Pier Boorsma

Skanomodu: in nije generaasje?

logo.ensafh

Op 28 maart 2015 hold Meindert Reitsma in ferhaal oer in nije opkommende generaasje yn de Fryske literatuer. Om’t er foar dat ferhaal it measte ûntliend hat oan it boek De revanche van de roman fan de Amsterdamske heechlearaar Thomas Vaessens, sil ik earst nei dat boek sjen.

Thomas Vaessens, De revanche van de roman: gearfetting

Dat boek beskriuwt benammen de literêre ûntwikkelingsgong yn Nederlân nei de Twadde Wrâldkriich. De kulturele elite makke him soargen oer de ynfloed fan ’e massakultuer as film en populêre tydskriften en begong in beskavingsoffinsyf. Wat de literatuer oangiet, waard weromgrypt op de literatuer fan it humanistysk modernisme. Yn de opfetting fan dy literatuer soe de literatuer útdrukking jaan oan universele wearden, dy’t los stiene fan ’e deistige werklikheid. As sadanich
wie de roman autonoom foar dy werklikheid oer. Yn it beskavingsoffinsyf fan ’e kulturele elite moast de ‘gewoane man’ ûnder lieding fan literêre saakkundigen, dy’t wisten wat goed foar de massa wie, yn ’e kunde komme mei de literatuer. Dy literatuer hie morele wearden yn, dy’t fan belang wêze koenen foar it hâlden en dragen fan de ‘gewoane man’. Yn ’e sechtiger jierren noch wiene der in soad minsken, dy’t oan de offisjele literêre smaak in hegere wearde takenden as oan har eigen meidwaan yn ’e legere kultuer. Literatuer wie in machtsbasis mei útstrieling oer de hiele maatskippij. De bern yn it fuortset ûnderwiis waarden ferplichte bepaalde boeken út ’e kanon te lêzen. De literatuer fan it humanistysk modernisme wie dus direktyf (de saakkundigen wisten wat goed foar de minsken wie) en hie in fertikale smaakhierargy.
De ynternasjonale studintebeweging út de sechtiger jierren brocht ek feroaring yn ’e literatuer. De studinten wiene anty-autoritêr en fersetten har tsjin de direktive struktuer fan ’e humanistyske literatuer. Tagelyk fûnen se opfieden en moralisjearjen dwers ferkeard. Hja betwifelen oft de wearden fan ’e humanistyske literatuer yndied universeel en tiidleas wiene.
Nei de sechtiger jierren komme der twa faktoaren, dy’t de literatuer beynfloedzje, te witten: de kultueryndustry en it postmoderne tinken.Yn ’e kultueryndustry ferminderet de literatuer yn wearde om’t it part wurdt fan in grutter kultueroanbod. Yn dat oanbod sitte net allinne literatuer mar ek de ‘legere’ kultueren. Dy produkten moatte ferhannele wurde fia de frije merk: in optimaal oantal neffens de smaak fan miljoenen minsken. It grutte publyk hechtet minder wearde oan de smaak fan literêre saakkundigen. Dêrtroch nimt de literatuer fan no ôf oan in minder prominint plak yn.
It postmoderne tinken sil ek it plak fan de literatuer relativearje. De Frânske filosoof Derrida kin troch dekonstruksje fan humanistyske teksten yn dy teksten foarmen oanwize fan útsluting, rasisme, kolonialisme, ensafh. De humanistyske teksten binne net universeel en steane net los fan it deistich libben. De betreffende literêre wearden binne konstruksjes en bûn oan in kontekst. Dat is fan dy gefolgen dat de literêre tekst syn status ferliest en dat it berik fan de literêre elite minder wurdt. Om’t net mear leaud wurdt oan ideology en ideaal, begjinne skriuwers einleas te relativearjen, iroanysk distânsje te nimmen, ‘anything goes’…: hja kinne gjin ynfloed útoefenje op ’e werklikheid. De skriuwers leauwe net yn orizjinaliteit en misse elke pretinsje. As alles relatyf is, dan bliuwt der foar guon skriuwers neat oars oer as mei de tekst te boartsjen, sa ûntsteane parody, pastysj, camp, koartsein: entertainment. Troch al dy ferskynsels is gjin engaazjemint mooglik en fine hja gjin oansluting bij it grutte publyk. In kearpunt foar it postmodernisme binne de oanslaggen op 11 septimber 2001 yn New York en Washington. De Amerikaanske media wolle hawwe dat it relativisme benammen oan de universiteiten ophâldt en dat de minsken har wer identifisearje mei de wearden fan it frije westen.
Thomas Vaessens wol no in letpostmodernisme, dat in korreksje is op it postmodernisme, mar dat it postmodernisme net ûngedien meitsje wol. It postmodernisme hat ommers de absolute wierheid fan ’e humanistyske literatuer relativearre, mar is úteinlik net fierder kommen. No moatte de skriuwers har neffens Vaessens wer engazjearje troch tusken te kommen yn it publike debat. Sa kin de bân mei it grutte publyk wer ta stân komme. Wearden as oprjochtens, autentisiteit, yntegriteit en minsklikens moatte wer betsjutting hawwe. Der moat besocht wurde wer konstruktyf te tinken nei’t it postmodernistysk relativisme dat ûnmooglik makke hat.

Krityk op Vaessens

Sintraal yn ’e redenaasje fan Vaessens stiet it weardeferlies fan ’e roman en en it ferlies fan ’e bân mei de lêzers. De oarsaak dêrfan binne de kultueryndustry en it postmoderne tinken. Vaessens oerdriuwt de omfang fan dat probleem. Hij rjochtet him yn syn boek op de postmoderne roman, mar de produksje fan ’e tradisjonele roman, noch altyd it grutste part fan ’e romanliteratuer, giet yntusken gewoan troch. Fan ’e romans Knielen op een bed violen fan Jan Siebelink en Bonita Avenue fan Peter Buwalda binne respektyflik 200.000 en 300.000 eksimplaren ferkocht. De ferkeapsifers sakje oer it generaal, mar dat der in revâns fan ’e roman nedich is is oerdreaun. Mei de postmoderne roman (in lytser part fan de romanliteratuer) is it in oar gefal. De ferkeapsifers lizze hjir om redenen, dy’t ik earder al útienset haw, leger. No hat dy postmoderne roman yn Nederlân in tradisjonele opset en dat hâldt dy roman lêsber. In postmoderne roman as Gimmick fan Joost Zwagerman wurdt troch Vaessens útsichtleas neamd, mar de personaazjes libje fan de iene dei yn de oare en hawwe gjin grutte idealen. Allegear tige werkenber. Inkeld komt der ris in alinea oer it postmodernisme foar, mar it boek bliuwt tagonklik en hat in ynteressant ûnderwerp. It keunstners miljeu wurdt skildere mei de tabehearrende seks en drugs. Fan Gimmick binne tsientûzenen eksimplaren ferkocht. De ferkeap fan ’e romans wurdt mear bepaald troch de oantreklikheid fan it ûnderwerp as troch it feit oft de roman al of net postmodern is.
Vaessens wol dat de letpostmoderne skriuwer maatskiplik engazjearre is. Yn 1947 skriuwt Gerard van het Reve:
‘Het is een misvatting dat ik over enig maatschappelijk onderwerp een belangrijk betoog of enige steekhoudende verklaring zou kunnen leveren. Wie tweehonderd pagina’s proza heeft geschreven, waarvoor in de krant lawaai is gemaakt, krijgt een volkomen onredelijke hoeveelheid gezag toegedaan!’

En sa is it mar krekt. Net elke skriuwer hat affiniteit mei of de kapasiteit foar maatskiplik engaazjemint. Je kinne dat net as algemien program foarskriuwe. In makliker te realisearjen eask soe wêze as skriuwers krekt as Mulisch yn syn roman De aanslag de bûtenliterêre werklikheid as dekôr in rol spylje litte yn ’e roman. Vaessens wol ek, dat de skriuwer efter syn buro wei komt en in rol spilet as publike persoanlikheid. Mar ek dat is net foar elkenien weilein. Ik sjoch teminsten yn de talkshows altyd deselde fiif skriuwers. Troch engaazjemint fan ’e skriuwer komt hij miskien faker yn it nijs, mar dat de engazjearre roman per se better ferkeapet is twifeleftich.
Krekt as it gefal is mei de postmoderne roman, sil ek de letpostmoderne roman in lyts part fan ’e totale boekeferkeap ynnimme. De konklúzje kin wêze, dat it der mei de foarútsichten fan it letpostmodernisme net goed foar stiet.

‘Skanomodu: in nije ympuls yn Fryslân, de opkomst fan in nije generaasje jonge Friezen.’ Under dy titel hat Meindert Reitsma op 28 maart l.l. in ferhaal hâlden, dat ek ôfprinte stiet yn Fryslân en de Wrâld 2.0. Ik sil yn it neifolgjende krityk leverje op dat ferhaal.

Krityk op Reitsma.

In sintraal tema yn dit essee is it ôfrekkenjen mei it sarkasme en synisme yn ’e Fryske literatuer. Hij ferbynt dat synisme mei it postmoderne tinken mar even earder konstatearret er, dat it literêre klimaat yn Fryslân al hûndert jier gelyk bleaun is. Der wie dus al synisme yn Fryslân foar it tiidrek fan it postmodernisme, dus dat synisme moat ynherint wêze oan de Fryske literêre situaasje. Reitsma ferjit foar it gemak mar even de hûnderten konstruktive kritiken en resinsjes yn dei-
en literêre blêden.
Dy term ‘konstruktyf’is in reaksje op it postmodernisme mar dy term is oars net geskikt foar it literêre bedriuw. Literêre krityk kin konstruktyf wêze, mar foar de roman en de poezij is de term ûnbrûkber. Trinus Riemersma skriuwt yn syn roman De reade bwarre, dat hij it libben kloaten fynt en dat hij der leaver sels net west hie.
Hoe soe Reitsma dêrop reagearje? Mei in roman, dêr’t it libben prachtich yn is? Mar dan bedarret er al gau yn ’e sfear fan ’e Boeketrige. Foar de roman is net konstruktiviteit fan belang mar sensibiliteit. Tink bygelyks oan Kafka, dy’t de ûnminsklikens útbyldet as gefolch fan ’e burokrasy en hjir yn Nederlân Gerard Reve dy’t de nearzigens fan ’e nei-oarlochske húshâlding beskriuwt yn De Avonden. Reitsma hat de term ‘mienisme’ útfûn: dat betsjut in ‘sykjen nei wat de minsken mien hawwe op wei nei in nije mienskip’.
Op ’e syk nei in nije mienskip… as ik dat lês giet my de grize oer de grouwe. De nije maatskippij, de nije minske, de nije mienskip, wêr haw ik dat earder lêzen… Yn ’e tritiger jierren wie der in Roomsk-Katolyk tydskrift ‘De Gemeenschap’, dat krekt as Reitsma mear nei it ‘wy’ as nei it ‘ik’ sjen woe. Dat tydskrift rekke al gau yn ferkeard, fassistysk farwetter. En dan ha we de nije minske fan Mao, de nije maatskippij fan Stalin, en de SS dy’t harsels in mienskip neamde. De term ‘mienisme’ is no al besmet. Reitsma nimt ôfstân fan hearskjende tinkbylden ûnder guon Fryske Bewegers om de kultuer yn te setten yn ’e Fryske Beweging. Dat is net benammen in tinkbyld fan Fryske Bewegers mar fan bûtensteanders, dy’t alles wat Frysk is as Beweging kwalifisearje. Reitsma past de begripen fan Vaessens ta op ’e Fryske situaasje, mar dêrneist is it him slagge in essee te skriuwen sûnder ien orizjineel idee te formulearjen. Of it moat de term Mienisme wêze, mar dy is yn ’t foar dus al besmet.
Koartsein: dit is gjin goed begjin fan in nije generaasje. Sûnt mear as hûndert jier hawwe der net sa’n bytsje jonge skriuwers west mei in dichtbondel of in roman op har namme. It is dus tiid foar nije en jonge lûden!
Mar is dit de nije generaasje? Sa al, dan hawwe se gâns startproblemen.

1 reaksjes op “Skanomodu: in nije generaasje?

  1. Pingback: Reaksje Meindert Reitsma op Skanomodu-stik Pier Boorsma | ensafh

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *