
Feuilleton
27
De oare moarns rieden se earst nei Cap Gris-Nez en dêrnei woe Seleina fuort ek mar nei Cap Blanc-Nez ta.
‘Dan ha wy dat mar hân,’ sei se, ‘en it is no ek geskikt, want it is helder, sadat wy, tink, de krytrotsen fan Dover wol sjen kinne. De Ingelske kust. Bist hjir no, dat dan moatst ek op dy beide punten west ha. Ik ha der sels trouwens mar ien kear west, mar gelokkich ek op in goed momint.’
Se kamen by bunkers lâns.
‘Dêr’t wy aanst stean hawwe Hitler en Göring ek nei Ingelân stien te sjen. Unfoarstelber.’
‘Fassinearjend,’ sei Alexander.
Boppe-op Cap Gris-Nez rûnen se oer in bochtsjend en op en delgeand paad nei it útsjochpunt op ’e noardwestkant en gelokkich wie it sa helder dat se de krytrotsen trijentritich kilometer fierderop sjen koene. Der wiene al mear besikers.
‘Ja, dêr binne de rotsen wyt en dizze punt is griis, mar sjoch dêr mar.’ Seleina wiisde by de kust lâns it noardeasten yn nei Cap Blanc-Nez. ‘Itselde stiente. Ingelân hat oan Frankryk fêst sitten.’
Se stienen ek in skoft nei de drokke skipfeart yn it Kanaal te sjen. Guon skippen setten op ’e haven fan Calais ta, dat sa’n fjirtich kilometer noardliker lei.
‘Ik kin hjir wol de hiele dei stean,’ sei Seleina, ‘witst, as ik in skip op see sjoch moat ik eins gûle.’
‘Ik kom hieltyd mear fan dy te witten,’ sei Alexander, ‘wêr sil dat einigje?’
‘Wachtsje mar ôf.’
Se rieden fierder nei Escalles, it doarp flakby Cap Blanc-Nez, dêr’t se oanstutsen om te kofjedrinken. Se namen der in taartpunt by.
‘Opaal,’ sei Alexander, ‘dat is doch edelstien?’
‘Ja.’
‘Hoesa?’
‘Dit ein kust hjir hyt Opaalkust. Dat lies ik yn in folder yn it hotel.’
‘Dat wist ik net.’
‘Ik wol jûn even op it ynternet sjen.’
Se lieten de auto yn Escalles stean om dêrwei geandewei omheech nei de kaap ta te rinnen. Se rûnen tusken bou- en gerslân. Om’t de sinne skynde en it amper waaide wie it in hearlike kuier troch it iepen fjild. Op it lêste flakke stik nei de râne fan de hege kaap ta fielden se har optild, it wie it krekt as rûnen se de loft temjitte. Cap Blanc-Nez stuts 134 meter boppe de seespegel út, Cap Gris-Nez mar fyftich meter. Flak foar de râne gongen se op ’e knibbels lizzen om rjocht nei ûnderen te sjen. De steile krytrots, seefûgels dy’t dêr by omfleagen en yn ’e djipte it sânstrân. Se seagen wer in skoft oer de see en joegen har doe op ’e rêch del. Werom yn Escalles ieten se earst wat.
‘Yn Calais komme wy noch wol, dat dogge wy hjoed net,’ sei Seleina.
‘Bist bang dat ik dêr op in skip stap,’ sei Alexander.
‘Nee, ik wol mei dy mei de rêch tsjin de betonmuorre fan Audresselles sitte. Do kaamst juster sels ek mei dat idee.’
Op ’e op- en delgeande kustwei seachst sa no en dan de blinkende see.
‘Doe’t ik hjir foar de earste kear ried fûn ik it prachtich en ik fyn it no noch like prachtich.’ Seleina sloech Alexander fan opwining op ’e knibbel.
Werom yn Audresselles rieden se earst net nei it hotel ta. Se setten de auto by deselde delgong nei see ta del as de deis dêrfoar. It wetter stie no oan it strân ta. Se rûnen der even hinne en doe werom nei de muorre ta, dêr’t se har deljoegen.
‘It is hjir net ûnder oan ’e seedyk by Peazens,’ sei Alexander, ‘mar it is ferlykber, dochs?’
‘Ja, ik tink no oan dat plakje.’
‘Wêrom hast my doe eins daliks dêr mei hinne nommen?’
