdt fia de begjinregel nei it beharkjen fan poëzy, en fan it gedicht sels, ferwiisd (Sa lang myn ear it lûd beharket). En sa wurdt de oarder fan de bloedsomrin relatearre oan it ferrin fan tiid sa’t in klok dat mjit, en sa’t it metrum fan it gedicht sels tik-tak (ommers jambysk) docht:

de pols fiks ôftelt elk tikje,
sekonde-stap docht, sliert noch slûpt.

Dy oarder fan bloedsomrin en tiid wurdt wer relatearre oan de oarder fan it geheugen (dêr’t wy tsjintwurdich de metafoar fan neurale netwurken foar ha):

it geheugen lâns syn keatling stoept
dêr’t it de tinkkrêft kin berikje.

De stap-metafoar ferwiist ek wer nei it stappen fan ‘e wizer fan in klok en it stappen fan ‘e hertslach. Merk op dat keatling yn de 18e ieu in posityf symboal is, nammentlik fan de oarder sa’t dy yn in klok is. Pas de 19e ieu (ontwaakt verworpenen der aarde) makket fan de keatling in negatyf symboal, fan sosjale repressy. It twadde kûplet bout fierder oan de wûnders fan it lichem. It is gjin tafal dat dêr de tonge op it aljemint komt dy’t it gehimelte paait en priuwt:

myn tonge it gehimelte paait en priuwt,
Gods guodlikheid dy ivich bliuwt

It wûnder fan de taast wurdt neamd yn de kontekst fan it paaien, dat ek tútsje en aaie betsjut. Dat is in ferwizing nei de leafde fan de dichter foar syn frou, foar wa it gedicht ommers skreaun is, en dy’t yn de twadde oanhelle regel eksplisyt oansprutsen wurdt.

Yn it tredde kûplet wurdt it leafdesmotyf eksplisyt makke mei de fraze ús fêstfitere leafdesbestean. Dêr falt wer op dat it bûn wêzen (fêstfitere) posityf bedoeld is. Wylst wy yn ús tiid by in fêstfitere leafdesbestean earder tinke soene oan in fêstrustke leafdesbestean (of oan bondage en s.m.). Tiden ha tiden. De 18e ieu oanbea oarder en fêstichheid. En de wittenskip ûntduts ek oeral oarder: yn it lichem en yn it hielal. Mar al dy wittenskip waard noch as in útdrukking fan Gods grutheid sjoen, wat my persoanlik tige oansprekt.

Kroes te leegjen boppe it kin
(Oan A. Lenige by syn twaris fjirde ferjierdei de 8ste fan Lentemoanne yn it jier 1779)

Op St. Willems dei te tierelieren,
rûn te priuwkjen by it fieren,
kroes te leegjen boppe it kin,
mei ik graach dwaan, fyt! Lentemoanne,
ik wol myn nommele hertsnocht boarne.
Himel! Seinigje Benjamin!

De útrop FYT wie in multifunksjonele útrop, dy’t posityf wie, en dy’t sawol OK as GO FOR IT as HOERA of DEAL betsjutte koe. Ik ha it stean litten omdat it sa’n wurd is dat it gedicht in hearlik Midfrysk rookje jout.

De omsetting fan dit gedicht draach ik op oan Knilles van der Wal dy’t ek de skientme ynsjen sil fan de regel: “kroes te leegjen boppe it kin”. Dat is no echt barok: net de kroes leegje yn de mûle. Nee, boppe it kin. Yn dit gefal tsjinnet de ferbale kompleksiteit gjin heger doel as wille fan kompleksiteit. Dat soe oars wêze as it kin bygelyks brûkt wurde soe as symboal fan de wilskrêft fan in persoan, dy’t dan bygelyks ûnder de drank beswykt, mar dêr is dus gjin sprake fan. It is dúdlik wêr’t dit gedicht oer giet: de dichter-heit bedrinkt de jierdei fan syn soan.

Fierder woe ik derop wize dat de gedichten fan Lenige (en dy yn de hiele 18e ieu) gauris in sosjale funksje ha: se binne yntegrearre yn it sosjale libben fan al den dei. Linige skriuwt gedichten hiel faak foar kunde, freonen en famylje, as in kadootsje, en benammen dus by jierdeis. It metrum fan it gedicht makke it ek wer mooglik dat it gedicht songen wurde koe, al jout Lenige komselden oanwizingen fan by hokker melody as syn gedicht songen wurde moat.

Yn ús tiid hat poëzy dy sosjale funksje ferlern. De dichter fan no skriuwt gedichten foar himsels, komselden foar famylje of freonen, en docht er it al, dan wurdt syn produkt gau as minderweardich candlelight- of sinterklaaspoëzy beskôge. It ferlies fan de sosjale funksje fan poëzy yllustrearret de maatskiplike delgong fan poëzy yn ús tiid. Faaks is dat in gefolch fan de dissosjaasje fan poëzy fan muzyk. Ommers, doe’t poëzy noch in meldij meikrige, koe it songen wurde en meiinoar wat sjonge is wat sosjaals. Sa bedreaune de lju poëzy yn ‘e tiid fan Starter en Japix: minsken songen gedichten mei-inoar. Tsjintwurdich ha muzykteksten noch al dy sosjale funksje, dy’t tsjinje mei muzyk as begelieding by de pearings- en inisjaasjerituelen fan jonge minsken yn disko’s mei har berûzing fan lûd en drugs. NB: wy oardielje net, wy stelle fêst.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *