Tao Te Ching – It Boek fan de Wei en de Deugd (2)

logo.ensafh

Laotse

Tao Te Ching – It Boek fan de Wei en de Deugd

 

Ferfryske troch Eric Hoekstra


Foarwurd

Ensafh publisearret fan ’t simmer trije kear in kar út de oersetting fan Eric Hoekstra. Twa kear op Ensafhynternet en in kear, ein augustus, yn de papieren Ensafh. Dit is de twadde fan de trije foarpublikaasjes. Foar de earste foarpublikaasje op Ensafh-ynternet klik hjir. .De folsleine oersetting sil yn septimber yn boekfoarm ferskine by Utjouwerij Elikser.

Redaksje Ensafh

Ynlieding

De Tao Te Ching bestiet út 81 stikjes tekst, part proaza, part poëzy. De yndieling yn 9 skiften fan 9 gedichten ha ik sels makke. It getal 81 is foar it neist mei opsetsin troch de auteur of gearstaller keazen want 81 is 9×9, en 9 sels is wer 3×3, dus 81 is de treddemacht fan 3. It getal 3 komt ek werom yn it Orakelboek, de I Tjing, dy’t bestiet út trigrammen, dat wol sizze, 3 linen dy’t hiel of brutsen wêze kinne. En boppedat is it gewoan handich om wat substruktuer yn de 81 gedichten te hawwen.

It taoïsme is de útdrukking fan suvere religiositeit, suvere mystyk. Der is yn it taoïsme meast net in persoanlike God, al wurdt soms oer de Tao sprutsen as in persoan. De Tao is it godlike Riedsel, dat wat alles trochkringt, de betingst fan it universum. Wiisheid is om mei de Tao yn harmony te wêzen, dat itselde is as mei jinsels yn harmony te wêzen. Dy mystyk is net kompromittearre troch prysters en earetsjinsten: it is wat it is. Dêrom is it taoïsme yn teory de meast anargistyske fan alle religys. Krekt as oare religys draait it om ’e fraach: hoe moat men libje? It taoïsme jout dêr syn mystike antwurden op. Wol net tefolle, wol sa min mooglik, hâld it simpel, tink om jo sûnens, wês hoeden mei drugs, mei wurk, mei ôfhinklikheden, mei al te fêste struktueren. Bemuoi dy mei dyn eigen saken. Down to earth. Dat is de essinsje fan it taoïsme.

De Tao Te Ching is skreaun yn ’e fjirde ieu foar Kristus. Dat makket fan Lao Tse in tiidgenoat fan Boeddha en fan Plato. It wie in tiid dat sawol by de Griken as by de Sinezen it tinken alle kanten útfleach, allegearre tinkrjochtingen waarden ferkend en foar it earst waarden de resultaten fan dy ferkenningen opskreaun. De Tao Te Ching leit oan de basis fan de tinktradysje fan Sina en Japan. It hjoeddeistige Zen-boeddisme grypt der ek wer op werom.

Foar myn ferfrysking ha ik my basearre op meardere oersettingen, yn it bysûnder op twa wittenskiplike oersettingen:
.  de Ingelske oersetting fan D.C. Lau (Penguin books, Harmondsworth, 1963)
.  de Nederlânske oersetting fan K. Schipper (uitgeverij Augustus, Amsterdam, 2010)
De oersetting fan Prof. Schipper is foarsjoen fan in taljochting en in ynlieding dy’t ik elkenien oanriede kin. Myn ferfrysking is oars as besteande oersettingen mei’t ik yn it bysûnder besocht ha fan de oersetting poëzy te meitsjen.

It taoïsme docht woldiedich oan. It is in hearlike foarm fan frijheid, in idyllyske dream. Belibje dy frijheid, dream dy dream.

Eric Hoekstra

VI. Giet de wrâld de Wei
VI.1. Giet de wrâld de Wei

Giet de wrâld de Wei
dan hat men oarlochshynsten om ’e stront
dat se de bougrûn fan ’e boeren bedongje.

Is men Gods wei bjuster
dan fokt men oarlochshynsten om it jild
op tsjerkhôven en wijde timpelgrûn.

De grutste misdie is tefolle wolle.
It grutste kwea is winne wolle.
It grutste ûnk is net fan ophâlden witte.

As tefreden oan genôch genôch hat
dan is genôch mei genôch tefreden.

VI.2. Kinst de wrâld kenne

Kinst de wrâld kenne
sûnder bûten te wêzen.
Sûnder nei bûten te sjen
ûnderfynst de Wei.

Wat mear oftst by dysels wei giest,
wat minder oftste witst.

Sadwaande wit de wize,
al giet er nearne hinne,
en begrypt er alles,
ek al sjocht er neat.
Hy kriget alles klear,
ek al docht er neat.

VI.3. Dingen witte wolle

Dingen witte wolle
makket hollen foller.
Rinne op Gods wegen
makket hollen leger,
leger oant de leechte
fan it neatdwaan lokket.

Wolst in wrâld winne?
Lit alles dan gewurde.
Gjin bemuoienis jout hâld
by it winnen fan ’e wrâld.

VI.4. Oaren ha hert foar harsels

Oaren ha hert foar harsels,
de wize hat hert foar oaren.

Goede minsken meitsje
syn goedens geande.
Minne minsken meitsje
syn goedens geande.
Om him hinne wint de goedens oan.

Earlik folk kin op him bouwe,
ûnearlik folk kin op him bouwe.
Om him hinne waakst it fertrouwen.

In wize kin oarmans hert feroarje,
dêrom nimt er oaren yn him op.
It folk is begearich en benijd
nei wat de wize docht en wat er seit.
Hy glimket elk oan as in bern.

VI.9. Tink om ’e woartels

Tink om ’e woartels en falst net om.
Hâld goed fêst en it ûntkomt dy net.
Bring bern op bern yn it goede grut.

Lit dysels dat praktisearje
en dyn krêft en deugd florearje.
Wês allyk famylje yndachtich
en se wurde as miggen machtich.
Pas it ta op streek en lân
en se bloeie en bliuwe yn stân.
Pas it ta op hiele wrâld
en de deugd hat oeral hâld.

Sjoch nei de oar as nei dysels
en nei famyljes as nei dyn eigen
en nei streken as nei dyn eigen
en nei lannen as nei dyn eigen
en nei de wrâld as nei dyn eigen.

Hoe wit ik dat de wrâld is sa’k him sjoch?
Omdat ik by mysels nei binnen sjoch.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *