
It Kadoboek fan Swalk 2015 is De Ferjilder fan Marten Toonder yn de oersetting fan Harke Bremer en Jarich Hoekstra. Tankewol. Ik haw my dêr in oere tige mei fermakke, sa’t ik dat altiten doch mei de wurken fan Bremer en Hoekstra. Op de bekende boartlike en fernimstige wize is it argayske Bommeltaaltsje oerset yn geef Frysk, yn in idioom dat foar 1940 noch húsriem wie yn beskate rûnten. Moai fan de Bommelútjeften yn oblongformaat is ek dat de kostlike tekeningen justjes wat grutter binne as yn de âlde Bezige Bij-paperbacks. En it jout pommeranten as Dijsselbloem (of syn foarljochter) werris de kâns om in ferdivedearjend foaropwurdsje te skriuwen.
Dat by Bremer en Hoekstra in oersetting yn fertroude hannen is, witte wy sûnt jierren. Dit moat dochs al de trettjinde kear wêze dat se in Bommel oerset hawwe. Noch mar koartlyn lies ik fan beide skriuwers Leffert, In heldedicht yn tolve sangen: in oarspronklik wurk op rym dêr’t de humor, taalwille en nocht oan parodiearjen fanôf spat. Wêrom hat Tresoar oan de beide tige produktive hearen net om in oarspronklik wurk frege as Kadoboek?
Dit is nei oersettings fan Caja Cazemier en Atte Jongstra al de tredde kear dat in Frysk Kadoboek út in oersetting bestiet. Binne der dan gjin goeie, moderne Frysktalige skriuwers mear dy’t in Kadoboek skriuwe kinne? Mei al dy oersettings ûntnimt Tresoar de Fryske literatuer alle kearen in gouden kâns om promoasje te meitsjen foar de hjoeddeiske Fryske literatuer.
Tresoar hat oars wol stipe oanbean krigen om wer mei oarspronklik-Fryske Kadoboeken te kommen út de Stichting Boeken fan Fryslân wei. As Stichtingsbestjoer (ik wie oant ein 2014 DB-lid) hawwe wy ferskate kearen mei Tresoar om tafel sitten. As it foar Tresoar sa dreech wie om gaadlike Frysktalige proazaskriuwers te finen foar dit doel, dan woe BfF dat wol dwaan. It Bestjoer woe de redaksjonele begelieding en produksje ek wol fersoargje. Mar nee, nettsjinsteande al dy gearkomsten is BfF sels nea útnûge om te praten oer de ynfolling fan Swalk en de Kadoboeken.
De Ferjilder sil wol wer ferdigene wurde troch Tresoar mei it argumint dat dit Kadoboek sa geweldich taalbefoarderjend is. Grif is dat wier foar de generaasje dy’t foar de oarloch berne is. Dy is noch thús yn dit âldfrinzige idioom. Mar as ik in o sa Fryske kreamheinster op Omrop Fryslân praten hear oer ‘luiers’ en ‘de wych’, dan wurd ik suver al nostalgysk omdat it bêste minske net iens it al lang ynboargere wurdsje pampers brûkt. Safier is it dus al kaam mei ús Fryske wurdskat. Yn myn bernetiid – en dan hawwe wy it oer de jierren sechstich – leine de poppen noch yn de widze en de ruften op de bleek. It hjoeddeistige ‘omgongs-Frysk’ is noch mear as eartiids ôfhinklik wurden fan moderne Fryske skriuwers dy’t linich en kreatyf mei de taal omgeane. En dy skriuwers binne der lokkigernôch by it soad. By Tresoar hoege se lykwols net mear oan te klopjen.
