
‘Dus jim ha moai de hiele middei fergees sitten te oersetten foar menear Google?’ – Ja, mar it joech foaral foldwaning om sa kreatyf it Ingelsk om te setten nei Frysk, lêst yn de Fryske GoogleTranslate Wike. Sa folslein en libben mooglik jins taal wer te jaan, yn de ferwachting dat je tagelyk echt konkreet wat bydrage oan de digitale takomst derfan. Ik ‘sit yn it Frysk’, as oersetter, skriuwer, redakteur, dus fiel ik my roppen om it Frysk praktysk te befoarderjen as dat kin.
It ‘trensleten’ is fansels wat oars as echt oersette. It Ingelsk datst foar dy krijst, binne koarte frasen: stikjes sin dy’t rûnom wei swile binne. Net altyd is de betsjutting jin dúdlik, gauris wie de stavering fan de Ingelske fragmintsjes net al te bêst. Dêrby komt dat Ingelsk sawysa in frij gebrekkige taal is, dêr’t de dingen ornaris net al te presys yn útdrukt wurde. It is de baas om mar oer te slaan dêr’t je net daalks wat mei kinne, om krekt de krinten út de brij te kiezen dêr’t je it Frysk ta syn rjocht komme litte. It doel is ommers dat it brede ferskaat oan skreaun Frysk automatysk oerset wurde kin nei Ingelsk, en dat fia it Ingelsk skreaun Frysk ferklearre wurde kin nei allegear oare talen. Dat sille noait perfekte oersettings wurde, mar it stribjen is om ús taal sa mear sichtber en tagonklik te meitsjen.
Likegoed in ferslaavjend spultsje. Hieltyd wer in pear sintsjes derby. Ik bin sels oant goed seistûzen oersettinkjes kaam.
Oersetten is deistige praktyk foar aktive Fryskbrûkers. En dan net per se it produsearjen fan kreaze oarstalige wjergaders fan skreaune teksten, mar it mentale proses fan yn mear as ien taal tagelyk te kommunisearjen en te lêzen. Wa’t dizze kollum no lêze kin, moat mar moai tefreden wêze mei himsels dat er ék dy Fryske fin mear hat as in mindertalige bears. Earme mindertaligen dy’t har sûnder ús ‘meartaligens’ rêde moatte…
Guon talintearre meartalige Friezen (jo faaks ek!) ferfeardigje boppedat literatuer. Under Fryske dichters is it op it stuit moade om har dichtbondels ‘twatalich’ út te jaan. Resint wurk fan net de minste dichters is ferskynd mei Nederlânske oersettings neist it Frysk: soks jildt de lêste jierren foar bondels fan Wilco Berga, Tsead Bruinja, Edwin de Groot, Sytse Jansma, Elske Kampen, Albertina Soepboer, Abe de Vries. En mear twatalige bondels lykje op kommendeweis.
Ik moat sizze dat ik wol wat myn twivels haw by dizze twatalige trend.
Fansels, de dichters hoopje dat har Fryske wurk mei Hollânsk derneist in grutter publyk berikke sil. Se binne aktyf yn in fermidden dêr’t net elk like fertroud is mei it Frysk, en wolle dizze minsken ûndertiteling biede by har poëzij. Wylst foar de ien de Fryske ferzy de haadsaak is, binne der guon Fryske dichters dy’t harren wurk yn beide talen as lykweardige artistike uterings sjogge. Se wolle sawol Frysk- as Nederlânsktalich dichter wêze.
Binne Frysk en Hollânsk foar dizze dichters wol echt lykweardich? In betekenisfol foarbyld dat de beide talen foar de dichter net symmetrysk binne, is de bondel De Trektocht (2010) fan Albertina Soepboer. Dêryn steane fersen yn it Nederlânsk en yn it Frysk. By de Fryske gedichten stiet in oersetting yn it Nederlânsk, mar by de oarspronklik Nederlânske gedichten is der gjin Fryske oersetting. ‘Dat hoecht ommers net, want…’, sille jo faaks sizze. Ja, want Frysk heart him no ienkear te ferûntskuldigjen foar syn ûnfersteanberens: it is risiko genôch dat de dichter derfoar útkomt neist it blykber folle heger oanskreaune Nederlânsk ek Frysk te dichtsjen.
Albertina Soepboer har De Trektocht is in behoarlik tsjokke bondel, mei 143 siden. In twatalige bondel hâldt yn: twa kear safolle papier. It makket de boekjes djurder. It leveret dichtbondels op mei in foar de helte oerstallige ynhâld – foar lêzers dy’t it Frysk wol kundich binne.
Binne dichters dy’t goed wurk skriuwe yn it Frysk tagelyk ek goede dichters yn it Hollânsk? Is in Frysk gedicht sa ien op ien om te setten nei in Hollânsk gedicht dat as keunstwurk op itselde nivo stiet as it orizjineel? – Ik tink dat der ûnderskat wurdt hoe ferskillend oft it skriuwen yn beide talen is. Neffens my binne je as Fryske skriuwer wolle bewuster dwaande mei de taal, mei it wrakseljen mei it Frysk, mei it wurkjen mei folle mear registers yn it taalsysteem as dat de sljochtweihinne Nederlânske skriuwer dat docht. Yn proaza jildt soks al hielendal, mar Standertnederlânsk is dochs eins mar in sloppe skoalletaal dêr’t men yn wend is fuort te sensuerearjen wat perifear is. As je as Fries Nederlânsk brûke, wolle je ornaris net ‘Frysk’ lykje, sille je weilitte wat dêr yn it kulturele en yntellektuele sintrum te útwrydsk liket, te plat, te âldfrinzich, te agrarysk, te regionaal.
Wa’t echt simultaan dichtsje wol, sil him ynhâlde moatte. It resultaat is Frysk dat sa makke is dat it him goed oersette lit, as in ideale tekst om te ‘trensleten’. Earmoediger Fryske poëzij, dy’t bewust net it hiele potinsjeel fan de taal brûkt, leit dan yn it foarútsjoch.
Foar wa’t it bieden fan in oersetting net mear is as ‘ûndertiteling’, kin better net, lykas Sytse Jansma yn syn As nomaden yn tinten te plak (2015) die, de Nederlânske ferzy der krekt itselde as it Frysk útsjen litte. Hâld de útlis leaver beskieden, yn lytsere letters, griis printe, yn ’e marzje dêr’t de helpmiddels thúshearre. Hoechst de oersette wjergader net perfoarst as ‘poëzij’ te presintearjen. Kinst faaks ek kieze om allinnich yn in taheakke de ‘drege wurden’ yn dyn Fryske fersen ta te ljochtsjen (yn oare lytstalige literatueren is soks hiel gewoan).
It giet my lykwols om mear as dat miskien de Fryske lêzer him bekocht fielt mei ‘Fryske’ dichtbondels dy’t foar de helte yn it Hollânsk binne. Hoe’n autonome keunstfoarm is Fryske poëzij noch, wannear’t der hieltiten in wjergader neist moat? – Yn krekt dy iene taal boppedat, dy’t it alle dagen kreatyf brûken fan it Frysk it meast beheint. De konkurrearjende taal dy’t je as 21e-ieuske Fryske skriuwer no krekt hieltyd foarby moatte om noch echt ta it Frysk troch te kringen.
Ja, it is sneu dat der miljarden minsken op ierde gjin Frysk kinne. Mar ast as dichter wolst dat dyn wurk om utens ferstien wurde kin, kinst likegoed diskreet in Ingelske oersetting neist dyn Fryske fersen pleatse. Moatst net miene dat dy wjergaders krekt sa’n literêre wearde ha as dyn orizjinelen, want it Ingelsk is no ienkear ek mar in beheind taaltsje. In ynternasjonaal bargedútsk, mar yn alle gefallen ynternasjonaal. It is better om te stopjen om dy as dichter yn dyn bondels tsjinstber ‘twatalich’ te ferhâlden ta it Nederlânsk. Stap gewoan oer Hollân hinne, dêr’t se dyn Frysk dochs as perifeare folkloare leechlizze, en set dy op eigen krêft oer de wide wrâld yn.