
Nûmer twa fan Regaad, De skipsjonges fan Bontekoe fan Johan Fabricius, is koartkriemd in juwiel fan in boek wurden. Fersoarge útjûn mei prachtige kleureprinten fan Roelof Wijtsma dy’t goed de sfear pakke fan it spannende jongesboek. It boek (it orizjineel waard foar it earst printe yn 1923) dat de reis ferslacht fan Hajo, Rolf en Padde fan Johan Fabricius is oersetten troch Anne Tjerk Popkema.
Moaie boeken meitsje is krekt wat de mannen fan Regaad wolle, sa falt te lêzen op harren webstee: ‘De stifting Utjouwerij Regaad rjochtet him op de produksje fan Fryske oersettings yn heechweardige en orizjinele útjeften, mei as doel de Fryske lêsbefoardering.’ Dat orizjinele slacht op de útfiering fan de boeken en wat De skipsjonges oangiet benammen op ’e spesjaal foar it boek makke yllustraasjes. Men kin ek noch sizze dat it foar it earst yn it Frysk ferskynt.
De oersetting fan De skipsjonges sil (koart) hifke wurde wêrnei’t op de fraach yngien wurde sil oft it boek gaadlik is foar it doel fan lêsbefoardering. Mei dit boek rjochtsje hja harren nammentlik op de âldere jeugd, mei’t dy net gau oarspronklik Frysk wurk lêst.
De skipsjonges
Is it Frysk net poergeskikt foar sa’n oersetting, of better sein, sa’n ferhaal?
Rillegau seach er in groep jonges. Dêr wie Lange Leen, dy’t grif wer de lieder fan de kloft wie. Hajo moast him mar ris in goed pak op ’e bealch jaan as it ris útkaam. Dy Leen seach altiten o sa eigenwiis út ’e eagen en helle him fierstente folle yn ’e kop.
En Padde wie der ek noch by, dat guodlike grouwe baaske dat oanienwei mei de eagen knippere en no fansels wer de netten en de amer tôgje moast.
(s. 13)
Noch ientsje:
Ynienen hearden se, lofts foar harren út, in bist balten. Kjel bleaunen se allegearre stean, útsein Jopper, dy’t mei strutsen hals nei foarren stode.
‘Tjelleng!’ stelde Saleiman fêst.
Mar Harmen begriep him net. ‘Myn hart!’ rôp er ynienen. Mei grutte sprongen draade er efter Jopper oan, dwers troch it strewel. De boppeste strûp hinge noch sûnder dat der wat oan sitten hie. Mar oan de ûnderste stie in wyld barchje út alle macht te skuorren. Byljen en gromjend sprong Jopper deromhinne.
(s. 259)
It is dúdlik – ek út syn eardere oersettings, ûnder oaren De hobbit (2009) en De skacht en de slinger (2104) -, dat de Frisist Anne Tjerk Popkema in grut idioom ta syn beskikking hat en foar De skipsjonges hat er dat register folslein iepensetten. De oersetting is in spannend aventoer en mei’t it sa ryk oan wurdskat is lêst it hearlik wei. Watsei, it komt op my oer dat de Fryske ferzje suver wat smeudiger is as it orizjineel. Men hat perfoarst net it idee dat men in oersetting oan it lêzen is.
It orizjineel dat foar dit besprek riedplachte is, is de fergese ferzje op dbnl.org (de 28ste printinge út 2003) dy’t gauris ôfwykt fan de Fryske ferzje. Popkema hat nammentlik de 33ste printinge út 2011 brûkt, sa stiet yn it kolofon en dat is in bewurke ferzje. Sa misse der somtiden sintsjes en is er frij yn syn oersetting. Dat is net bedoeld as krityk, want mei oersettings kin men altiten twa dingen dwaan. De oarspronklike tekst sa nei mooglik oankrûpe of in bytsje ôfstân nimme. En is oersetten net krekt it echte libben en kin men inoar better wat frij litte? Krekt dêrom lêst de oersetting sa noflik.
Lykwols hie ûnderskreaune in oare kar makke as it giet om it brûken fan bygelyks ‘haverklap’; in neologisme as ‘jouwerkletter’ hie geweldich past yn de soarte tekst en tusken oare bewurdingen dy’t brûkt wurde. Wêrom ‘eftersteven’, mar net ‘efterstjûne’? Sa stiet der ‘oer de see’, mar wêrom net ‘de see oer’ ensfh. Benammen ‘litte wy’ dat mannichfâldich te lêzen falt, hie yn myn optyk ‘lit ús’ wêze moatten. Fierders ‘kring’ yn de betsjutting fan ‘rûnte’ en ‘beneden’. Dat is net bedoeld as skoalmasterjen, mar it falt op mei’t de oersetter wol de foarmen ‘lofts’ en ‘efter’ brûkt (al brûkt er dêrnjonken wer ‘noait’) en fierders poergeef Frysk brûkt.