No Jelma, as se bij Omrop Fryslân it wurd ‘kreamheinster’ brûkt ha, dan ha se dat grif yn in wurdboek opsocht. Trouwens, ik bin fan 1944 en foar mij is ‘widze’ al in oanleard boekjewurd, al komt ‘ruft’ mij wol as eigen oan. Ik bin, lit ik mar sizze, taalbewust wurden yn de fyftiger jierren, mar ik wit noch dat al yn de jierren ’60 it wurd ‘luier’ yngong fûn, al is ‘ruft’ foar mij in folslein natuerlik wurd. ‘Widze’ is dus foar mij al oanleard … Minsken dy’t bryk Frysk prate, ha dêr sels gjin euvelmoed yn: foar dy kreamheinster wie har Frysk goed Frysk. Wa’t suver noait Frysk lêst, wit ek net better, en hat gjin model om neffens te praten. Sokken fine boekje-Frysk mar raar en fine ek dat it net maklik lêst. En dat is ek wol begryplik. Standertfrysk is in frjemde taal oan it wurden, en sil as model neat úthelje, omdat it bûten it lytse ploechje minsken dat geregeld Frysk lêst ûnbekend is, op in pear wurden nei as ‘efter’, ‘droom’ en ‘berne’, dêr’t de minsken nuvergenôch fan tinke, as je dy mar brûke, dat je dan ‘goed’ Frysk prate/skriuwe … no dy wurden binne al lang útstoarn, en komme net werom. ‘Droom’ en bgl. ‘geboaren’ dûke al foar 1840 op yn de skriuwtaal, en ek ‘achter’ is al 200 jier minstens âld. De AFUK kin heech en leech springe, en ek noch ‘ea’ en ‘nea’ út in skier ferline de 21e iuw ynskuorre wolle, dat hat gjin doel. It skreaune Frysk is in frjemde taal oan it wurden foar de gewoane Frysk-prater, en dat sil hieltyd slimmer wurde. Fraach oan dij: hoe kin in tsjintwurdige skriuwer ‘linich en kreatyf’ mei it Frysk omgean, dat ek noch troch de net betûfte Frysk-lêzer begrepen wurdt,
sûnder in soarte Frysk te hantearen dat fierhinne, sa neam ik it mar, Nederlâns is mei wat Frysk oandwaande lûden? Inkeld in fonetise/fonetyske/ fertaling fan it Nederlâns dus?
Ja Geart,
Witst ik it mar. Wy wenne yn de diaspora en liezen de Bibel fan Wumkes, dat wy praten sels oer njirrebrod dêr op de Drintske heide.
Moi,
Jelma
SA STEANE DE SAKEN DER FOAR.
As sels fertsjintwurdigers fan in organisaasje dy’t it Frysk ek nei bûten ta presinteare moat, de hâlding hawwe fan ‘ik praat sa’t ik wol en lûk mij neat oan fan hoe’t it heart’, dan krije jo dit. No ja, se witte net better, en ek foar har is har praat-Frysk it echte Frysk. Dat oare boekje-Frysk is harren (‘hun’) ûnbekend… en se skamje ‘sich’ net.
Ut IT NIJS, WRALDNIJS FOAR IT FRYSK
Twa op ‘e trije meiwurkers fan Omrop Fryslân binne sakke foar in taaltoets fan de Afûk en de NHL. Dat docht de Ljouwerter Krante te witten. “Wy skrokken derfan dat de útslach sa beroerd wie. Dit kin net”, seit ferslachjouwer Koos Wieling yn ‘e krante. Wieling wie ien fan de minsken dy’t oanstiene op it toetsen fan ‘e Omrop-meiwurkers.
Ien meiwurker fan de Omrop wegere om mei te dwaan. Fan de oaren sakke hast 70 persint. Neffens Wieling kriget de Omrop in soad kommentaar op ‘e kwaliteit fan it Frysk. It minne resultaat is neffens him it gefolch fan besunigingen. Dêrtroch moast de Omrop betûfte meiwurkers dien jaan en jongelju oannimme mei “de bêste bedoelingen” dy’t “de taal net allegearre like goed yn ‘e macht” hawwe.
Direkteur Jan Koster seit dat it toetsresultaat oan ‘e oarder komt yn ‘e beoardielingspetearen fan personielsleden. Neffens Wieling is in goede behearsking fan it Frysk essinsjeel as Omrop Fryslân syn selsstannigens behâlde wol mei it argumint dat de Omrop de hoeder fan de Fryske taal is.
De taaltoets bestie út twa ûnderdielen: de Frisia-toets, dy’t Reitze Jonkman fan hegeskoalle NHL foar it basisûnderwiis ûntwikkele hat en in oersetopdracht dy’t makke is troch Afûk-meiwurker Ate Grypstra.