‘Om’t ik der al mear mei dwaande wie. Wêrom wit ik eins net. En de deis neidat wy der west ha wie ik by Catrinus en dy sei doe, dat ik sels in mol wie en earstdeis troch in mollehûn pakt of troch in skeppe út ’e grûn wipt wurde soe. Dan wurdt der wat sein dat oanslút by wêr’tst sels al mei dwaande bist.’
‘En hoe wolst tefoaren komme datst yn it sicht helle wurdst?’
‘My safolle mooglik ferskûl hâlde ûnder tegelpaden.’
‘Ja, ja.’
‘Ik ha dy ferteld wat yn Peazens bard is. Witst dat ik it dy hieltyd wol wer fertelle wol.’
‘Hoesa oan my eins?’
‘Om’tst yn Belgrado mei my meigongen bist. It is net mear as in gefoel. Ik tink dat it by dy feilich is. Ik hie dat ek by myn neef. En dêr ha ik oant no ta gelyk yn krigen.’
‘Dy’t wy ûnderoan de seedyk troffen?’
‘Dy, ja.’
‘Witst, ik wol it al myn hiele libben kwyt. Ik wol it út my wei ha. Miskien moat ik it dy krekt sa lang fertelle oant it yn dy ferdwûn is.’
‘En dan sit ik der mei.’
‘Do sitst der al mei.’
‘Okee. Yn dyn hert wolst mei dyn neef en nicht prate.’
‘Ja, om harren te sizzen hoe ferskriklik as ik it fyn dat ik wat ik dien ha ek foar har in finzenis is.’
‘Sa besjochst it.’
‘Ja.’
‘Miskien sjochst it te dramatysk. Te patetysk. Elk moat troch yn it libben. Dat hasto dochs ek dien. Do hast in realistyske hâlding oannommen en dy sterk makke. Al dy plakken op ’e wrâld dêr’tsto yn ’e sinne sitten hast.’
‘Sa, as hjir. Ik begryp noch altyd net, dat it sa wêze kin dat gjin ien my sjoen hat of yn alle gefallen wat sjoen hat. En dat ik gjin spoaren achterlitten ha.’
‘Wa hat dy man de oare deis fûn?’
‘Dat wit ik net. Ik ha der noait mear wat fan witte wollen. As hie ik mysels dan ferret. Dat ha ik altyd tocht.’
Se seagen beide foar har út.
‘Fynsto it hjir ek sa feilich?’ sei Seleina.
‘De gedachte is net by my opkommen.’
‘Foar ús de ûneinige see en tsjin ús rêch in hege betonmuorre?’
‘In minske is nearne feilich,’ sei Alexander, ‘sels op Peaske-eilân net.’
Seleina glimke en joech him in tút.
‘Witst wat ik fan ’e wike noch wol woe?’
‘Oerstekke nei Ingelân. Ik sis mar wat.’
‘Nee, Paul Mols opsykje.’
‘Dy wennet dochs yn België?’
‘Ja, mar hjir net hiel fier wei, yn Ieper. Sa’n oardel oere riden.’
‘In goed idee. As er mar werom is fan Peaske-eilân.’
‘Ik sil him aanst skilje. En witst, Ieper is net samar in plak. Ik wist it eins wol, mar ha der noait by stilstien. Yn en om Ieper komst de Earste Wrâldoarloch tsjin. Paul neamde it noch doe’t er my fertelde dat er dêr weikaam.’
‘Dat ha ik net meikrigen.’
‘Dat kin.’
‘Ik ha it dy al earder sein, it net slút him. Altyd. En wy dogge it sels.’
‘Ik leau net dat wy sels wat dogge,’ sei Seleina, ‘it bart gewoan.’
Se diene beide it gesicht achteroer, de eagen ticht, konsintrearren har op ’e waarmte fan de sinne en slûgen wat.
Nei in skoftke skrillen se op fan stimmen flakby har. In hiele famylje hie it op it strân wol besjoen en sette ôf.
‘Sille wy ek mar?’ sei Seleina.
Alexander fûn it prima en op syn útstel sochten se yn it doarp in terras op.
‘Ik kin him no ek wol skilje,’ sei Seleina, doe’t se beide de earste slok bier achteroer slein hiene.
Se krige Paul derfoar. Hy wie thús, stie paf dat er har oan de telefoan hie en alhielendal doe’t er hearde wêr’t se tahâlden. Hy soe it geweldich fine as se kamen, de oare deis soe him hiel goed passe, letter yn ’e wike minder. Seleina krige syn adres. Se soene der tsjin tolven wêze.
De oare moarns om acht oere setten se ôf. By Marquise gongen se de A16 op, op ’e hichte fan Duinkerken namen se de A25 rjochting Lille, by de ôfslach Steenvoorde der wer ôf en doe wie it oer Poperinge noch 25 kilometer nei Ieper. De hiele reis rieden se troch in iepen, flak lânskip mei bougrûn. Doe’t se tichter by Ieper kamen seagen se buorden lâns de dyk dêr’t militêre begraafplakken op oanjûn waarden.
‘It is echt sa’t Paul fertelde,’ sei Seleina, ‘it is hjir noch ferjûn fan ’e earste wrâldoarloch.’
Op ’e plattegrûn fan Ieper lâns de ynfalsdyk seagen se hoe’t se ride moasten om by Paul Mols te kommen. Seleina makke in kaartsje en skreau de strjitnammen derby. Se sieten op ’e Poperingsewei en moasten in moai ein de stêd yn op in stuit linksôf de Haigleane op, dan rjochtsôf de Alde Veurnestrjitte yn en op in grutte rotonde linksôf de Diksmuidensewei yn. Maklik om te kommen, like it en dat wie ek sa. Paul wenne op nûmer 123. It wie in healfrijsteand hûs. Se parkearren op it oprydpaad en foar’t se út ’e auto stapten stie harren gasthear al yn ’e doar. It wie in rom hûs mei grutte achtertún. Se stiene der even nei te sjen.
‘Net ferkeard,’ sei Seleina.
‘Wis net.’
‘Do bist hjir bleaun en dyn frou is fuortgien.’
‘Nee. Ik bin hjir nei myn skieding hinne gongen te wenjen. Wy wennen yn Brussel en Kristien is dêr bleaun, yn ús hûs dêr. Dit is myn âlderlik hûs. Myn âlden hiene krekt besletten om te ferhúzjen en doe tocht ik, wêrom net. Mar ik bliuw hjir net. Ik gean, tink, wer nei Brussel ta.’
‘Te min te belibjen?’
‘Ja, dat ek. Mar it wie op dat stuit it goedkeapste om hjir hinne te ferhúzjen. Saneamd banale saken jouwe soms de trochslach.’
Doe’t se oan ’e kofje sieten, sei Paul: ‘Ik sil jim earst wat hearre litte.’
‘Wat fan Mahler fansels,’ sei Alexander glimkjend.
‘Ja. En do glimkest, mar wat ik jim hearre litte wol is net om te glimkjen.’
‘In iroanysk glimke kin it hjoed net sûnder,’ sei Alexander.
‘Hast gelyk. Wy krije it der aanst fêst noch wiidweidich oer.’
‘Lit mar gau hearre,’ sei Seleina.
Doe’t de muzyk klonk, sei Paul: ‘‘Revelge’ mei orkestbegelieding. Hjir ha jim de tekst. It wurdt songen troch Johann Wieland.’
Des Morgens zwischen drein und vieren,
Da müssen wir Soldaten marschieren
Das Gäßlein auf und ab;
Tralali, Tralalei, Tralala,
Mein Schätzel sieht herab.
‘Ach Bruder jetzt bin ich geschossen,
Die Kugel hat mich schwer getroffen,
Trag mich in mein Quartier,
Tralali, Tralalei, Tralala,
Es ist nicht weit von hier.’
‘Ach Bruder, ich kann dich nicht tragen,
Die Feinde haben uns geschlagen,
Helf dir der liebe Gott;
Tralali, Tralalei, Tralala,
Ich muß marschieren bis in Tod.’
‘Ach, Brüder! ihr geht ja an mir vorüber,
Als wär’s mit mir vorbei,
Ihr Lumpenfeind seid da;
Tralali, Tralalei, Tralala,
Ihr tretet mir zu nah.
Ich muß wohl meine Trommel rühren,
Sonst werde ich mich [ganz]1 verlieren;
Die Brüder dick gesät,
Tralali, Tralalei, Tralala
Sie liegen wie gemäht.’
Er schlägt die Trommel auf und nieder, rührt
Er wecket seine stillen Brüder,
Sie schlagen ihren Feind,
Tralali, Tralalei, Tralala,
Ein Schrecken schlägt den Feind.
Er schlägt die Trommel auf und nieder,
Da sind sie vor dem Nachtquartier schon wieder,
Ins Gäßlein hell hinaus,
Tralali, Tralalei, Tralala,
Sie ziehn vor Schätzleins Haus.
Des Morgen stehen da die Gebeine
In Reih und Glied sie stehn wie Leichensteine,
Die Trommel steht voran,
Tralali, Tralalei, Tralala,
Daß sie ihn sehen kann.
Doe’t it stik út wie, sei Paul: ‘It marstempo fan de muzyk en it ‘Tralali, Tralalei, Tralala’ fan de tekst is as dyn glimke, Alexander. De irony dy’t it drama hantearber makket. Ik moast it hearre litte, it is hjir net foar neat Ieper. Mar de irony is yn Ieper fier te sykjen, hear. Of it soene de klaproazen wêze moatte. Ik hie ‘Der Tambourgesell’ ek hearre litte kinnen.’
‘Ja, wriuw it der mar yn,’ sei Seleina.
‘It wie net myn bedoeling om dy tenei te kommen. Mar yn Ieper is de oarloch ek in toeristyske attraksje. Wolle jim hjir ek dingen sjen? It sil yndruk meitsje sil ik jim sizze.’
‘Bêst Paul, mar earst, hoe wiene de lêste konserten op Peaske-eilân?’
‘As de oaren, goed. Wat de njoggende symfony oangiet foel alle klam fansels op it fjirde diel, it adagio. It bliuwt apart om fan in farwol fan ’e wrâld genietsje te kinnen. Mar de absolute mankelikens, dêr falle wy dochs allegear foar. Ja, en dan de tsiende, ik ha der gjin muoite mei. Ik bin net sa’n purist as hiele folkstammen dy’t allinne it earste diel akseptearje, om’t dat troch Mahler sels foltôge is. Al moat ik tajaan dat ik wol in stap sette moatten ha. Krekt as Alma. Fansels waard de ferzje fan Deryck Cooke spile, dat is ek de moaiste, en ien dy’t wis it tichtst by Mahler syn bedoeling komt. Mar goed, it bliuwt foar in part in neimakke Mahler. It lêste, fyfde diel sitte bygelyks dúdlik passaazjes yn dy’t Mahler wis oars dien hawwe soe, ynventiver en dwerser, mar it is nei it Adagio fan de njoggende op ’e nij in oertsjûgjend weistjerrend slotakkoard. Ja, ja, de tromslaggen en de donkere strikers oan it begjin, dat is goed, dat mei. Mar it wie hiel goed dat nei dy twa jûnen op ’e lêste jûn de earste symfony wer dien waard. En noch better wie it dat wy dêrnei yn betizing achterlitten waarden troch dat lêste konsert en as slot fan de hiele rige te einigjen mei ‘Selbstgefühl’. Ik lit jim dat no net hearre mar lês de tekst even foar:
Ich weiss nicht, wie mir ist!
Ich bin nicht krank und nicht gesund,
Ich bin blessirt und hab’ kein’ Wund’,
Ich weiss nicht, wie mir ist!
Ich tät gern essen und schmeckt mir nichts;
Ich hab’ ein Geld und gilt mir nichts,
Ich weiss nicht, wie mir ist!
Ich hab’ sogar kein’ Schnupftabak,
Und hab’ kein Kreuzer Geld im Sack,
Ich weiss nicht wie mir ist, wie mir ist!
Heiraten tät ich auch schon gern’,
Kann aber Kinderschrei’n nicht hör’n!
Ich weiss nicht, wie mir ist!
Ich hab’ erst heut’ den Doktor gefragt,
Der hat mir’s ins Gesicht gesagt:
‘Ich weiss wohl, was dir ist, was dir ist:
Ein Narr bist du gewiß!’
‘Nun weiss ich, wie mir ist!’
‘Ja, muzyk en tekst moatte jin dûzelje litte,’ sei Paul, ‘ja dochs?’
Se krigen it oer harren freonen fan Peaske-eilân, Li Juyi en Günther Vogel. Se hiene alhiel fan slach west doe’t Paul harren ferteld hie, dat se Seleina en Alexander net wer sjen soene. Se moasten hookstrooks fuort, hie er tsjin de manlju sein, dy’t inoar doe begripend oansjoen hiene en Li Juyi hie sein: ‘Ja, in ferhaal falt net sa mar út ’e loft.’
‘Nee,’ sei Alexander.
(wurdt fuortset)