Wat kin de ‘gewoane’ lêzer dat skele, sille jo faaks sizze. Dy wol in moai ferhaal lêze en yn dit gefal ek in knappe oersetting. Ik neam dit just mei it each op dy ‘gewoane’ lêzer dêr’t yn it ûndersteande stik op yngien wurde sil.
Lêsbefoardering
Regaad rjochtet him op de âldere jeugd. Is de oersetting gaadlik om harren oan it Frysk lêzen te krijen? Ofgeand op it ferhaal, sis ik fan ja. Want sa’n spannend ferhaal dêr’t in soad yn bart en dêr’t ek in soad by te gnizen falt troch al dy nuvere fiten dy’t útfretten wurde, is fan alle tiden. In goed ferhaal boeit altiten. As dat ferhaal alteast goed skreaun is. En dat is mei Johan Fabricius’ De scheepsjongens perfoarst it gefal. Ik haw o sa geniete fan it orizjineel. Fersoarge taal, mei ryk idioom, mar likegoed soepel – al wie it hjir en dêr wat âldmoadrich – en mei in soad humor. Fierders moat in oersetting dan fansels noch goed oersetten wêze en dêrmei eare dwaan oan it orizjineel. En sa’t hjirboppe al oanjûn is, is dat mei dizze útjefte prima yn oarder. It is sels sa dat de Fryske ferzje minder âldmoadrich is as de oarspronklike tekst dy’t ik lêzen haw en dat is foar it oanbelangjende lêzerspublyk gjin oerstallige lúkse.
Likegoed moat men it Frysk aardich yn ’e macht hawwe, sa’t beide boppesteande sitaten sjen litte, om it nei te kommen, mei’t der net altiten maklik Frysk brûkt wurdt. De oare kant is wer dat sokke foarmen benammen by sa’n soarte fan boek by útstek passe, mar tinkt in hafû/twû-learling dêr ek sa oer? En wat tinkt dy fan de tsjokkens fan it boek? Lokket him dat of skrikt dat him ôf, wylst er Google opsiket op syn iPhone om te sjen oft der ek in film fan makke is dy’t er gâns leaver sjocht. It is dus saak om te soargjen dat er it boek wol yn hannen kriget, want dat is it boek dûbel en dwers wurdich. Spanning, humor en smeudich Frysk, dat alle yngrediïnten binne oanwêzich.
It is dan de fraach hoe’t it boek oan ’e man brocht wurdt, of wurde moat. Want hoe goed is de jongerein op ’e hichte fan it oanbod fan Fryske (oersette) boeken? Hja hawwe fakentiids op de basisskoalle Jappy en it sûkeladefabryk lêzen en heit of mem hat faaks ris wat út De hillige histoarje foarlêzen, mar dêrnei? Dêr leit dus benammen in taak foar de ûnderwizers. Of sille de Regaad-mannen sels de boer op?
Mei de oersetting fan harren earste boek – De skacht en de slinger – hawwe hja nammentlik op in wiere horrortoer west. Op ferskate plakken strutsen hja del yn jeugdsintra of doarpshûzen en beaen it publyk in tal horrorferhalen oan, skreaun en foardroegen troch ferskate skriuwers. Dat allegearre ta befoardering fan de oersetting fan Edgar Allan Poe. Hartstikkene moaie jûntsjes, mar der hie wol mear publyk by kinnen.
Ik bin benijd wat hja as promoasjeprogramma betinke foar De skipsjonges en hoe’t dat útpakke sil. Men soe dan faaks al skoallen by delgean moatte. Dêr is de jongerein al, dan hoege hja net mear te kommen. Wannear’t der in jûntsje yn de biblioteek (as dy der noch is) organisearre wurde soe, dan sitte hja grif leaver thús en spylje GTA V of sjogge nei Breaking Bad.
Lykas sein binne de graphics, it script en fertolking dik ynoarder, dat dêr sil it net oan lizze. Ek foar wa’t net mear ta de jongerein heart, is Popkema’s oersetting in geniet om te lêzen.
Johan Fabricius
De skipsjonges fan Bontekoe
Oersetting troch Anne Tjerk Popkema
Utjouwerij Regaad, Grins 2015
ISBN: 978 90 821970 1 3
Ferkeappriis: € 19,50