
‘Yn de stoarm en gaos fan black metal is wat majestueus te ûntdekken.’
De blackmetalband Kjeld út de Wâlden is oprjochte yn 2004. De band bestiet út: Kâld (gitaar), Tsjuster (gitaar), Swerc (bas), Fjildslach (drums) en Skier (sang). Yn 2010 kaam de earste EP De tiid hâldt gjin skoft fan Kjeld út. Nei dy útjefte hat de band him fierder ûntwikkele, wat laat hat ta it ferskinen fan de CD Skym yn maart 2015 by Hammerheart Records. Kjeld sjongt yn it Frysk, yn de teksten komt de mytologyske en heidenske tematyk nei foaren.
Black metal is in subsjenre fan de heavy metal, dat him ôfsplitste fan de iere trashmetal- en deathmetalscene. Yn de jierren ’90 fersprate black metal him út Skandinavië earst oer Europa en letter oer de hiele wrâld. Black metal is werkenber oan de razende fokalen, gitaarspul mei tremelotechnyk en rappe perkusje mei help fan dûbele basdrum.
Tsjuster en ik hawwe dit petear yn de kâlde oefenromte fan de band.
It meitsjen fan de CD Skym hat in protte tiid koste. Wat is dêr de reden fan?
Tsjuster: ‘It is yn it foarste plak sa dat wy mei Kjeld muzyk meitsje wolle dêr’t wy mei ús fiven hielendal achter stean. As wy wat skreaun ha en it nei twa kear repetearjen net hielendal moai fine, dan wurdt it altyd oanpast oant wy der hielendal bliid mei binne. Wy repetearje in hiel soad en op in bepaald momint fernimst datst dyn nocht krigest fan guon dingen en oare dingen wol goed gean. Wy hiene de basis fan de muzyk al klear foardat Skier by ús kaam te sjongen. Hy hat it plak ynnommen fan ús eardere sjonger, Asega. Skier hat syn teksten skreaun by de muzyk dy’t der al wie.
It opnimmen is yn etappes gongen; earst binne de drumpartijen opnommen. Dat wie in hiele toer, want ien lûdsspoar wurdt brûkt om yn te pluggen nei de drummer syn headset en dan bliuwt der mar in beheind tal spoaren oer. Dat fûnen wy net genôch, dus hawwe wy der in ekstra spoarerekorder by helle en letter moasten de opnames syngronisearre wurde. It opnimmen fan de gitaarpartijen gong frij rap, yn ien wykein stiene dy derop. De baspartijen hawwe in dei yn beslach naam. Pas in skoft dêrnei binne de sjongpartijen derby kaam. Ik haw sels besocht dit album te miksen, mar op in bepaald momint ha wy besletten dat wy dat better útbesteegje koene. Uteinlik hat it laat ta dit resultaat.’
Wat is dyn rol yn de band?
‘Njoggen jier lyn bin ik by de band kaam. Ik skriuw de basis fan de measte muzyk, dat wol sizze, ik skriuw in tal riffs en dy plak ik oaninoar en dan set ik der ienfâldige drums en in bytsje bas achter, sadatst in gehiel krigest. Dat stjoer ik nei de hiele band en dy jout der feedback op. Dan pas ik it oan, of sels, of mei de hiele band, it is in iteratyf proses. Elk bandlid makket syn eigen partijen. By guon nûmers komt Kâld mei in basis en gean wy dêr op deselde manier mei fierder. Yn it begjin koe ik hielendal net sa goed gitaar spylje. Je hearre dan wat yn ’e holle, mar dat kinne je net spylje. Wat ik no spylje kin haw ik troch it skriuwen foar Kjeld leard. Ik ha wol gitaarles hân en dat hat in basis jûn, mar hat my lang net leard wat ik no kin.’
Hoe is de band ûntstien?
‘Kjeld wie earst in soloprojekt fan ús oare gitarist, Kâld. Ik hie tsjin him sein dat ik wol wat serieuzer black metal spylje woe. Elke snein ha wy hjir mei twa gitaren yn de oefenromte sitten en muzyk skreaun. Wy plakten riffs oaninoar en soms kloppe it hielendal net. Asega kaam derby, hy woe sjonge, en doe waard it al serieuzer. Doe hawwe wy der bas by socht. Wy hawwe in blauwe moandei twa bassisten hân, mar dat is nea serieus wurden. Op in beskaat momint rûnen wy tsjin Swerc oan en hy woe hiel graach by ús basse. Swerc is in echte muzykmasine. Op in feestje kaam ik ús drummer Fjildslach tsjin, dy’t doe noch yn Lugubre spile. Ik ha frege oft er by ús drumme woe en dat woe er graach. Wy hienen him al op it each, want hy wie sechtjin jier doe’t er mei Salacious Gods op toer gong en hy wie doe al hiel goed. Hy is allinnich mar better wurden, hy is tige begeistere. Dat jildt trouwens foar de hiele band, wy hawwe allegear in tûk ear foar de muzyk dy’t wy meitsje.’
Yn de teksten fan Kjeld komme histoaryske en mytologyske eleminten foar. Ferdjipje jim jim dêr bot yn?
‘Faaks net safolle as wy dwaan moatte soene, mar wy fine skiednis en mytology wol tige nijsgjirrich. Wy fine it moai om yn it Frysk te sjongen en in stikje Fryske skiednis as tematyk te brûken. Miskien binne ús teksten net altyd histoarysk korrekt, mar it giet ús der net sa sear om dat it allegear kloppet, mar foaral dat de teksten de muzyk omheech tille. It giet mear om ús ynterpretaasje fan it ferhaal.’
Jim teksten binne suver dichterlik. Hawwe jim aspiraasjes op it mêd fan poëzij?
‘Ik ha foar mysels wolris wat gedichten skreaun. Ik wyt net hoe’t it mei de rest fan de band sit. Us beppe, Anneke Gerbrandy, hat in Fryske gedichtebondel skreaun, dus ik tink dat ik it fan har ha. Wy sjonge yn it Frysk, want dat is ús memmetaal. Foar ús is dat net mear as logysk, oant no ta skriuwe wy allinnich mar yn it Frysk en wy binne ek fan doel om dat fol te hâlden. Sjochst in protte yn dizze styl fan muzyk dat bands yn har eigen taal sjonge.
‘Baduhenna’ bygelyks giet oer in mytyske fjldslach by it Wâld fan Baduhenna, tichtby Heiloo. It ferhaal giet dat de Romeinen de Friezen, dy’t flink yn de minderheid wiene, dêr oanfoelen. De Friezen lokken de Romeinen yn ’e bosk en wat der dan bart wurdt fertolke yn it nûmer: de Romeinen ferlieze, flechtsje, wurde gek en meitsje harsels fan kant.’
Ha jim earder yn oare bands spile?
‘Ik ha mei de bassist en de drummer yn Lugubre spile. Dy band song it meast yn it Ingelsk en hielendal yn it begjin ek wol yn it Frysk. En ik spylje mei de bassist yn Gheestenland, dat is in Nederlânsktalige band.’
Wat kinst fertelle oer it sjenre black metal?
‘Black metal is wat ús út de fingers rôlet, dêr hawwe wy it bêste gefoel by. Ik hâld der net sa fan om muzyk yn hokjes te triuwen. Us nije CD hat in protte blackmetal-eleminten, mar ek eleminten dy’t totaal bûten dat ramt falle. Ik harkje sels in hiele protte nei tradisjonele black metal en nei eksperimintearjende bands lykas Blut Aus Nord of Deathspell Omega, mar ik hâld ek wol fan progressive rock en ferskate elektroanyske muzyk. Yn de stoarm en gaos fan black metal is wat te ûntdekken dêr’t je einefel fan krije, ik neam it majestueus. Mei Kjeld besykje wy ek dat majestueuze hearre te litten.’
Hoe binne de reaksjes op jim nije CD?
‘Wy hawwe in protte reaksjes krigen en dy binne oer it algemien hiel posityf. De Deenske webside heavymetal.dk wie kompleet lyrysk en joech ús hûndert punten. Dat wie moai om te lêzen.’
Hokker tydskriften binne spesjalisearre yn black metal?
‘Der hat yn maaie in fraachpetear mei my yn Aardschok stien. Yn Dútslân hast it tydskrift Legacy, yn Ingelân Zero Tolerance, yn Amearika Decibel, al beprate dizze tydskriften net allinne black metal. Decibel hie mei tastimming fan ús en ús platemaatskippij twa wike foar útjefte ús hiele album streamd op de webside. Dat hat tink ik wol bydroegen oan it súkses fan de CD. Foar de rest binne der in soad tydskriften dy’t troch inkelingen beheard wurde, de underground magazines en dêr stean ek in protte ûnderground bands yn. Dy tydskriften komme út lannen as Portugal, Spanje, Meksiko. De scene sjocht der yn dy lannen hiel oars út as hjir. Ik haw it idee dat wy hjir losser mei de black metal omgean as yn dy Latynske lannen. Dat hat tink ik foaral te krijen mei de symboalyk om de muzyk hinne. Ik fyn de symboalyk sels net sa wichtich, foar my telt eins foaral de muzyk.’
Wêr trede jim op?
‘Wy wiene sa’n bytsje de húsband fan Romein yn Ljouwert. Romein wie altyd in hiel moai plak om te spyljen mei in hiele goede sfear, mar spitigernôch is dat no gjin poppoadium mear. Alles ferhuzet no nei Neushoorn, tsjinoer de Harmonie. Wy hawwe ek yn de Harmonie spile, op in festival yn Winschoten, in pear kear yn Rotterdam, in kear yn Arnhim en yn Asten. Wy soene wol toere wolle, mar omdat we allegear ek noch oare bezichheden hawwe moatte wy optredens fier fan tefoaren plenne en moat elk bandlid derfoar frij nimme, dus dat is wol lestich. Meastal spylje wy op jûnen dêr’t meardere bands optrede. Op 23 maart hawwe wy ús nije CD presintearre yn Romein. Wederganger en Laster hawwe dy jûn ek optreden, as support act, Kjeld spile as lêste. Dat wie in tige slagge jûn. Ik sjoch ús net yn de Heineken Music Hall optreden, dy ambysje hawwe wy ek net. Ik skriuw muzyk omdat ik dat moai fyn en net foar de kommersje. De muzyk is foar ús mear in libbensstyl as dat it wurk is.’
Is der in blackmetalscene yn Fryslân?
‘Der binne in tal blackmetalbands yn en om Fryslân hinne. Black metal is yn opkomst en der sit ek bêst goed guod tusken. Yn Nederlân is de blackmetalscene fansels grutter. Der binne aardich wat bands dy’t goed oan ’e dyk timmerje, lykas Wederganger út Arnhim en Fluisteraars. Cirith Gorgor bringt ynkoarten in nije plaat út, dêr ferwachtsje ik in protte fan. En Urfaust is in frij unike band mei in grutte fanbasis. Der komt frijwat kwaliteit út Nederlân. Der binne yn Nederlân in tal blackmetalfestivals, lykas Veneration of the Dead yn Rotterdam of Aurora Infernalis yn Arnhim, en as ik de kâns krij gean ik dêrhinne. Ik bin sels hielendal net thús yn de death metal, dy muzyk hat my eins nea wat dien, miskien omdat ik it te eksplisyt fyn. Ik hâld der fan ast dyn eigen ynterpretaasje oan de muzyk jaan kinst. Black metal is foar my wat mystyks, en mear as allinnich it ferfoarme gitaarspul, de rappe perkusje en de raspjende stim. Der sit in laach boppe, dy’t droegen wurdt troch de laach derûnder, en by death metal mis ik dy laach. Miskien is dy der wol, mar ik werken ’m yn elk gefal net. De typyske heavy metal bygelyks fan Iron Maiden docht my ek net sa’n soad.’
Wat binne jim ambysjes as band?
‘Wy hawwe gjin spesifike doelen as it giet om it tal besikers by ús optredens. Wy gean gewoan troch mei ús manier fan skriuwen. Miskien dat der oer in jier as fjouwer, fiif wer in album fan ús útkomt, al hoopje ik earder al. Ik hâld my persoanlik net sa dwaande mei promoasje, dat fyn ik sels net sa ynteressant. Myn haaddoel is altyd it meitsjen fan de muzyk.’
Baduhenna
skimerdei
dize rint oer wâld en bosk
de simmer hâldt syn skoft
de moarn wit wat deitiid bringt
Baduhenna, kriichsgoadinne
hear ús oan, se nimme ús lân
Baduhenna, kriichsgoadinne
hear ús oan
in swaarm skierroeken
fleant oer lân en fjild
nei Baduhennawâld
wêr’t it goadinnerjocht jildt
njoggenhûndert dea
it libben nommen troch myn hân
foar de wil fan ús Frouwe
foar de waansin fan ús Frouwe
in swaarm skierroeken
fleant oer lân en fjild
nei Baduhennawâld
wêr’t it goadinnerjocht jildt
fjouwerhûndert oaren
it libben sêd
https://www.youtube.com/watch?v=9zYw-fZL_xo
It hiele album is hjir te harkjen
https://www.youtube.com/watch?v=F8kcYtAAkDE