A.IJ. van den Berg

Oer in kanon, laden mei klisjees

logo.ensafh

Ynhâld dy’t skraal ôfstekt by de pretinsjes fan ’e titel. ‘Tinspraak’ neam ik dit, en it ferskynsel wurdt hieltyd normaler. Op de kommersjele TV-stjoerders is soks sels gebrûklik. Guon útstjoeringen dêr krije titels mei as: ‘De 50 grootste showbizzgebeurtenissen ooit’. Mar dy programma’s binne fral te herkennen oan in nuver beheinde kar oan fragminten, en in heech gehalte oan jeuzelpraat.

Sa gau’t it giet oer skiedniskanons, sjoch ik opfallende parallellen mei sokke pulp-TV.

Nammers, oer it ferline witte wy it measte net. En in soad fan wat wy wol witte, is iensidige lêberij. De skiednis wurdt no ienkear skreaun troch de oerwinners. En oars is der altiten wol in reden ta in kleurd ferhaal; om it lijen wei te litten, de pleagen en foartidige deaden te ferjitten, de stront te negearjen. Eltse kanon dy’t ik oant no ta sjoen ha, biedt in nuver selektive kar oan fragminten. Wylst de pretinsje altiten wol is dat toand wurdt wat elts fan de skiednis witte moat.

Dêrom is it net dreech om it mei de Fryske histoarikus Kerst Huisman iens te wêzen oer de iensidigens fan de Nederlânske skiedniskanon, sa’t dy opsteld is troch de kommisje Van Oostrom.

Allinne fyn ik it net fanselssprekkend en set dêr in Fryske kanon tsjinoer. En dan alhielendal net ien sa’t Huisman dy foarstelt yn Friesland heeft zijn eigen verhaal. Dit is ek myn prinsipiële beswier tsjin Eric Hoekstra syn besprek yn ’e foarige Farsk. Trochdat Hoekstra meigiet yn ’e riddenaasje fan it pamflet, ûnderkent er ûnfoldwaande dat Huisman syn skiedskriuwen grutte beheinings hat.

Om dy opinys te ferdúdlikjen, sil ik earst wat útlizze oer de histoarje fan ’e skiedskriuwing sels, en de oait sa grutte betsjutting fan klisjees dêryn.
 
 
Tsjinwurdich is skiednis in respektearre fak, wêrfan’t de techniken oan ’e universiteit leard wurde kinne. Dat ha ik ek dien. Allinne wiene der al lang histoarisy foar ‘t der universiteiten bestiene. Skiedskriuwing is fanâlds hielendal gjin wittenskip, mar gewoan in literêr sjenre. Der binne no ienkear gjin krêftiger fertellings as de ferhalen wêrfan’t te leauwen is dat dy oait sa echt bard binne.

No kommunisearje wy minsken meastentiids troch fertellings. Wa’t thús wat seit oer hoe ‘t de dei wie, kiest dêr ûnbewust in fertelfoarm foar. In logysk begjin wurdt keazen, ûnnedige details negeard, en hooplik komt de ein dan mei in pointe. In goed ferhaal easket dat der wat ûnferwachts yn bart.

Net folle is minskliker as it fertellen fan ferhalen, net in soad kin tahearders of lêzers mear betsjoene as in goed ferhaal. Miskien makket dat wol dat wy trochstreeks hiel min analysearje kinne wat ús ferteld wurdt. Dat it dreech is om te ûnderkennen dat ferhalen út sjabloanen besteane; út sterk ferienfâldige werjeftes fan ’e werklikheid opboud binne.

As der al werklikheid werjûn wurdt.
 
 
Doe’t yn ’e njoggentjinde ieu de naasjesteaten opkamen yn Europa, waard troch al dy lannen en lantsjes om de befêstiging socht dat harren ûntstean ûnûntkomber wie. Ynienen moasten der folkslieten komme, en waarden der nasjonale flaggen ynfierd. Hookstrooks waard belangryk wat no eigen wie oan it hiele folk. Ek histoarisy wiene gefoelich foar dy ûntjouwings. Sy, mar sy net allinnich, holpen mei om hiele tradysjes út te finen, dy’t flot op it ferline projekteard waarden.

Yn njoggentjinde-ieuske boeken oer de ‘vaderlandsche geschiedenis’ kom ik altiten tal fan saken tsjin wêrfan’t it my fernuveret dat se dêr doe al fan wisten. Mar it ferhaal dat dy boeken fertelle, is jimmer iensidich. It brûkt it ienfâldichste fertelsjabloon: dat fan goed tsjinoer kwea. Wy tsjinoer sy. Nederlanners tsjin de boaze fijân.

Ik neam dit sjenre dat fan ’e tradisjonele of paternalistyske skiedskriuwing, om’t dy foaral klisjeeferhalen fertelt oer ‘grutte manlju’ en ‘dappere folken’. Yn alle lannen hawwe dy fertellings ek deselde eleminten. Om’t der altiten mei besocht wurdt om yn te piperjen hoe útferkeazen de lêzer of tahearder is om in part fan dy skiednis te wêzen. Polityk is net allinnich it ûnderwerp, it doel fan dy skiedsbeskôging is likegoed polityk.

En, krekt as mei de meast opfallende ferhalen dy ‘t wy thús fertelle, hat de paternalistyske skiedskriuwing it altiten oer it bysûndere.
 
 
Yn ’e tweintichste ieu profesjonalisearde it fak fan ’e histoarisy. Dêrmei ferdwûn it ferhaal út harren públikaasjes, mar ek de byhearrende literêre twang ta it boeiend fertellen, en it tapassen fan ivich deselde klisjees.

It giet my wat te fier om hjir wiidweidich te behanneljen hokfoar breed ferskaat oan tinkwizen der hjoed-de-dei is om it ferline te besjen. Sels bin ik bygelyks foaral benijd wat normaal wie, op elts momint yn ’e skiednis. Mar wat in soad kennis freget dat net, oer kultuer, wittenskip, religy, genêskunde, of gewoan hoe’t de minsken libben.

Polityk hat hast noait betsjutting foar wat ik oer it ferline witte wol. Lit stean jiertallen, of de twang om alles oan hichtepunten ôf te mjitten.

It gebeurt dus no net mear dat in man as sis Piet Heyn as held besjoen wurdt, en dêr bin ik bliid om. Erkend wurdt ek dat Piet Heyn neffens de Spaanske skiedskriuwing in oarlochsmisdiediger wie, om ‘t er de bemanning fan ’e Sulverfloat mei de fuotten oan it dek fêstspikerje liet, foar’t harren skippen ta sinken brocht waarden.
 
 
Nuânse moat yn ’e skiedskriuwing. Want, allinne minsken dy’t hast blyn binne, sjogge alles swart-wyt.

Dêrom is it opfallend dat de kommisje Van Oostrom yn syn skiedniskanon foaral keazen hat foar dy oe sa tradisjonele manier fan skiedsbeskôging. Foar in histoarje fan hichtepunten, ta de gloarje fan it heitelân.

Kerst Huisman makket yn Friesland heeft zijn eigen verhaal de misslach yn dizze swart-wyt benadering fan it ferline mei te gean. Troch Fryslân te isolearjen wurde de foarfallen dêre boppedat grutter makke as dat se wiene.

Dêrnjonken bringt er ek op oare manieren fertekening oan. Kerst Huisman is bygelyks altiten folslein kritykleas yn it brûken fan ’e fraze ‘Fryske frijheid’, foar dy histoaryske perioade ta 1498. Wylst it my nij dwaan soe as dizze oantsjutting al foar de njoggentjinde ieu útfûn is.

En dat inkelde wurd ‘frijheid’ hat meastentiids in grutte ideologyske lading. Der binne krekt wat tefolle lannen binnenfallen troch legers dy ‘t dêr wol eefkes de frijheid bringe soene. It begryp frijheid jout meastentiids in oardiel oer in eardere of lettere tastân; men moat dêrom hiel hoeden wêzen yn it gebrûk. As histoarikus.

No hat Huisman in winkeltsje yn Fryske skiednis. Histoarjes hat er yn alle kleuren, salang’t dy kleur mar swart of wyt is. Fansels dat er ek yn ’e kanon meisjonge wol. Want, as ien ding opfalt oan ’e diskusjes oer de skiedniskanon, dan wol dat it doel derfan folslein ûndersnijd is. Al dy ferskate kanons lykje no fral in kommersjeel idee fan útjouwers om boekjes yn ’e merk te setten.

Krekt sa tsjinnet pulp-TV om reklames te ferkeapjen, om dy parallel net te ferjitten.

Mar as ik besjoch wa’t út harsels belangstelling hawwe foar skiednis, dan binne dat meastentiids minsken dy’t sels al in ferline hawwe. De argiven sitte fol mei pinsjoenado’s dy’t stambeammen útsykje. Geert Mak syn persoanlik kleurde skiednislessen ferkeapje geweldich.

Allinne net oan skoalbern. Skiednis libbet hast net ûnder minsken dy’t der noch net lang genôch binne om de feroarings om harren hinne sjoen te hawwen. Dus moat it fak oan harren ferkocht wurden. Fanâlds gebeurde dat mei dy spannende ferhalen, fol fan klisjees; wat neffens my de oanpak fan ’e kommisje Van Oostrom foar in grut part wol ferklearret.
 
 
Mar, dat seit allinne noch mar wat oer de útfiering fan it skiednisûnderwiis. Dy Nederlânske skiedniskanon, fan Van Oostrom, is opsteld mei in oar doel. Der wurdt mei reageard op tal fal bûtenlânske ûntjouwings, en op fûle ynlânske problemen. De grutte stêden hawwe nammentlik in soad skoallen dêr’t allinne noch mar bern fan bûtenlânsk komôf les krije. Nederlanners binne dat foar wa’t Nederlân te lang in frjemd lân bliuwt.

Ik sil net ûntkenne dat der sa ‘n yntegraasjeprobleem is. Mar ik freegje my wol ôf oft der weromfallen wurde moat op de primityfste klisjees om bern in begryp fan Nederlân mei te jaan. Dochs gewoan om politike redenen? Dyselde kommisje Van Oostrom sjocht nammentlik hiel goed dat de measte leararen de kulturele bagaazje net hawwe om skiednis oars as yn klisjees te behanneljen.

No hat ek Fryslân in grut ûnderwiisprobleem. Neffens Kees Verhaar en Yvonne van Westering fan buro SGBO bestindiget de kultuer yn ’e provinsje sosjaal-ekonomyske efterstânsposysjes. Wurkleazens is normaal. Earmoed ek. Alve fan ’e tweintich earmste gemeenten yn Nederlân binne Frysk.

Harren krityk analysearje moat mar yn in oar stik, dochs makken foar my Verhaar en Van Westering wol ien hiel prinsipieel punt. Sy roppe de fraach op: binne dy basisskoallen yn Fryslân, en de ferfolchopliedingen dêrnei, eins wol it meast holpen mei de ynfiering fan dy eigen Fryske skiedniskanon aanst, sa’t it no liket?

Soene oare ûnderwiisherfoarmings miskien net folle belangriker wêze? My liket it dat dêr in folle needsaakliker diskusje oer nedich is as oer de Fryske skiednis. Fral ek om’t yn debatten oer kanons meastentiids it iene histoaryske klisjee tsjinoer it oare pleatst wurdt, en it noait om mear begryp giet oer hoe dreech it is om wat fan it ferline te witten.

Mar it ferline is wol in oar lân.