Ferdinand Wanders

Alve tinten Swart

logo.ensafh

Ensafh frege my om myn hert en harsens ris nei de teksten op it debútalbum Skym fan Kjeld harkje te litten. Underwilens moasten myn earen dan de my sa swiet taklinkende, yn- en ynswarte rûs fan de alve nûmers op Skym redusearje ta eftergrûn. Lykas in keunstkenner nei it ynfallende ljocht op in Rembrandt sjocht, wylst ik net folle fierder kom as in kloft manlju en in hûn dy’t mei-elkoar de Nachtwacht foarmje. Sa sil ik besykje de literêre kant te beljochtsjen fan dizze muzikale fyftich tinten swart, dy’t foar ‘gewoane’ minsken wis as ‘grêfherje’ oanmurken wurde sil.

Kjeld is neffens my de iennige aktive Frysktalige blackmetalband op ierde. Op Skym steane alve tige flugge blackmetalpronkstikken, mei sa no en dan ferrassend swingende Satyricon-ynfloeden. De helte fan alle teksten is skreaun troch sjonger Skier. Gitaristen Tsjuster en Kâld kamen mei de wurden foar de oare nûmers, op ien nei. ‘Ivich libben’ stie ek op harren EP De tiid hâld gjin skoft (2010) en komt fan ’e hân fan Asega, eartiids sjonger fan de groep. It is ek it minst maklik te fertarren part op de plaat, mei bibelske ferwizingen nei Kaïn en Abel: ‘Wy witte dat wy oergien binne út ’e dea yn it libben, om’t wy bruorren deaslaen. Dy’t ’e broer net deaslacht bliuwt yn ’e dea’. Lit dêr jo gedachten mar ris oer gean…
Oan ’e oare kant fan it spektrum is der ‘Bonifatius Malifatius’. In rûnút blasfemysk en anti-kristlik stik wêryn’t menear Kâld gjin blêd foar de mûle nimt: ‘Bonifatius, do smoarge kristenhûn’. Yn ’e black metal is soks trouwens neat nijs. Mochten jo no tsjin de seare skonk skopt wêze, wriuw der dan mar efkes flink oerhinne en rin fierder mei it tsjuster yn. Somtiden moat je dêr efkes trochhinne om it ljocht te sjen. De tafoeging Malifatius achter de namme fan de hillige kin safolle betsjutte as ‘needlot’ as sels ‘falsk’. Dochs wol moai fûn. En it rimet ek noch. De lêste rigel ‘Watsto fan ús nommen hast, krijst no werom’, kinne wy ek lêze as de bibelske utering ‘each om each, tosk om tosk’… en sa is de sirkel wer rûn. Docht de poat jo no noch sear of begint jo no de holle te giseljen?
It titelnûmer fan dizze, yn myn belibbing, machtich moaie cd kinne wy fansels net oerslaan yn dit besprek. Wat de Skym krekt is wurdt net dúdlik yn dit teltsje: ‘gjin geast, net libben en net dea’, wol dat it mei ’glier blauwe eagen en wyt gewaad’ troch de wâlden swalket en net folle goeds mei jo foar hat. Jo kinne mar better oppasse as jo jûn de hûn noch útlitte moatte. Fan de trije blokjes tekst rimet allinnich it twadde net, mar it rint en rôlet wol. Mar goed dat se hjir net yn ’e falkûle tûkelje fan selsopleine rigels, want dat smyt wol gauris ôfgryslike brol op. Nee, Kjeld is ek op dit mêd in wiere blackmetalband: de iennige wet is dat alle wetten it ûntjilde sille.
Segene mei trochwintere muzikanten en trije tekstskriuwers is Kjeld net mear fuort te tinken út ’e Nederlânske blackmetalscene. Oanhingers fan it sjenre helje dit hjoed noch yn hûs. Leafhawwers fan Fryske taal, skiednis, rimen en teltsjes kinne miskien better earst noch efkes wat op it ynternet omstrune om te harkjen oft harren hert dit wol oankin. Foar ear, hert en harsens is der mei dit profesjonele produkt yn elts gefal genôch om fan te genietsjen.

 

Kjeld – Skym
Hammerheart Records, 2015

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *