
Goed nijs: Blackadder komt werom. De Britse comedy út de jierren tachtich sil opnij in oanslach op de lachspieren plege. Rowan Atkinson, ek bekend as mr. Bean, wie fenomenaal as Edmund Blackadder, de konkeljende, achterbakse opportunist dy’t liigde as wie it sykheljen en ôfspraken skeinde as bestiene se net. Eins in ferskriklik mantsje, mar tagelyk koe men ek wol wer begrutsjen mei him ha as syn plantsjes foar de safolste kear mislearren. Blackadder de searje joech in sattiryske blik op de Britse skiednis, en it personaazje Edmund Blackadder wie de helte fan ’e tiid polityk oriïntearre. Eins wie Edmund it prototype, of miskien it archetype, fan in politikus.
Lês en harkje fierder by Omrop Fryslân